dinsdag 28 juni 2011

KOLLUM (3): Literêre diskusje? Ideeën frege


No is it ideologysk net sa handich om in stikje oer bedrigings foar de Fryske literêre kultuer te begjinnen mei it memorearjen dat Kneppelfreed dit jier fyftich jier lyn wie, want wat hat literatuer mei taalstriid te krijen en moatte wy dy twa saken net skiede?

It antwurd is: ja, yn dy sin dat literatuer gjin ynherinte ferplichting hat om it mear brûken fan in taal te befoarderjen. Mar ek: nee, yn dy syn dat literatuer – en hielendal de Fryske – wol in funksje hat yn it funksjonearjen fan taal. Foarbyld: sûnder de skriuwer en dichter Gysbert Japiks (lang lyn) hie der tsjintwurdich miskien wol hielendal gjin Frysk mear bestien.

Dêrom is it net ferkeard om te sinjalearjen dat de Fryske literêre kultuer, mei troch tadwaan fan de besunigingen op kultuer, yn dit betinkingsjier miskien wol faaier stiet as yn hokfoar post-Japiks perioade ek. De earste en op koarte termyn meast bedriigjende ûntjouwing komt fan bûten. It is de ôfnimmende finânsjele stipe dy’t Fryske útjouwers krije kinne fan it Nederlands Letterenfonds foar literêre útjeften yn it Frysk. It giet dan om poëzij, mar ek om tydskriften. Op het Letterenfonds wurdt, sa’t it der no hinne leit, sa’n 20 persint besunige troch it regear. Dat betsjut sûnder twifel dat de bydragen fan it Fûns foar boekútjeften – bydragen dy’t dochs al mei sa’n 30 oant 40 persint werombrocht binne de lêste jierren – noch fierder krimpe sille. Yn gewoane taal: der sil minder útbrocht wurde, en der sil minder kwalitatyf goed útbrocht wurde.

Poëzij útjaan is in relatyf djoere business. It boekje moat der kreas útsjen. Der moat in knap stikje papier brûkt wurde. Der wurde mar sa’n 200 stiks fan in útjefte printe. De prizen fan dichtbondels rinne omheech, in 17, 18 euro is al hiel gewoan. Mear as 100 stiks wurde der net gau fan in Frysktalige bondel ferkocht. Poëzij útjaan is foar in útjouwer dus in kulturele taak – jild wurdt der net mei fertsjinne. En it smyt wat prestiizje op, mar och wat is prestiizje yn in tiid dat dichters leger op de maatskiplike ljedder steane as de putsjeskeppers fan de wurkferskaffing?

Hoe’t it Letterenfonds ien en oar opfange sil, wit ik fansels net, mar dúdlik is dat it Fûns ek koartsje moatte sil op skriuwersbeurzen. Hielendal om’t aansens literêre festivals ek faker by it Fûns oanskilje sille foar jild. It Fûns sil op ’e nij prioriteiten stelle moatte, wat yn dit gefal betsjutte moat dat tydskriften en boekpublikaasjes wichtiger binne as beurzen.

De twadde en op langere termyn bedriigjende ûntjouwing komt fan binnenút. Dat binne de sa njonkenlytsen hieltyd opfallender mankeminten oan de literêre ynfrastruktuer te uzes. Ik tsjut hjir benammen op de literêre resepsje fan wurk. Wêr wurde de yngeande stikken publisearre, skôgings, essees, oer nij dichtwurk? Ik soe it net witte: net yn of op ensafh en net yn De Moanne yn alle gefallen.

Ensafh komt der net oan ta of lit jonge skriuwers oefenje op besprekken, en dat is fansels prima, mar it kin gjin ferfanging wêze foar de dregere skôging. Lêstlyn kaam in besprek troch Geart Tigchelaar fan de nijste bondel fan Arjen Hut foarby – in bondel dy’t nochal ôfbaarnd is troch Eppie Dam yn de LC. Dan ferwachtet de literêr ynteressearre lêzer dêr yn in literêr tydskrift dochs wat opmerkingen oer, mar nee.

Bondels moatte gauris in jier wachtsje foar't der wat mei dien wurdt. In goed foarybld is it debút fan Elske Kampen, Fan glês it brekken, sawol yn de LC as it FD bejubele. Ik ha der noch hieltyd neat fan langere azem oer lêzen yn de tydskriften. Myn eigen Sprankeskyn soe ik ek neame kinne (alfêst foar de takomstige skôger: nee, ik bin net ynienen kristlik wurden). Publisearret ensafh leaver resinsjes fan cd's? Hat de redaksje fan De Moanne besletten om mar hielendal gjin skôgjend wurk mear op te nimmen?

Fansels binne der wol redenen te betinken foar de bloedearmoede fan it literêr petear. Gjin minsken, gjin goede esseeskriuwers, gjin jild, gjin romte, oare prioriteiten, ferbreding fan tydskriften, wa lêst soks noch, ensafierderhinne. Allegear wier of heal wier of in ferlechje, mar ien ding stiet as in peal boppe wetter: sûnder refleksje gjin libbene literatuer. Sûnder refleksje dy’t wat om ’e hakken hat, moat ik derby sizze. Ja, der is in sinjalemintsje hjir en in fraachpetearke dêr. Neat mis mei, mar kommentaren en skôgings dêr’t de dichter sels ek wat oan hat, in bondel of in oeuvre op 'e kop hâlde, that’s different cake. En dy cake, sa liket it, is fierhinne op.

Halbe Zijlstra ha we net oan in toutsje. Mar sels omsjen nei nije wegen om de literêre diskusje libben te hâlden, dat kin er net ien ferbiede. Ideeën, immen?





.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten