woensdag 20 juli 2011
KOLLUM (7): Fryslân 2018 en de kultuerferoaring
Nei in pear try-outs is de spannende reis nei ‘Fryslân 2018’ dan einlings út ein set: mei it Pypskoft, ferline week freed yn… Aldsyl. Sjoch, dat is no moai. Dat jo letterlik ynhelle wurde troch jo eigen, oernommen en oanpaste, ideeën.
De Reis 2018 – ien fan de projekten fan it programma Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 – is te beskôgjen as in útfloeisel fan in idee dat ik yn oktober 2008 nei bûten brocht oer in modernisearre opset foar de (wilens ôfskafte) Sutelaksje. Dat idee, yn syn fierdere útwurking bekend wurden as ‘kulturele karavaan’, is de basis fan De Reis 2018.
Dizze reis giet nei de doarpen ta om de kulturele krêft fan Fryslân sichtber te meitsjen. Tagelyk wurdt der mei de bewenners sjoen nei “maatschappelijke vraagstukken en de vraag hoe je daar in je eigen omgeving mee omgaat”, seit de ynternetsite fryslan2018.eu. Spitich allinnich dat de organisaasje gjin oansluting fûn hat by de nije stichting Boeken fan Fryslân, sadat ek de ferkeap fan Frysktalige boeken meinommen wurde kinnen hie yn de toertocht. Wêrom wurdt dy foar de hân lizzende kombinaasje net lein?
Mar folle moaier fyn ik it om te sjen dat it taaie Fryske minderweardichheidskompleks yn it tinken oer de eigen kultuer oan kant skood wurdt yn de filosofy achter it hiele projekt Fryslân 2018. Ik ha foar in mear selsbewuste en Europeesk ynbêde beneiering pleite yn de ynlieding by myn blomlêzing Het goud op de weg (2008) en yn de esseebondel oer Fryske literatuer Identiteit & kowesturten (2008), ûnder mear yn de essees oer Richard Hugo, Joseph Brodsky en Townes Van Zandt. De basis foar dy oare beneiering leit miskien wol yn de (spitigernôch noait yn boekfoarm publisearre) Sixteen Horsepower Brieven fan Albertina Soepboer en my, dy’t wy yn 2004 publisearre hawwe op Farsk.
It yn essinsje definsive tinken oer in kultuer dy’t him ferdigenje moat tsjin de globalisearring (tink oan it sizzen fan Wadman, Schurer en Tamminga, dat de Tsjerne “zich heus niet blind staat op de navel van de eigen achterlijkheid”) soe omset wurde moatte yn in mear offensyf tinken, nammentlik dat de Fryske kultuer, as kultuer fan in perifere regio yn Europa, krekt dêrom Europa wat te melden hat. Dat wie in boadskip fan Het goud op de weg: “In het ‘Europa van de regio’s’ (..) is de Friese poëzie misschien wel actueler dan ooit. Als poëzie van een minderheidstaal ziet zij zich geconfronteerd met dilemma’s die in alle uithoeken van het oude werelddeel spelen.”
De ‘Strategie van het programma Kulturele Haadstêd – Provincie Fryslân’ fan 2009, te finen op www.fryslân.nl, sei it sa: “Veel van zulke regio’s, zoals Fryslân, liggen in de periferie van de nationale staten en worden daardoor minder snel gezien als belangrijke dragers van cultuur. De regio’s zelf kampen vaak met een Calimero-syndroom ten opzichte van nationale overheden. In het digitale tijdperk is de geografische ligging echter steeds minder relevant. Dit biedt kansen om juist vanuit deze cultureel en traditie rijke gebieden in Europa antwoorden te vinden op vraagstukken waar het gehele continent mee worstelt. Europa is op zoek naar een eigen identiteit en worstelt met de invulling van de gevoelde eenheid in diversiteit. De Friese invulling van het programma Capital of Culture kan nieuwe invalshoeken bieden juist vanwege de meertaligheid en de sterke eigen identiteit van onze provincie. Samen met andere meertalige regio’s kunnen we op zoek gaan naar samenhang in de diversiteit, die kenmerkend is voor de Europese identiteit.”
It giet net mear om de eangstige fraach, oft der yn it grutte kollektyf noch wol plak wêze sil foar “de kleinere organische eenheden”, sa’t Wadman him yn syn ynlieding by Frieslands dichters (1949) ôffrege. En ek is it net mear sa dat wy ús eins in bytsje skamje moatte soene foar ús “gewestelijke kamermuziek” en “boerenpoëzie”. It tinken út it sintrum wei diktearret net langer ús selsbyld. Wy binne der achter kaam dat in grut part fan Europa bestiet út regio’s en dat it perspektyf fan it sintrum net altyd rjocht docht oan dy regio’s, ekonomysk net en kultureel net. De Fryske ûnderfining, de Fryske kultuer mei syn eigen taal en lange tradysje, is net allinnich mar in achterhoedegefjocht yn de eagen fan in Amsterdammer. It is ek in nijsgjirrich en aktueel identiteitsproses yn de eagen fan elke woltinkende kosmopolyt dy’t net yn ien fan de haadstêden fan Europa wennet.
Yn Identiteit & kowesturten ha ik de Texaan Townes Van Zandt as foarbyld brûkt: “En dochs wurde út dizze marzje wei nijsgjirrige en autentike waarnimmingen dien oer hoe’t de wrâld en de minsken yninoar stekke. Townes Van Zandt syn muzyk is in kontrapunt fan krityk op in groeiende nepwrâld fan beton, glês en grut jild. As men yn ’e ferlieding komt en meitsje in ferliking mei Fryske poëzij, dan is dat likegoed in keunstfoarm dy’t troch syn relative (talige en geografysk-mentale) isolearring de pretinsje bewarre hat om eigen paden te rinnen. Sawol yn americana as yn Fryske poëzij liket it in spultsje fan belang en kom út in beskate net-ûnproblematyske eigen identiteit wei ta oare oplossingen as dy’t de ‘mainstream’ kenne wol. Oplossingen dy’t troch ‘it sintrum’ negearre, oan ’e kant skood of op syn heechst tolerearre wurde.”
Kertiermakker Henk Keizer follet it konkreet yn op www.fryslan2018.eu: “In veel Europese gebieden leven dezelfde thema's: bevolkingskrimp, druk op water en landschap. We leggen dan ook contacten met vergelijkbare regio’s, zoals Baskenland en Wales. Het zou fantastisch zijn als de Europese oplossingen voor de waterschaarste en bevolkingskrimp uit Friesland komen.”
Sa is it. Ik ha dus mei leafde in pear gedichten foarlêzen yn it Pypskoft, in strjitte fierder as dêr’t ik wenje, yn Aldsyl.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
San Sebastian wurdt yn 2018 kulturele haadsted fan Europa. Frede is it biedwurd, en dan yn de trije talen dy't hjir praten wurde - Spaansk, Baskysk en Fransk. De hele regio fan Biarritz oant Bilbao docht mei.
BeantwoordenVerwijderenIt allinne kontakt sykjen mei Baskenan en Wales is wat earmoedich, tinkt my. De Basken binne noch slettener as de Friezen, en hawwe yn myn underfining gjin ynteresse yn butenlanners. Oare gebieten yn Europa liene har better foar kontakten.
It nasjonalisme fan de Basken tsjuget fan in beheinde koartsichtige tinkwrald. Fryslan soe dat oars dwaan moatte - gearwurkje mei de East-Fryslan, Denemarken en Dutslan.
Ik wenje hjir yn Fransk Baskelan no 12 jier. Ik haw noch nea in kreatyf idee fan de Baskyske nasjonalisten sjoen. De hjir troch Fryslan parasjutearre Durk Gorter sil him yn syn minderheidssel wol goed fiele, mar ik tink net dat hy op hokker wize ek in posityf idee ha kin foar de Fryske kulturele haadsted.
De eask sil weze moatte - iepenheid, romte, meartalichheid en de eigen nale ferjitte. Lit Wales en Baskenlan falle, gean it noarden fan Europa yn.
Sorry, it is 2016
BeantwoordenVerwijderenLeuk en aardig allemaal. Met de ratio zit 't wel goed. Ik mis alleen het oprechte gevoel van de kunstenaars; alleen zij kunnen signaleren; met ideeën komen en uitvoeren.
BeantwoordenVerwijderenBenader de ambitie niet met de ogen van politici en platformdenkers. Zij hebben hun eigen agenda's. Alleen kunstenaars zijn in staat harten te raken en handen in beweging te krijgen.
newspeak?
BeantwoordenVerwijderen