donderdag 28 juli 2011

In ûnnoazel Keamerlid út Fryslân


Betty de Boer (39) is Twadde Keamerlid foar de VVD. Se komt út Surhústerfean en wie jierrenlang riedslid yn Grins. “In de Kamer heeft ze onder meer volkshuisvesting in portefeuille,” wurde wy út de LC gewaar(woansdei 27 july, s. 9). Krimp is neat om jin drok oer te meitsjen, fynt se.

“Lossere bouwregelgeving, afstappen van permanente bewoning en gemeenten vrij laten in de besluitvorming hieromtrent. Dat zijn volgens De Boer manieren om met de krimp om te gaan. Ze is niet bang voor leegloop uit kleine Friese dorpen met weinig voorzieningen. ‘Die kunnen een uitvalsbasis worden voor Randstedelingen. Zij zouden hier de weekenden kunnen doorbrengen. Heerlijk toch’.”

Hearlik dochs, sa’n ûnnoazel Keamerlid út Fryslân. Se neamt it “ruimte voor creativiteit”. Se seit ek noch: “Laat mensen lekker hun eigen droomhuis neerzetten. Dat spreekt aan. Het is natuurlijk aan de gemeenten, maar ik wil er wel gelegenheid voor bieden.”

As jo earne gjin jild oan útjaan wolle, dan ferklearje jo gewoan dat der gjin probleem is. En slimmer noch: jo ferstiere it plattelân noch mar wat mear. Vrijheid, blijheid. Oer sintrum en perifery praat.

Ik hie tocht dat in Keamerlid mei folkshúsfêsting yn portefeuille ek noch wol wat sinnichs sizze soe oer bygelyks it belang fan lytse skoallen op doarpen, it belang fan lytse winkels op doarpen, it belang fan iepenbier ferfier foar doarpen, it belang fan wurkgelegenheid op doarpen, it belang fan in aktyf ferieningslibben op doarpen, it belang fan de iepen romte om doarpen hinne, it belang fan toeristyske inisjativen yn krimpgebieten - mar al dy tige nijsgjirrige ûnderwerpen - nijsgjirrich yn alle gefallen foar de minsken dy't yn krimpgebieten wenje - komme noch it Keamerlid Betty de Boer noch de ynterviewster yn 't sin.

It is ek ûnder sosjaal-geografen en op universiteiten nochal yn 'e moade om krimp as probleem fuort te riddenearjen. Undersykjes moatte dan sjen litte dat minsken yn krimpende doarpen dêr dochs wol wenjen bliuwe wolle, ek al bliuwe der gjin foarsjennings oer. De konklúzje is dan: sjoch, it is allegear net sa slim. Bykommend foardiel: it jild dat beskikber is foar regionale ûntwikkeling kin stutsten wurde yn projekten foar gebieten dêr't mear minsken wenje. Stêden bygelyks. Sjoch de heak om Ljouwert, sjoch de Sintrale As nei Dokkum. Dêr wenje ommers mear kiezers as yn Hantumhuzen.

Tajûn: it is makliker om in faarrûte oan te pakken en in sneldyk oan te lizzen, as om goed belied te betinken en út te fieren foar in hiel protte doarpkes. It is makliker om te sizzen dat der eins neat oan 'e hân is. Krimp, wêr ha wy it oer?

2 opmerkingen:

  1. Krimp wurdt feroarsake troch in te min oan wurkgelegenheid. En dejingen dy't hjir de wykeinen sitte moatte soenen, ha ek noch wenromte yn de Rânestêd en dus dûbele wenlêsten. Yn de Rânestêd enoarme wachtlisten foar in hierwente - dy hâlde sy dan beset - of men moat keapje kinne. Jongeren dêr dy't op in leeftyd binne dat se op harsels gean of tegearre wenje (en misskien bern krije), kinne har gauris net mear feroarlove as in keapappartemint fan 40 kante meter. En dat is krekt wat de ljue dy't yn in krimpregio in hûs ha, no ek sykje, foar derby, want troch de wike sil men de nachten tichtby de wurkgelegenheid trochbringe moatte.
    De jongeren hjir kinne har faak net iens in eigen hûs op it eigen doarp feroarlove - soenen se bliuwe wolle en kinne, dat it is wol moai as de huzeprizen op it stuit net noch fierder opdreaun wurde. Net leuk foar de ferkeaper, mar as de merk de prizen drukt, komme dy huzen wol wer fol, mei 'eigen' minsken dy't yn de auto stappe en net twa huzen beset hâlde of, as yn de jierren sechtich/santich, mei minsken út de rânesteêd dy't hjir allinne oan in ynkommen kinne troch sels wat op te setten.

    As, wa dan ek, in ûndernimmer of in politikus, in oplossing ha soe foar de brain-drain - ideeën foar mear en bettere wurkgelegenheid, dan komt dat sawol de de wenningneed yn it westen as de leechstân yn de krimpregio's te goede.

    BeantwoordenVerwijderen