donderdag 16 juni 2011

Akke Kingma song op Harsta State

                                  Akke Sara Von Goronzy-Kingma
                                  (1937-2002)

Se krige fan Simke Kloasterman en Lipkje Post-Beuckens
mar twa lieten dy’t ta de doar út slûpe, neist it kriezjend
grint op it gers rinne, troch de hôfswâlsingel kringe,
mar it paad nei hûs net fine kinne.

          It hûs dêrst al wennest, Akke.
          Dêrst de pannen fan it dak sjongst
          op dyn alderûnwennichst.

Achter dizze ruten song se ‘Erlkönig fan Schubert
mei in heech Easterbeintumer electric blue deryn
en ‘Dein Angesicht’ fan Schumann, sa wûndermoai,
alle mannen woene mei har trouwe, mei of sûnder bril.

          Mar net yn it tún fan sa’n Adam, Akke,
          net dêr by de sleat, net op it teeterras
          fan dyn net spile ûnhandichheid.

Ik wie der net by, ik slyn fan de appel- en parrebeammen
achter de lytse hûntsjeshage fan Harsta State,
de fûlreade seringen yn de trochdewykse seewyn
binne myn hebbedingen, lykas dy griene Porsche –

          Hjir ha ’k in foto fan dy mei in strik
          yn ’t famkeshier, hielendal “het prinsesje”.
          Se seine al betiid, Akke, datsto goud yn ’e kiel hiest –

in Porsche, dy’t hurder riidt neigeraden men mear
sopranen ferjit. Wa wit hoe’t it ‘Agnus Dei’ dy nacht
as grande dame nei bûten kaam yn Harsta State,
dêr’t de sjauffeur – in ingel foar seare eagen – al wachte?

          Want Akke, dyn namme betsjut:
          sy’t dy’t sjonge mei oer in fee
          sûnder earst Heine te freegjen.





.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten