Josse de Haan skriuwt:
"Trotwaer is fan 1969, hjir kaam ien of twa jier letter. Neffens my is it tiid foar in nij tydskrift - yn twa of mear talen, ferbiningen sykjend mei oare skriuwers yn Europa. Of ha jonge minsken gjin ferlet literere ideeen en produkten ut te wikseljen hjoed de dei?
Ik miste yn de diskusje dizze mooglikheid. It allinnich taspitsen op it jild liket my wat meager. Meitsje in nij ynspirearjend en folslein alternatyf literer bled. Fryslan 2018 hat der ferlet fan. As je op jild wachtsje bart der nea wer wat."
(Reaksje op blog: 'Koos Tiemersma: Freegje Skriuwersboun om te ûnderhanneljen')
Ha Josse, prachtich idee, it liket my typysk yts foar ensafh om op te krijen. Wêrom net begjinne mei in rige oersette fersen út lytsere Europeeske literatueren? Miskien soe dat ek yn gearwurking mei Tresoar kinne. Samar in nije groep minsken byinoar krije dy't sa'n hiel nij tydskrift opsette, sil net tafalle. Miskien in ynternetsite foar Frysk-Europeeske literatuer? Oan de oare kant hat ek de Moanne plannen op ynternet, mar sjoen de ambysje om Fryske skriuwers en lêzers byinoar te bringen, sil it ynternasjonaal kontakt net folle omtinken krije (kinne).
BeantwoordenVerwijderenDe romte foar proaza en poezy yn de twa bleden is beheind - der sil in soad lizzen bliuwe.
BeantwoordenVerwijderenMeidat lju wat langer wat mear (fia nije media) buten Fryslan/c.q Nederlan operearje lizze der heel wat kansen. Utwikseljen fan literatuer brekt troch grinzen en opfettings. Literatuer as spegel fan wat minsken dwaande haldt. Earst mar ris yn Europa.
Ik doch bygelyks mei oan HYDROLITH, in inisjatyf fan de surrealisten wraldbreed. Myn leste bondel gedichten READE BUS YN MAGYSK LANSKIP is utjun troch 'Brumes Blondes' yn in searje fan ynternasjonale skriuwers.
Soks soe ek yn Fryslan opsetten wurde kinne, en net allinne foar minderheidstalen - breder en rommer. Buten de Europeeske sintra (c.q. buten de minderheidstalen) wurdt ek libbe (en skreaun).
OPERAESJE FERS slagge it en operearje sels yn New York, mei ynteressante bydragen fan de Amerikaanske dichters. DE MOANNE en ENSFH geane gewoan troch as basis foar nije produkten, en dernjonken kin in Europeeske poat begjinne.
Namme: EUROFERS
In nij tydskrift opsette fret tiid en wa't op jild wachtsje moat, is op in stuit blut. It klinkt allegear moai, wat Josse en Abe wolle, mar it is wol slim idealistysk. Mei de bal nei Ensafh of Tresoar te skowen is Abe noch it meast realistysk.
BeantwoordenVerwijderenLos dêrfan: welke Fryske skriuwers behearskje dy (minderheids?)talen goed genôch om oersette te kinnen? Of oarsom, welke oarstalige skriuwers lêze Frysk? En welke dichters soenen it dwaan? (want omtinken foar literatuer is frijwol altiten omtinken foar poëzy)? Dejingen dy’t gjin ynkommen noadich ha en de sliepeleazen?
As der in Spiegel is, wurdt dy dan lêzen yn de rest fan Nederlân? Soe dêr bûten Fryslân dan wol belangstelling foar wêze?
Ha ynternetsiden safolle ynfloed? As ik nei mysels sjoch: ik klik de measte artikelen op Ensafh al net iens mear oan, want it lêzen fan de measte bydragen is sûnde fan de tiid. Lêzersoantallen falle, tink ik, sawiesa ôf: meast bliuwt it by de yndekspagina's en de besikers dy't der binne, binne crawlers. Dêr komt by: as der alris wat lêzen wurdt, dan lûkt in potsje reboelje mear besikers as de literatuer sels. Soe it by ‘eurofers’ oars lizze?
Abe suggerearret dat ien en oar yn gearwurking mei Tresoar kinne soe. In prachtynstitút, der bart fan alles, op de Tresoarside is fan alles te finen en as it net te finen is en dochst in mail of fregest by de baly, dan helpe se dy. Op meardere fronten tiptop allegear. Mar wat de literatuer oanbelanget kin it better. Foar gearwurking is it fan belang dat Tresoar en skriuwers elkoar serieus nimme. Is dat sa? Sirkwy.nl is net goed, de skriuwersbiootsjes binne in grienmmank, it ynstitút hat sa syn foarkarren as it om skriuwers giet, oan boekpromoasje wurdt net sa hiel ferskriklik folle dien no't de boekewike ferdwûn is en oer de Moanne fan it Fryske boek falt ek noch wol ien en oar op te merken.
Wol gearwurking mei Tresoar slagje, dan soe der ris in frisse literatuer-promosjonele wyn waaie moatte dy't better mei it fjild oerleit as no it gefal is. Mar it is net Eurofers dat by Tresoar de earste prioriteit ha moatte soe.
Binne it dan de besteande blêden dy’t ynternasjonaal aktiver wurde moatte? Wa't dy ferwachting hat, rint mei de kop yn ’e wolken en sjocht de grûn net mear. Beide blêden ha al muoite genôch om de kop boppe wetter te hâlden. Ja, der kin ris in rychje oersettings yn opnaam, ta skea fan wat der oarspronklik yn it Frysk allegear ôfdichte wurdt, mar dan hâldt it wol op mei de helberens.
Fryske útjouwers dy’t oarstalige poëzy útjouwe? Jawis, Elikser, as se it sels betelje, mar oare útjouwers kinne hast hielendal net in soad mear útjaan. Nederlânske dan? Poëzy ferkeapet dêr ek net sadanich dat it út kin, mar it Letterenfonds moat besunigje. Boppedat, der ferskine fansels al alderhande oersettings, proaza meast, mar de belangstelling foar oarstalige poëzy is toch wat minder. In Fryske dichter, soms, as de oerheid der jild op ta leit wol de Contrabas wol, of Contact. Mar oars? En in Bask? Of in sammelbondel? Der is al safolle dat streekrjocht nei de ramsj kin. Of sille de Basken of de Amearikanen Frysk wurk útbringe?
Dan de beide websiden: sorry, mar berjochten stean yn de ferkearde folchoarder, dan wêr ûnder dy rubryk, dan wer ûnder dy, kommintaren rûgelje de lege romten yn, it knip- en plakbelied is folslein willekeurich (en dom en oerstallich), artikelen flitse oer it skerm, as der ris wat mei oare media dien wurdt, giet it meast om ferfelende en/of minne fideoblogs en filmkes. Fierder willekeurich keazen koartwei berjochten en stikken dy't ek yn de papieren ferzje stean. (Wie de schoen past...) As it dêr gebeure moat, moat der earst noch hiel wat gebeure.
(ferfolch)
BeantwoordenVerwijderenBist samar werom by wat Ate skriuwt "(...) wat by the way wol wer te tinken jout wêrom't soks sa min fan de grûn komt by de literêre digitale platfoarms... mar da's in diskusje op himsels."
We ha it oer de foarwearden wêrûnder in literatuer funksjonearret. Gjin wûnder, sjoen de sitewaasje, dat dat de measte diskusje opsmyt. En dan noch is it mar in hantsjefol minsken dat meidocht. By Ensafh en de Moanne bart it net. Literêre ideeën komme we net iens oan ta, lit stean oan in útwikseling yn de tydskriften en dus al hielendal net oan in útwikseling mei oare kultueren. By de RUG en de Akademy bart neat en dat sil, sjoen wat der mei de kolleezjejilden bart en de druk om omtinken te jaan oan 'minderheidstalen' yn plak fan oan Frysk literatuer, allinne mar minder wurde. Jild foar essees is der net of wurdt net oansprutsen.
Ik bin dus hiel benijd waans ideeën Josse it oer hat. Of giet it om waanideeën?
Waanideeën? Oaren hawwe hielendal gjin ideeën. In fariant op in bekend sizzen: De Fryske skriuwer is foarsitter fan in doarpsbelang sûnder leden.
BeantwoordenVerwijderenDat is sa, mar it komt op de útfiering oan en Josse sil it net dwaan, tink ik. En do bist ferstanniger ast nèt oan Eurofers begjinst as al.
BeantwoordenVerwijderen