zondag 3 juli 2011

Opgraving yn Furdgum

                                                 “Yn syn wurk beskriuwt Krol it isolemint
                                                 dêr’t de dichter yn ferkeart omdat it ynstrumint
                                                 dat er ta syn foldwaan hat, de taal, net oer de wurden
                                                 beskikt om de oare te berikken.” (Tresoar)


Myn skeppe stiet der noch. Tilt it yn ’e grûn
op fan fynsten, ik fyn inkeld modder.
De Furdgumer bus riidt op tiid en oere.
Wa hat by syn lêste halte in reizger fûn?

Dichtsjen is in ûnsichtber wat-docht-er?
In ûnbestelber kaartsje ferstjoere.
Goud út wurden hat noait in dichter wûn.
Wat finerslean foar in master oan de lodde?

Koehoalster wolkens,
de kluts kwyt boppe see.
Froast om ’e noas,
mar de winterjûn sil spegeljend
blikkerje it lyts hjir-bin-ik fjoer.
In ûntwyk. Untsiferje my,
lis my bleat yn myn rigels, Roel –

Mei groetnis

Ien, twa fersen, opdold út in einige samling,
ien, twa brieven, opdûkele út elk syn eigen libben.
De postrinner komt de auto net mear út.
De molkman docht earne oars syn ding.

Te wachtsjen op in antwurd fan dy ferdommeling
leit ûnder weiwurden fleis op ’e ribben
yn ’e graafput myn útbiten iensume snút.
Fossilen fan fjoer krije gjin kaartsjes werom.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten