woensdag 12 juni 2024

'Hy seach op 't doel en gyng syn gong'

 Utjouwer Johannes Jans Kuiken (1860-1936) as Georgist


Doe’t Domela Nieuwenhuis op 21 april 1890 fiiftûzen stakende feanarbeiders út de Tynje, Beets en Nijbeets taspruts, wie myn oeroerpake fan memmekant, ‘lytse’ Sjoerd de Vries (1866-1951), boerearbeider yn ’e Biltse Westhoek, presint. Tegearre mei syn maat Gerrit de Jong (1866-1939) fan Sint Anne wie er de moarns al ierebetiid ûnderweis. Se rûnen op klompen fan it Bilt nei Nijbeets, inkeld mar om ‘ús Ferlosser’ te hearren. In healjier earder, op 27 oktober 1889, wie yn in herberch yn ’e Westhoek it earste lânarbeidersfakbûn fan Nederlân oprjochte, Broedertrouw. Yn it bestjoer siet neist foarsitter Germ van Tuinen en aksjelieder Jan Stap ek Jacob Willems Louwenaar (1852-1927), in omke fan myn oerpake fan memmekant Jan Louwenaar.

Gjin wûnder, liket my, dat it ‘reade Bilt’ altyd myn bysûndere belangstelling hân hat. Ien fan de sintrale figueren yn dy skiednis is de boekhanneler, printer en útjouwer Johannes Jans Kuiken (1860-1936) fan Sint Anne. Kuiken wie ein njoggentjinde iuw net inkeld in pylder fan de Biltse arbeidersbeweging, mar ek in belangrike fersprieder op nasjonale skaal fan revolúsjonêre ideeën oer lânnasjonalisaasje. Yn dit opstel wol ik in portret jaan as oanfolling op eardere notysjes fan Kees Kuiken (2010; 2013; 2017) en Johan Frieswijk (1990). Ik brûk dêrby in pear eigen oantinkens oan Biltse foarâlden as couleur locale en in eksploraasje fan Kuiken syn publikaasjefûns as grûntoan.   

‘En dan mar sjonge’

Oeroerpake lytse Sjoerd de Vries wie letter gernier en anargist. Fan sosjalisten – ‘dy ferrekte proletariërs’ – moast er neat hawwe. Dy wjeraksel sil syn achtergrûn wol hân hawwe yn it ferrinnen fan de grutte lânarbeidersstaking op it Bilt fan 1890-1891. It oerlean gie in pear sinten omheech, mar fierder feroare der net folle. Myn oerbeppe Sijke Louwenaar, dochter fan Sjoerd de Vries en Attje van Dijk, hat faak ferteld hoe’t se al as famke op knibbels op it lân lei. En de boerinne mei har gouden earizers mar achter de dyk wei gluorkje oft de bern wol iverich genôch ierdappelsochten. ‘En dan maar zingen van ’s morgens vijf tot ’s avonds zes’, sei myn oerbeppe yn 1967, doe’t in tal folkslietsjes út har mûle optekene waard troch it Amsterdamske Meertens Ynstitút, te witten ‘Daar waren eens twee koningskinderen’, ‘Vaarwel geliefde Rosalijn’ en ‘Sta toe dat ik mij hier verschuil’.

Dat lêste wie in anargistysk spotliet op de jacht dy’t de plysje yn de jierren nei 1900 makke op de bandyt Frans Rosier, bynamme ‘Haarlemsche Frans’, dy’t mar hieltyd út ynrjochtingen en finzenissen ûntsnapte:

Sta toe dat ik mij hier verschuil 
Maar voor een ogenblik 
Politie zit mij achterna 
Dat is voor mij een schrik 
Ben Frans Rosier, maar schrik maar niet 
Ik ben een flinke guit 
Voor wie me aan ’t gerecht verklapt 
Maar ik lach ze allen uit!

In oare dochter fan Sjoerd, Sjoukje, troude mei in soan fan har heit syn maat Gerrit. Dy soan wie typograaf Jacob de Jong, dy’t yn ’e Twadde Wrâldoarloch yn Grins fersetsbledsjes printe, troch de Dútsers oppakt waard, yn konsintraasjekamp Neuengamme bedarre en op 9 maaie 1945 yn Sweden ferstoar, 41 jier âld. Jacob syn broer Dirk wie yn 1935 ien fan de twa oprjochters fan De Bildtse Post. Jacob en Dirk de Jong hiene it fak fan lettersetter leard yn de printerij fan Johannes Kuiken yn Sint Anne, dy’t oant 1922 de Bildtsche Courant útjoech. Dat jier giene krante en printerij oer nei Kuiken syn wurknimmer Adolf Hoekstra, dy’t oant 1963 trochsette soe mei it blêd.

‘Brief aan alle Bildtkerts’

Johannes Jans Kuiken (1860-1936) kaam yn 1880 yn it bedriuw fan syn heit Jan. Dy hie yn Sint Anne in printerij en in boekhannel en doe’t yn 1869 it deiblêdsegel derôf gie, wie er dalik mei de Bildtsche Courant úteinset. De krante, dy’t twaris yn ’e wike ferskynde, hie ynearsten in liberaal-frijsinnige sinjatuer. Mar Johannes hie mear each foar de need fan de arbeiders krigen as syn heit en joech dêr fan it ein fan de tachtiger jierren ôf hieltyd mear omtinken oan.

As begjinpunt kin faaks jilde de troch him skreaune, mar yn 1884 anonym publisearre Brief aan alle Bildtkerts en niet-Bildtkerts, naar anlaiding van ’e slechte tiid, schrewen en op eigen kosten drukke laten deur ’n Bildtkert. In jier letter printe er yn de Bildtsche Courant de foardracht ôf dy’t Domela op 12 april 1885 yn Sint Anne holden hie; in foardracht dy’t dalik dêrnei ek as boek (Algemeen stemrecht) fan de parse rôle. ‘Laat ons niet wachten op een verlosser (verlossers zijn er al zoveel geweest), wij hebben grote behoefte aan verlossing en die moeten wij onszelf verschaffen’, hie de reade messias de Bilkerts meijûn.

It broeide fansels op mear plakken yn Fryslân, dat hurd troffen waard troch de Grutte Agraryske Krisis. Yn dyselde jierren (1884-1885) rekke yn Ljouwert kranteman Oebele Stellingwerf fan it Friesch Volksblad ûnder de yndruk fan de Amerikaanske ekonoom Henry George (1839-1897), dy’t opfallende pleiten skreau foar it nasjonalisearjen fan ynkomsten út grûnbesit. In ‘single tax’ soe dan oare belêstingen ferfange kinne. Yn it Volksblad diskusearren in Piet Ploeger en in Jan de Zaaier - nei alle gedachten beide skriuwersnammen fan Stellingwerf sels - omraken oer syn wurk.

Hat dy skriuwerij Kuiken oansprutsen? Tusken 1890 en 1900 jout er it iene nei it oare striidskrift út fan saneamde ‘Georgisten’. Sa ferskine yn Sint Anne boeken en boekwurkjes fan Anne Rauwerda, Jan Stoffel, Michaël Flürscheim en Derk Roelof Mansholt, en yn 1895 ek in ‘nieuwe druk’ van Sociale vraagstukken, in Nederlânske oersetting fan Henry George syn Social problems (1883). Letter sil fegetariër en ûnthâlder Kuiken him benammen talizze op it fersprieden fan propaganda foar de ôfskaffing, mar yn de jierren tweintich jout er opnij in Georgistysk skriuwer de romte. Fan de Wierster ‘reade boer’ Arjen Sevenster (1881-1973) bringt er it wurk Landbouw en maatschappij (1922) op ’e merk. Sevenster komt dan al jierren geregeld by Kuiken thús; hy hat him it paad nei Henry George en ek nei de drankbestriding wiisd.

Arjen Sevenster liedt fan 1938-1941 sels in ‘Henry George-skoalle’ yn Sint Anne, in opliedingsynstitút fan de Georgistyske partij Recht en Vrijheid. Har hiele fierdere libben sille Arjen en soan Siebe Sevenster (1905-1993) besykje om it Georgisme yn Nederlân te fersprieden; de lêste ûnder mear mei it iene nei it oare ynstjoerd brief yn lanlike kranten, oan de ein fan ’e jierren tachtich ta.

As Kuiken syn affêren al oan Hoekstra oerdien hat (hy hat in swakke sûnens), komt de Stannebuurster útjouwerij, grif op syn oanstean, noch mei in brief fan Tolstoj, Over Henry George en diens grondwaardebelasting (1927), en in skriuwen fan de menistedûmny fan Berltsum Luurdo Reinders oan it kristen-sosjalistyske blêd De Blijde Wereld, titele Grondwaardebelasting! Geen socialisatie! (1927).

Patriotten

Histoarikus Kees Kuiken neamt Johannes Kuiken yn syn proefskrift Het Bildt is geen eiland (2013) inkeld yn it foarbygean, as ‘sympathisant van de arbeiders’; yn syn stik oer memoarjekultuer op it Bilt (De Vrije Fries, 2010) is Johannes Kuiken inkeld ‘zeer familiebewust’ en in ferstjintwurdiger fan in ‘vooroorlogs notabelennetwerk dat zichzelf het liefst zag als het oude “Steven Huigensvolk”’. Moai is it koarte profyl yn Van Aartsma tot Zwaluwa. 99 bijzondere personen uit de Bildtse geschiedenis (2017). Earder skreau sosjaal-histoarikus Johan Frieswijk in berjocht yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland 4 (1990), mar al mei al liket in speurtocht nei wat mear detail, kleur en biografyske achtergrûn net ûnwolkom.

Oft Johannes Kuiken syn famyljebewustwêzen foaral te krijen hie mei syn besibbens oan de Wassenaar-clan en de earste Hollânske ymmigranten op it Bilt, liket my bygelyks gjin útmakke saak. Het Bildt is geen eiland jout rom omtinken oan de fûl-patriottyske boer Dirk Cornelis Kuiken, yn 1795-1796 provinsjaal represintant yn de Steaten-Generaal en lid fan de Nasjonale Gearkomste yn Den Haach, mar de netwerkstúdzje meldt dan wer net dat dy Dirk Cornelis Kuiken in omke wie fan in oerpake. Dy oerpake wie Jan Jans Kuiken (1773-1844) út Sint Jabik, dy’t as earste luitenant yn 1799 fochten hat tsjin de Ingelsen bij Starum, de Jouwer en Harns, yn 1805 boer waard oan de Nijebiltdyk boppe Sint Anne en de boeken yngien is as patriottysk bestjoerder, adjunkt-maire fan Sint Anne (1813-1814) en stichter fan in legere skoalle oan de Aldebiltdyk (1812).

Syn demokratysk sin sil er sûnder mis oerdroegen hawwe oan syn soan Johannes Jans Kuiken (1807-1871), de pake fan ús man. Dy is earst keapman, mar fan it midden fan de tritiger jierren ôf stiet er yn de papieren as mr. bakker. Hy sil net min buorke hawwe yn Sint Anne; nei syn dea wurdt syn besit ferkocht, dat dan bestiet út ‘een huis met broodbakkerij’ (3000 gûne) en boulân (2000 gûne). Op syn begraffenis wurdt er ûnder mear priizge om syn ‘vrijzinnige denkbeelden’, alsa Kuiken yn Van A tot Z.

Tûke sakelju

Bakkerssoan Jan Kuiken (1833-1898), Johannes syn heit, wurdt troch Johan Frieswijk wat misliedend ‘een bakkersknecht’ neamd foar’t dy yn 1859 mei in boekhannel úteinset. Yn 1861 folget in printerij en yn 1869 de Bildtsche Courant. Yn de ekonomyske bloeitiid op it plattelân yn de jierren sechstich en santich giet it de firma Kuiken foar de wyn. Jan Kuiken moat in tûk en warber sakeman west hawwe, neist syn posysje as oertsjûge frijsinnich tsjerkfâd. Alteast, dat tûke dûkelje ik op út de notariaatsargiven; hy keapet yn 1861 in hûs yn Sint Anne, yn 1872 noch ien, yn 1877 huzen en in cichoreidrûgerij yn Feinsum en Hallum (tegearre mei twa oaren) en yn 1881 in hûs mei timmerskuorre yn Aldsyl. Yn 1874 kin er in hiel nij hûs bouwe litte foar de winkel en de printerij. Ek stiet er gauris fermeld as skuldeasker.

Yn 1883 – de opgeande tiid hat dan west – makket Jan Kuiken syn testamint. Dat feit en it sterk sosjaal-polityk rjochte fûns fan de firma Kuiken fan 1884 ôf betsjutte, liket my, dat Kuiken junior net krekt yn 1890 mar al hiel gau nei syn kommen yn it bedriuw yn 1880 de leie oernaam hat fan syn heit. De ekonomyske krisis lit him al dalik fiele en saaklik sil er it yn de jierren tachtich en njoggentich net hiel maklik hân hawwe. Hy reagearret mei it útjaan fan in protte lytse wurken, faak oerprintsels út blêden, bedoeld foar minsken dy’t it net rom hawwe: syn saaklik doelpublyk is behalve de middenstân ek de arbeidersklasse dêr’t er ideologysk partij foar kiest.

Yn 1891 int er de stipejeften út it hiele lân foar de stakers fan Broedertrouw. Pleatslik is er ek warber as siktaris fan de grutte ôfdieling fan de Bond voor Algemeen Kies- en Stemrecht, en letter as gemeenteriedslid. Ek heakket er oan by nasjonale netwurken. Hy is fan 1892-1897 lid fan it haadbestjoer fan de Nederlandsche Bond voor Landnationalisatie en hy wurdt lid fan it haadbestjoer fan de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Sterken Drank. Fan beide klups jout er tydskriften en losse publikaasjes út.

‘De boekhandel, waarin ook zijn zuster Trijntje werkte,’ skriuwt Frieswijk, ‘verloor klandizie en de drukkerij kreeg minder orders, maar kon deze compenseren met drukwerk van buiten de gemeente’. Yn 1897, as de ekonomyske krisis fierhinne oer is, heakket Kuiken in nije leat ta oan syn bedriuw: hy set útein mei ‘De Friesche Inktfabriek’, nei’t er in inketsaak yn Stienwyk oernaam hat. In grut sukses wurdt it lykwols net; nei 1901 binne der yn kranten gjin advertinsjes mear foar te finen.

De publike saak

Kuiken sil him polityk net oanslute by de SDB, net by de SDAP en net by de VDB; hy bliuwt syn libben lang in frije sosjalist fan it Volkspartij-type. Yn 1891 wurdt er bestjoerslid van de Friesche Volkspartij, wat er oant de opheffing dêrfan begjin 1897 bliuwe sil, de lêste twa jier as siktaris en ponghâlder. It lêste jier wie syn Georgistyske bûnsmaat Oebele Stellingwerf foarsitter. 

Nei de Earste Wrâldoarloch ferflaut de belangstelling yn it lân foar utopistyske ideeën oer grûnpolityk en komt der ferdieldheid ûnder de lânnasjonalisearders. In groep wol ta op de foarming fan lokale assosjaasjes en fersmyt privaat lâneigendom alhiel, de oare groep (mei Sevenster en Kuiken) hâldt fêst oan de ‘single tax’ ideeën fan Henry George. Yn 1926 heart Johannes Kuiken by de oprjochters fan in nije beweging, de Bond tot Hervorming van de Grondeigendom dy’t ûnder lieding fan Daniël de Clercq en Arjen Sevenster komt te stean. Tink dêrby oars net oan tûzenen leden; miskien al mei al in fiifhûndert, de measten wennen yn it noarden fan Fryslân, Ljouwert en Grins.

Weromsjend liket it as komt der gjin ein oan de ynset fan Johannes Kuiken foar de publike saak. Oan ús ferskynt er net as in Biltse patrisiër, mar as in sosjaal belutsen geast dy’t foar eigen rekken wurk makke fan syn oertsjûgingen oangeande in bettere en earliker maatskippij. Dat koe er dwaan op de stevige basis fan in famyljebedriuw-mei-úthâldingsfermogen en behalve in sterke Bilt-sinnige ek in sterke liberaal-frijsinnige famyljetradysje. Syn namme sil it meast ferbûn bliuwe mei de lânkwestje. As printer en útjouwer fan Georgistyske literatuer hat syn firma op nasjonale skaal in rol spile, neist útjouwerijen as W. Hulscher yn Dimter, H.D. Tjeenk Willink yn Haarlim, Joh. G. Stemler yn Amsterdam en S.L. van Looy yn Amsterdam. Dy bedriuwen joegen de earste Nederlânske oersettingen fan wurk fan Henry George út, mar in protte praat oer dat wurk rôle fan de parse yn Sint Anne. 

In prinsipjeel, mar ek praktysk, sympatyk, beskaafd en belêzen man, sa beskriuwt Frieswijk him. Idealistysk, fêsthâldend en rjochtlinich binne wurden dy’t ek opkomme meie. Op Johannes Jans Kuiken hiene de rigels slaan kind dêr’t Waling Dykstra syn anonym publisearre gedicht ‘My tinkt’ mei einiget. It fers ferskynde yn it Friesch Volksblad fan 9 novimber 1884 en stiet ôfprinte dalik nei de earste brief fan Piet Ploeger oan Jan de Zaaier. Ik lês it as in oanmoediging om in idealistyske saak te bepleitsjen, mar ek as in warskôging dat soks lang net altyd tafalle sil: 

‘Wêr’t ea de moed en krêften sakken, / Wa’t ek de holle hingje liet, / Him gyng de moed net nei de hakken: / Wat men him foar de skinen smiet, / En hoe’t de skoech him soms ek twong, / Hy seach op ’t doel en gyng syn gong.’

 

Aldsyl, 12 juny 2024

 

Bylage: selektive fûnslist


Flürscheim, Michael [1844-1912]. Pabst und Sozialreform (St. Anna Parochie, 1891) (Bron: NvdB 58-64, 11-8-1891)

Flürscheim, Michael. Open brief aan Zijne Heiligheid Pauls Leo XIII. Uit het Duitsch. Uitgegeven van wege den Nederlandschen bond voor landnationalisatie (Sint Anna Parochie, 1892) (Bron: NvdB 59-12, 9-2-1892)

Flürscheim, Michael. Individualisme en socialisme, of de werkelijke betekenis van het grond-vraagstuk. Uit het Engelsch vertaald door J.J. Duijntjer. Nagezien, onder toevoeging van aanteekeningen door J. Stoffel (St. Anna Parochie, 1892) (Bron: NvdB 59, 4-10-1892)

George, Henry. Sociale vraagstukken. Nieuwe druk. Vert. J. Stoffel (St. Anna Parochie, 1895)

[Kuiken, Joh.]. Brief aan alle Bildtkerts en niet-Bildtkerts, naar anlaiding van ’e slechte tijd, schrewen en op eigen kosten drukke laten deur ’n Bildtkert (St. Anna Parochie, 1884) (Bron: NvdB 51-91, 24-10-1884)

[Kuiken, Joh.] Groote vooruitgang – maar blijvende armoede (St. Anna Parochie, 1927) (Bron: NvdB 94-33, 26-4-1927)

Mansholt, D.[erk] R.[oelof] [1842-1921]. Mijne zelfverdediging. Een antwoord op de aanvallen van de Redactie van ‘Recht voor allen’ (St. Anna Parochie, 1892) (Bron: NvdB 59-12, 9-2-1892)

Mansholt, D.R. Internationale arbeidsverdeeling en de prijsvorming van het broodkoren (St. Anna-Parochie 1896)

Nieuwenhuis, Ferdinand Domela. Algemeen stemrecht (St. Anna Parochie, 1885) (Overdruk uit Bildtsche Courant; voordracht gehouden 13 april 1885 in St. Annaparochie)

Oppenheimer, F. De toekomst der Liberale Partij (St. Anna-Parochie, 1901)

[Rauwerda, A.[nne Melles] [1859-1945]. [Veritas] Dekt de vlag de lading? Een woord over verbetering van maatschappelijke toestanden, naar aanleiding van het oprichten van Boterfabrieken (St. Anna Parochie, 1886) (Bron: NvdB 53-34 (27-4-1886)

Rauwerda, A. Het wetsontwerp Van Houten en de landnationalisatie (St. Anna Parochie, 1890) (Bron: NvdB 57-56, 15-7-1890) (overdruk uit ‘De grond aan allen’; 15 p.)

Rauwerda, A. De toestand van de arbeiders in Friesland. Uitslag van het onderzoek van de Volkspartij. 2 deeltjes (St. Anna, Parochie 1890-1891)

Rauwerda, A. De werking van het privaat- en van het gemeenschappelijk grondbezit (St. Anna Parochie, 1891)

Rauwerda, A. Armenzorg en gemeentegrondbezit (St. Anna, Parochie 1892)

Rauwerda, A. Scheikunde voor den jongen landbouwer (St. Anna Parochie, 1895) (Bron: NvdB 62-6, 18-1-1895)

Rauwerda, A. Red. Grond en arbeid. Maandblad ter aanbeveling van het gemeentelijk grondeigendom. Jrg. 1. (Bron: NvdB 61-1, 3-1-1894)

Rauwerda, A. Het gebruik der armengelden (St. Anna Parochie, 1895)

Rauwerda, A. De Heer Treub en landnationalisatie. Beantwoording van een viertal in het Sociaal Weekblad verschenen artikelen (St. Anna Parochie, 1895)

Rauwerda, A. Hoe tot gemeenschappelijk grondbezit te komen, hoe het te gebruiken? (St. Anna Parochie, z.j.)

Reinders, L. Grondwaardebelasting! Geen socialisatie! Open brief aan de redactie van het religieus-socialistische weekblad ‘De Blijde Wereld’ (St. Anna Parochie, 1927) (Bron: NvdB 94-33, 26-4-1927)

Sevenster, A.[rjen] [1881, Stiens - 1973]. Landbouw en maatschappij (St. Anna Parochie, 1922) (Bron: NvdB 89-37, 9-5-1922)

Stap, Jan A. [1859-1908]. Het ontstaan en de werking der vereeniging ‘Broedertrouw’ te St. Jacobi-Parochie. Aan ’t volk verteld (St. Anna Parochie, 1891) (Bron: NvdB 58-44, 2-6-1891) (Overdruk uit Friesch Volksblad)

Stellingwerf, Oebele. It húsbisiik by Goasseboer. Blyspil yn ien útkomst (Utjown for rekken fen de skrjuwer) (St. Anna Parochie, 1881) (Bron: Brinkman’s Alphabetische Lijst, 1-1-1888)

Stoffel, J.[an] [1851-1921]. Landnationalisatie. Antwoord aan de Protestantsche Noordbranter (St. Anna Parochie, 1894) (Bron: NvdB 61-29 (6-4-1894)

Stoffel, J. Op den verkeerden weg (St. Anna Parochie, 1899) (Bron: NvdB 66-34, 28-4-1899)

Stoffel, J. De toekomst der liberale partij (Sint Anna Parochie, 1901) (Bron: NvdB 68-34, 26-4-1901)

Tolstoy, Leo. Over Henry George en diens grondwaardebelasting. Een brief aan zijn dochter (St. Anna Parochie, 1927) (Bron: NvdB 94-33, 26-4-1927)

Vlugschriften. Uitgegeven door het Centraal bestuur der Nederlandsche volkspartij (St. Anna Parochie, 1897) (Bron: NvdB 64-74, 14-9-1897)

Volkspartij (De Friesche). Statuten van het friesch comité van de volkspartij (St. Anna Parochie, 1895) (Bron: NvdB 62-9, 29-1-1895)

Wilod Versprille, J.M. [1849-1930]. Algemeen stemrecht, een eisch des tijds! Een woord over en naar aanleiding van de rede van den heer F. Domela Nieuwenhuis, uitgesproken te Stiens (St. Anna Parochie, 1885) (Bron: NvdB 52-35, 1-5-1885)