donderdag 7 juli 2011

Tytsy


*

ik bin in lytse dei
rûn en hoekich tagelyk
wol nimmen de doar
foar my iepen sette?

myn mûle is toar
fan 'e koaledamp
ik bin fergiftige
fan myn eigen lûd

ik bid dy heare -
smyt my in oare dei
yn 'e skurte!


dizze dei hat in
oar lûd om 'e mûle
it is in dei
mei
blommen yn 't hier
en bern op 'e skurte
in laits út it hert
fan 'e stêd
dy't de iere moarntiid
temjitte laket,
en in beam dy't himsels
earne yn it wetter
taknypeaget


dy dei haw ik
de wyn troch it hier waaie litten
en de hân opstutsen:
- nim my mei! -
en lâns de berm haw ik
myn liet songen:
- in liet fan ferliezen -
dochs: yn myn holle
sjonge
de forellen fan Schubert
as in maitydsgroet


(Ut: Underweis nei hûs en oare paden)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten