Reagearje op seedyksterfeartfisk is fan hjoed ôf better mooglik; by de ynstellingen wie wat ferkeards ynfolle. Of sa. Leafst al reagearje ûnder namme; anonime reaksjes dy't my net oanstean bedarje yn it grutte rûne digitale argyf, dat wol sizze, op it tsjerkhôf foar mislearre kommunikaasje (dêr't it al sa drok is.)
Mei groetnis, de haadredaksje
Ris sjen oft it wurket...
BeantwoordenVerwijderenJa, ferduld!
BeantwoordenVerwijderenha @te -:) Wolkom!
BeantwoordenVerwijderenThanx. Marruh... moatst no sels net as ´Anoniem´ reagearje fansels ;-)
BeantwoordenVerwijderenBegjint ek mei in -a
BeantwoordenVerwijderenIn grutte groep minsken en poëzy is in ûnmooglike kombinaasje en dêrmei sil 'crowdfunding de oplossing net wêze.
BeantwoordenVerwijderenIn kollektyf? In manuskript moat ek ôfkard wurde kinne. En dat betsjut algau bargebiten.
Boeken fan Fryslân? De stifting krijt, mien ik, mar foar twa jier jild. En hoe aktyf is men???
Alinne poëzy? Ek in stifting sil útjeften dy' net útkinne kompensearje moatte mei wurk dêr't wat jild oan oerholden wurdt.
Earne wat oan oerhâlde: sawol foar de skriuwer as foar dejingen dy't der in soad tiid ynstekke in punt. In fatsoenlik honoararium soe it útgongspunt wêze moatte.
In skriuwer kin nei it Letterenfonds foar in beurs, mar dan wurde al foarwearden steld oan de útjouwer.
Wêrom soe de Fryske poëzy rêden wurde moatte troch Fryske skriuwers?
@Elske: Hielendal mei dat fetsoenlik honoararium iens. Dat is der no net, en it sil ek net út subsydzjes komme, dêr wurdt allinnich mar op koarte. Mar it punt hjir is de oare finânsiering, net de besteging. Oft soks kâns fan slagjen hat en hoe't it der yn 'e praktyk dan útsjen moatte soe, is yndie fers twa; stof om oer nei te tinken. De poëzij hoecht net rêden troch Fryske skriuwers, dat is wat al te dramatysk. Der is in kultuersitewaasje oan de hân, dy giet elkenien oan. In protte ûntjouwingen dy't om in reaksje freegje; wat is wiisheid?
BeantwoordenVerwijderenAs der gjin reaksjes komme, net op ensafh en net op dit blog of op facebook, net foar en net achter de skerms, dan, dan... hast it antwurd op de fraach wat wiisheid is.
BeantwoordenVerwijderenIt is fansels wol sa dat in groep minsken - dichters/skriuwers foar't neist - sterker weze kin as in ienling. Foaral hjoed de dei der't it kultureel terrorisme fan hegerhan stipe wurdt.
BeantwoordenVerwijderenIT foarbyld hat de KU (Koperative Utjouwerij) west dy't in 40 jier lang wurk utjun hat (70% mei subsydzje) dat oars faaks net ferskynd wie.
We ha sels de hannen brukt, en net allinne om te skriuwen.