zaterdag 13 december 2025

Ik bin in Europeaan, mar no efkes net


Al genôch bang makke om aansen in Europeeske belêsting te akseptearjen? Neist alle miljarden dy’t al oan Oekrayne ferklapbûtst binne, of lit ús sizze, oan beskate korrupte kaaifigueren yn dat lân dy’t der goudene skythúskes fan bouwe litten hawwe – dus neist al dy troch jo en my opbrochte bedraggen moatte der noch folle mear pecunia op it kleed komme. Nammentlik om jo ‘Europeaan’ fiele te litten.

Sûnt Trump binne wy ‘Europeaan’ ommers. Noait wat fan bespeurd? Dan is it miskien better om de eagen efkes te iepenjen. Jo mienden grif dat je wrâldboarger wiene, mar dêr sieten je mis mei, jo binne klapfee foar Rutte, Von der Leyen, Starmer, Macron en Merz. Presys: fan it klupke mislearre talking heads dat jo in needpakket oanprate wol foar it gefal de Russen moarn jo bleek besette. ,,We moeten ons voorbereiden op oorlog zoals onze grootouders die hebben meegemaakt”, dixit in pear dagen lyn Rutte, sjef fan in ferdigeningsorganisaasje dy’t der folslein net mear ta docht en dêrom omfoarme wurde moat ta in oanfalsorganisaasje. ,,De duistere krachten zijn weer in opmars."

Neat nijs ûnder de sinne. ,,Europe must get ready foar war”, sei Von der Leyen – sjef fan in uny anneks dievebinde dy’t troch har tadwaan yn slow motion útinoar donderet wylst wy der sprakeleas by stean te sjen – acht moanne lyn al in kear.

It binne hast grappige útspraken. Mei yn ’e achterholle de wittenskip dat ‘wy’ gjin leger fan betsjutting, gjin marine om oer nei hûs te skriuwen en gjin strieljager mei funksjonearjend rolroer mear oer hawwe. Mar gelokkich hawwe Rutte en Von der Leyen it ‘morele gelyk’ oan har kant. Miene se. Dus ha se de lêste fjouwer jier oars net dien as alle dagen sûnde sûnde en skande skande roppe tsjin it ‘autokratyske’ Ruslân dat it ‘demokratyske’ Oekrayne oanfallen hat, unprovoked, ik werhelje: unprovoked.

Dy oanfal, dat wie noch yn ’e tiid fan Biden, de senile freon fan alle wrâldboargers. Biden c.s. hawwe yn Kyiv in coupe op tou set om in neutraal mar djip ferdield lân te feroarjen yn in slachfjild – en in oar dêr de skuld fan te jaan. ,,Fuck the EU”, sei Victoria Nuland yn 2014, wêrnei’t it grutte deablieden begjinne koe. Nei Angela Merkel, Annalena Baerbock, Ursula von der Leyen, Kaja Kallas en Femke Wiersma alwer sa’n suksesfolle ‘sterke frou’ dêr’t je fanwege harren alle dagen yn ’e parse útsutele goede bedoelingen gjin krityk op ha meie, mar dy’t fan har wurk likegoed in bibelske binde makke hat.

Okee, sei destiids Angela Merkel. Okee, sei destiids Francois Hollande. Okee, sei destiids Mark Rutte, doe noch gewoan de fûgelskrik fan Den Haach en omkriten. In echte diplomaat, dy Rutte fan ús. ‘Soms moat “daddy” efkes “strong language” brûke, sei er fan ’t simmer leafdefol grapjeiend tsjin Trump. Sûnt is it sjerpstriken rjochting Washington aardich belune. Trump, wat je fierder ek fan de ferskriklike man fine meie, hat it ‘Project Ukraine’ fan syn foargonger op in pypfol en wol de stekker derút lûke. Grut gelyk. Ien probleem: frede, dat is bûten it oarlochssuchtige Europa rekkene.


Want Sniewytske en de 27 dwergen fan de EU hawwe al har politike kapitaal set op in just and lasting peace yn Oekrayne, dy’t neffens har inkeld oer it minskdom komme sil as Ruslân de troch ûnderskate foargongers fan Trump feroarsake oarloch ferliest. Dat soks hielendal noait barre sil, is gjin probleem. Want dêr giet it net om. It giet derom de fiksje fol te hâlden dat ‘Europa’ moreel gelyk hat mei syn yntusken astronomyske stipe oan fallyt Kyiv; it giet derom jo en my yn te piperjen dat ‘wy’ Europeeske übermenschen binne, en dat de barbaren dus nei ús harkje moatte.

No’t Trump ús krekt bombardearre hat mei in 33 siden tellende nije National Security Strategy (NSS) is de hikke hielendal fan ’e daam. It wurd ‘Europe’ komt der 39 kear yn foar, benammen yn problematyske sin. Europa hat in protte praatsjes mar in bytsje wapens, it beheint de frijheid fan mieningsutering, it ûnderdrukt krityk op de EU, it docht te min om ymmigraasje te beheinen, de ekonomy fan syn lidstaten rekket achterop, it is net yn in posysje om mei Ruslân te ûnderhanneljen.

Unnedich te sizzen dat dat allegear wier is. Entree Donald J. Trump, dy’t fan doel is gear te wurkjen ‘with aligned countries that want to restore their former greatness’. Op in wize dy’t foardielich is foar de United States, obviously. Yn Azië, alsa de nije NSS, ‘we should aim to restore a military balance favourably to the United States’, en dêrneist ‘to restore American economic independence’ en ‘to restore American preeminence in the Western Hemisphere’. Dus sûnt koart sjitte se yn har ‘achtertún’ drinkelingen dea dy’t om help roppe om’t it earste salvo oarlochsmisdieden har boatsje nei beppe kelder stjoerde.

It is ‘restore’ foar en ‘restore’ nei. No’t de wrâld tanksij de opkomst fan Ruslan, Sina en Yndia definityf in multipolar world wurden is, besiket de Amerikaanske elite syn kolonialisme op in oare manier fuort te setten. Op it foarste plak betsjut dat it útskeakeljen fan Europa as kapitaalkrêftige konkurrint (sjoch it kreëarjen fan oarloggen yn Europa; sjoch it opblazen fan NordStream). Op it twadde plak betsjut dat in konfrontaasjekoerts vis-à-vis Sina (lang libje Taiwan). En op it tredde plak betsjut dat – sûnt koart – it neistribjen fan ‘strategic stability’ yn de ferhâlding mei Ruslân.

It earste en it twadde dogge wy in Europa leau ’k net hiel muoilik oer, dat hat de parse ús blykber al ôfleard. Mar it tredde… dat giet yn tsjin de morele superioriteit– ús eigen koloniale erfenis – dy't wy twangmjittich etalearje. Net inkeld as it ússels útkomt, mar ek as wy it morele gelyk miskien wol net, of lang net, of sis mar hielendal net oan ús kant hawwe. Is dat bline moraalridderjen op kosten fan mear as in miljoen deaden wat Europeanen ta Europeanen makket? Mar dan bin ik leaver gjin Europeaan.

En ik bin al leaver gjin Europeaan as ik sjoch hoe’t de boppe ús stelden besykje om 210 miljard euro oan oarmans jild te rôvjen, om’t se oars poerneaken stean mids har eigen, oeral buorkundich makke nuvere yllúzjes dy’t se nota bene foaral op Amerikaansk oantrunen fabrisearre hawwe. De EU ûnder Von der Leyen en konsorten is mei iepen eagen yn it Amerikaanske swurd rûn. Dat stekt my, as Europeaan.


Net ta myn stomme ferbazing set de neffens eigen sizzen belangrykste krante fan Nederlân,
NRC, syn anty-Russyske kampanje gewoan troch, ik tink út gewoante of út dommens, ien fan beiden of allebeide. ‘Door de Amerikaanse opstelling worden veiligheidskwesties acuut’, skriuwt de yndoktrinearre kommentaarskriuwer fan ’e kwaliteitskrante, dy’t noch altyd net foar ’t snotsje hat dat er soks yn 2008 skriuwe moatten hie. Doe’t de NAVO op Amerikaansk oantrunen, mar tsjin de doedestiidske winsk fan Dútslân en Frankryk yn, stipelearre dat Oekrayne en Georgië op termyn lid wurde moasten.

Yn 2014 wie der wer in kâns, doe’t troch Amerikaanske masinaasjes it wettich en neutraal regear fan Oekrayne kontrakonstitúsjoneel ferfongen waard troch in binde ynienen langer net kryptofaksistyske nasjonalisten mei modernisearre SS-tekens op it skouder. Mar ek doe koe de kommentaarskriuwer de korrekte wurden net fine. Nederlân is mar in kikkertlantsje. Wy konformearje ús graach oan wat ús grutte buorlju stimme. En wat te tinken fan april 2022, doe't Biden boadskipjonge Boris de Brit belje liet mei Istanboel om abortus te plegen op in driigjend fredesakkoart?

De kampioen fan ’e Zelensky-dûbele-punt-sjoernalistyk is der wis fan: ‘Nu al deelt Rusland tikken uit, met drones die bovenlangs vliegen of, zoals onlangs in Polen, door treinverbindingen op te blazen en andere sabotageacties.’ Tsja. Hoe’t dy betroubere k**krante dat allegear wit, duuhh, provinsjaaltsjes moatte net safolle fragen stelle. Kwestje fan goede boarnen yn goede earkes. Makket ek net út, it giet derom dat jo in needpakket oantuge en akkoart gean mei hegere definsjeútjeften. NRC: ‘Als de VS de NAVO niet langer willen dragen, wordt de druk om zelf meer te investeren in defensie nog groter.’

Ik bin in Europeaan, mar ik skamje my dea. Lykas jo, as it teminsten noch goed sit mei jo moraal. Ik soe sizze, lit ús foarearst mar gewoan Friezen bliuwe. 


.

zondag 7 december 2025

Behalve dat er wegerje kind hie


Wy moatte inoar ris wat minder please, sei psycholooch Saskia de Bel okkerdeis yn in NRC podcast. Dêrom doar ik no wol sizze dat de gedichten fan de Dichter fan Fryslân my net bêst foldogge.

No bin ik fansels in ‘besprekker’, net in ‘gewoane lêzer’. It kin wêze dat jo en ik fan miening ferskille. Myn miening ferskilt behalve fan dy fan it folk oars ek gauris fan dy fan oare besprekkers. Dat wol net sizze dat jo my leauwe moatte en it folk net fansels. Smaken ferskille ek!

Mar goed, dy gedichten fan Hut. Dy sille ein takom jier wolris in kear bondele wurde tink, en dan komt it einresultaat wol by my op it kranteburo te lizzen. Dan sil ik, yn myn funksje fan de helte fan ’e Fryske-poëzij-yn ’e-krante-besprekkers, der wol wat fan fine moatte op in offisjele manier. Al hielendal om’t immen op ’e Bûterhoeke it samar yn ’e plasse krije kin en beleanje sa’n DfF-produkt mei in ekstraspesjale priis fan de Fryske VVV – dat is ommers alris earder bard.  

Lit my hjir op ’e Feartfisk alfêst efkes oefenje. De gedichten fan de DfF – oft it no om de ferskes fan Sigrid Kingma, Nyk de Vries, Eeltsje Hettinga of Arjan Hut giet, dat is gûl om goarre – binne oer ’t generaal – men moat altyd de nuânse sykje – sa min as strie. Oars sein, dy ‘poëzij’ is in boel strie mar mei in lichte kerl. En as strie en fjoer byinoar komme, dan is der gauris brân. Men lit it each op sa’n gedicht falle en it instantly selfdestructs. Mear as jiske bliuwt der net fan oer.

Tink oan McDonald’s. Je ha der sin oan, it liket lekker. Dat docht de kommersy. Mar je ha de kliemske Big Mac noch net achter de knopen of je ha al gleone spyt fan ’e seis of sân euro dy’t je der tsjin better witten yn oan ferklapbûtst hawwe. En dy’t je better besteegje kinnen hiene oan de streksume dichtbondels fan Abe de Vries. Foar dy priis jout de Afûk je der sels twa of trije stiks!

Om’t ik leaver by de Friezinn yt as by de McDonald’s, dêrom wurdt my yn de dûbele rûnte fan Frysk-nasjonalen en Frysk-kommersjelen wolris oanwreaun dat ik ‘elitêr’ bin en ‘hiërargyske’ opfettingen oer poëzij haw. Se ha grut gelyk. Ik fyn bygelyks dat je in ynpoldere stik greide net beskriuwe moatte as in ‘einleaze see’. Net om’t it in mislik klisjee is, mar om’t in polder no ienris grinzen hat. Ik fyn bygelyks ek dat je better net kuierje kinne ‘ûnder de wjokslach fan de nacht’, want dat dy greidefûgels je dan op ’e kop skite.

Wol sympatyk is in bewyske maatskippijkrityk. Dy polder leit ek ‘ûnder de reek fan de grutte dream’, ik nim net oan dat dêr Ljouwert mei bedoeld wurdt, hoewol’t se dêr altyd wol graach grut dreame meie, nee, ik lês dan in frij freonlik tikje op ’t skouder fan de fillabesitter dy’t syn dreamwente boud hat dalik njonken de ljippenêsten. Okee, it is gjin antyfa. Gjin klap yn ’t gesicht. Ek de besitters moatte ommers yn ’e ferlieding brocht wurde en lês ris in noflik, hoeden, sy it wat behaachsiik, yn alle gefallen posityf einigjend Frysk gedicht.

Om’t wy mar ‘in momint yn in momint’ binne en ‘in weach / yn in weach’ is myn wize fan sjen der mar ien ûnder tûzen. Wat dat oanbelanget soe it yndie moai wêze as der mear besprekkers fan poëzij nei foarren kamen, sa’t Arjan Hut graach wol. Hy bedoelt leau ’k dat mear ‘gewoane lêzers’ ris witte litte moatte soene wat se fan fjouwer tiidwurden op in rychje fine. Faaks dat de Bûterhoeke dêr nochris in aparte website foar bout, in plak dêr’t it earmoedzjend folk foar elk te sjen syn bewûndering útsprekke kin foar dy ‘alles sizzende’, ‘wylde dichters’, dy yllúzjonisten dêr’t yn in earder DfF-gedicht de kafees en hotels op Skier har mei folsûgen by gelegenheid fan in kultureel festival dêr’t ek de DfF yn mei figuerkeseage.

Begryp my goed: ik ha neat tsjin op demokratisearring fan keunst. Krekt oarsom: it soe prachtich wêze as keunst hieltyd gruttere groepen minsken berikke soe. Dêr soe belied foar komme moatte. Mar ik mien te sjen dat de kulturele karavaan presys de oare mooglike ynstek kiest: mei minder(e) keunst mear minsken berikke. Fiele jo it ferskil?

En ik moat dêr dan dalik by sizze: dat ik sels ek dichtsje, hat leau ’k net folle te krijen mei wat ik fan de hjirboppe oanhelle beide lêste DfF-gedichten fyn. As Hut net besprekke wol – hy is nota bene redakteur fan De Moanne – om’t er gjin ‘kollega’s’ op it sear komme wol, dat moat hy witte. Oars wol kreas dat er net de dichter-besprekkers yn it algemien mar himsels as dichter-besprekker yn 'e kiif set. Sels fûn er it yn syn tiid as poëzijbesprekker ‘dreech om objektyf en oardieljend te resinsearjen’, om’t er him in slach yn ’e rûnte workshopte en ‘hast alle kollega’s persoanlik koe’.

Oan freontsjespolityk moat in besprekker him yndie net besûndigje. Yn syn resinsjes sil er op syn eigen ideeën oer poëzij ôfgean moatte en oars nearne op. Literatuer ken gjin kollega’s. Trinus sil it, mei folle moaiere wurden, ek wol in kear sein hawwe. Literatuer is in striid om op papier te krijen wat op papier wêze moat. Al it oare is bysaak.

Moatte je wat fan poëzij ôfwitte om der wat sinnichs oer skriuwe te kinnen, freget Arjan Hut. Wolnee, jout er it antwurd sels mar. Je hoege gjin ‘grutte kennis’ te hawwen om in ‘stevige miening’ jaan te kinnen. Hut wol oare stevige mieningen as dy fan eksperts, of fan beskate eksperts. Dêrom kiest er foar de populistyske flecht nei foarren. ‘Wolle jim minder keunst? Dan krije jim minder keunst!’

Mar okee, sorry, de DfF moat no ienris 'it grutte publyk' berikke, dat stiet yn 'e opdracht dy't Provinsjale Steaten him jûn hawwe. Hy kin it ek net helpe. Behalve dan dat er wegerje kind hie.

.