donderdag 21 juli 2011

Oer de ynterpretaasje fan in gedicht fan Cornelis van der Wal

Kristus Pavlov

De tsjinstfeint knibbelet, bûcht en lûkt
mei syn ferkâlden noas sirkels op ’e flier,

it is gjin hûn, mar in ûnrein minske.

Der rinkelet in bel, hy flybket blier,
lekker, aanst syn lichem mei reade wyn.

Under in stien troch in slange lutsen syn krús,
it hollekessen. Stik hillige, stik.

“Minsklik ûngemak versus religieuze ferromming? Knibbelje, ûnrein, reade wyn (kommuny), slange, krús, hillige – it binne wurden fan it hegere, dêr’t blykber ferlet fan is. As in hûntsje ferwachtet de minske yn it fers rêding as de bel rinkelet. De grammatikale ûnbepaaldheid fan de ien nei lêste rigel sil de ‘ûntregeling’ wêze dy’t gedichten romte jout, mar de lêste rigel rint út op moard: Jezus himsels wurdt smoard mei in ‘hollekessen’.”

Dat skreau ik ôfrûne sneon yn it FD oer boppesteand gedicht fan Cornelis van der Wal. De dichter is it net mei myn ynterpretaasje iens. Dy is neffens him “skandelik” en “blasfemysk” en de krante hie it besprek dêrom wegerje moatten. Lit my de analyze dêrom ris oer dwaan, op it foarste plak om’t Cornelis van der Wal te skiterich is om op te skriuwen wat der krekt oan myn ynterpretaasje skeelt, op it twadde plak om’t ik no ek wol benijd bin oft myn ynterpretaasje oerein bliuwe kin, as de dichter sels safolle kabaal makket, en op it tredde plak om’t ik altyd wol aardich oerwei koe mei it mantsje, dat my no ynienen ta “fijân” ferklearre hat.

Earst eat oer literêre ynterpretaasjes. In gedicht is, koart om ’e hoeke, in fjild fan ynterpretaasjes dat de dichter de lêzer oanbiedt. In gedicht kriget yn prinsipe ûnôfhinklik fan de bedoelingen fan syn makker betsjutting yn de eagen fan de lêzer. Dat wol safolle sizze, as dat in gedicht pas “ûntstiet” yn de geast fan in lêzer. In gedicht is dus mear as de optelsom fan de bedoelingen fan syn skriuwer; it is ek foar elke lêzer wer wat oars. As in dichter beskate mooglike ynterpretaasjes útslute wol, dan moat er soargje dat syn gedicht beskate mooglike ynterpretaasjes útslút.

Hawar, ik meld it mar, om’t net elk der dalik by stilstiet.

De titel: Kristus Pavlov. Mei Kristus, sa meie wy oannimme, wurdt de bibelske figuer oantsjut dy’t wy kenne as Jezus Kristus. Pavlov ferwiist, meie wy oannimme, nei de Russyske fysiolooch Ivan Petrovitsj Pavlov (1849-1936), dy’t yn ús omtinken bleaun is fanwege syn ûntdekking fan de “konditionearre refleks” by hûnen. Pavlov joech syn hûn elke kear iten nei’t er in bel klinke litten hie, en ûntduts doe dat it beest ek begûn te flybkjen as er de bel wol hearde, mar gjin iten krige.

It pleatsen fan dizze twa wurden, Kristus en Pavlov, njonken inoar yn de titel, sûnder fierder ferbân, suggerearret yn alle gefallen in ferbân. Hoe en wat krekt, dat is noch ûndúdlik.

De earste strofe:

De tsjinstfeint knibbelet, bûcht en lûkt / mei syn ferkâlden noas sirkels op ’e flier,

Tsjinstfeint fan wa? Twa mooglikheden: fan Kristus, of fan Pavlov. De tsjinstfeint “knibbelet”: knibbelje dogge minsken dy’t bidde. De tsjinstfeint is ferkâlden en lûkt mei syn snot sirkels op ’e flier. Wêrom’t er dat docht, is my ûndúdlik, mar och, net alle gedrach moat in reden hawwe.

it is gjin hûn, mar in ûnrein minske.

Sjoch: even tochten wy dat it hjir gean kinne soe om in tsjinstfeint fan Pavlov, mar dat is net sa, it is in tsjintfeint fan Kristus: in minske. Al hat er al wat yn him fan de hûn fan Pavlov, want de dichter neamt se net om ’e nocht beide yn dy iene rigel. Boppedat giet it om in “ûnrein” minske, dat soe betsjutte kinne: in sûndich minske – sûndich neffens it leauwe, miskien.

Der rinkelet in bel, hy flybket blier,
lekker, aanst syn lichem mei reade wyn.

Oan de doar fan de hûn-minske wurdt skille; hy ferwachtet yts lekkers, “syn lichem mei reade wyn”. Hy ferwachtet ferjouwing fan syn sûnden troch Kristus. “Lichem” en “reade wyn” binne ferwizings nei de eucharisty, steane foar it lichem en it bloed fan Kristus. Ik sitearje fan Wikipedia: “Door de eucharistie worden de deelnemende gelovigen verenigd met de Heer en worde zó tot Volk Gods. Het gaat dus om vereniging met de Heer, om later, in het gewone leven de Heer uit te dragen. Men ontvangt dus het Lichaam van Christus (de hostie) om Zijn lichaam (kerk) te worden.”

En op ’e nij wurdt yn it gedicht de minske ferlike mei de hûn fan Pavlov: yn de ferwachting fan de rêding troch de Hear begjint dizze minske al te flybkjen.

Oant safier binne wy noch net folle ynterpretaasjeproblemen tsjinkommen. De dichter leit it frij dúdlik foar ús del. Wilens is it ferlykjen, yn it fers, fan de leauwige minske mei in hûn dy’t Pavlov-reaksjes fertoant, net al te komplimenteus foar dy leauwige minske. Dy minske, is de suggestje, is oars net as in slaaf fan syn refleksen. In stapke fierder: it leauwe is in refleks, dy't oerwûn wurde moat, wol de minske him werklik fan in hûn ûnderskiede.

Goed. Der waard dus oan de doar belle. De lêste twa rigels:

Under in stien troch in slange lutsen syn krús,
it hollekessen. Stik hillige, stik.

De dichter hat it hjir frijwat dizenich formulearre. De earste sin: “Under in stien troch in slange lutsen syn krús, / it hollekessen.” Nei it foarôfgeande meie wy oannimme dat Kristus himsels foar de doar stie. Wat der dan yn de earste rigel bart, is poly-ynterpretabel. Lûkt de slange it krús fan Jezus ûnder in stien? Wurdt der in stien troch in slange (hinne) lutsen? De slange (de ferlieder yn it paradys, it kwea) lûkt oan it krús, dêr hâld ik it mar op. En mei de ferwizing fan de eucharisty noch yn ’e achterholle, kin men tinke dat hjir de ferieniging mei de Hear plakfynt, ynklusyf de seksuele konnotaasjes dy't dêrby hearre. Mar dy lêste rigel sit dan dochs wat yn ’t paad:

it hollekessen. Stik hillige, stik.

Der is ynienen in hollekessen. Dat wurd hat de dichter dêr net om ’e nocht delset, moatte wy oannimme. It soe in relaasje ha kinne mei it foargeande wurd, sjoen de komma oan ’e ein fan ’e ien nei lêste rigel. It soe bygelyks in neiere omskriuwing wêze kinne fan “syn krús” (yn ’e betsjutting fan: itjinge dêr’t er oan lijt), as wy teminsten ûnder “syn” fersteane de persoan dêr’t it gedicht oer giet. Mar it kin likegoed in selsstannich wurd wêze, net bedoeld as fierdere oantsjutting fan in earder wurd.

Yn alle gefallen komt nei it opdûken fan it hollekessen de lêste sin: “Stik hillige, stik.”

De kombinaasje fan hillige en hollekessen, mei twa kear it wurd “stik” yn de gebiedende wijs, kin betsjutte dat de hillige (Kristus) smoard wurdt mei in hollekessen. De winsk om ferienige te wurden mei de Hear rint út op moard. Dat is net sa’n gekke ynterpretaasje, liket my. Ien dy’t ek hiel goed past by de earder yn it fers makke ferliking tusken in ûnrein minske en in Pavlov-hûn. De ûnreine minske hopet blykber ôf te kommen fan syn konditionearre refleks troch de feroarsaker derfan, Kristus, út ’e wei te romjen.

Sa't ik sei: in gedicht is in fjild fan ynterpretaasjes dat de dichter oan de lêzer oanbiedt. Cornelis van der Wal mei no, graach op myn weblog, útlizze wêrom’t myn wize fan sjen my ta syn “fijân” makket.

43 opmerkingen:

  1. Dat ‘fijân’ haw ik al in skoftke lyn fuorthelle. Myn grutste beswier wie de útdrukking 'Jezus smoare'. Dat hat hielendal neat mei de strekking en de sfear fan it gedicht te krijen. De Vries slacht net allinnich de planke mis wat de ynterpretaasje oanbelanget, mar is ek frijwat leechlizzend, wat in grut oantal fan myn fersen oanbelanget. “Kwasy-mystyk’ neamt er se. Dan hâldt it foar my op. Ik wol graach serieus nommen wurde as dichter. En fierders meitsje ik der gjin wurd mear oan smoarch.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. 'Stien' en 'hollekessen' fine inoar yn it ferhaal fan de Jakobsljedder, om der noch mar ris in assosjaasje tsjinoan te smiten.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. @Cornelis: Ik kin it net helpe as minsken net lêze kinne. De opmerking oer "kwasy-mystyk" stiet yn in sin dy't de sterke en de swakkere kanten fan in oeuvre sketst. Elke dichter, elke poëzij, elke poëtika hat sinne- en skaadkanten. Net ien dichter skriuwt allinnich mar goede fersen. De bêste gedichten binne sus, de mindere sa. Dat stiet der, neat oars. Do wolst net serieus nommen wurde, do wolst applaus foar alles. Sorry, dat kin net. En no sa de ynterpretaasjekwesty út 'e wei gean, wylst ik de meast lullige beskuldiginkjes om 'e earen krige? Net sterk.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Hoho Abe, wyn dy net sa op! Moast ek wer ôfrinne aansens, sa't ús beppe eartiids al sei. Ik gie wol deeglik yn op de ynterpretaasjekwestje, troch te skriuwen dat de term 'Jezus smoare' fier bûten de roai wie. It is ek frijwat grof steld, en soks grinzget oan blasfemy, dy't dan wer, troch de lêzer fan it besprek, oan my taskreaun wurdt... Wat it gedicht werklik sizze wol... dat moat de lêzer útmeitsje. Mar ik ferset my dus tsjin dyn blasfemyske lêzing.

    En fierders is dyn kwalifikaasje 'kwasy-mystyk' alhiel net útwurke. Mar dat kin fansels komme troch romtekrapte. Ik kin it yn elts gefal net oars as heechhertich en denigrearjend lêze.

    Wat dat applaus oanbelanget: wat mear wat better fansels. Mar neffens my hat de ynstek fan dyn besprek west om my in toantsje leger sjonge te litten. Dat sil net slagje!

    Ik twifelje dus sterk oan dyn objektiviteit. Nei it winnen fan de Gysbert hasto in soarte fan Napoleon-kompleks skipe, sa is myn ynskatting. Spitich. Betterskip!

    Bêste groetnis: Cornelis

    BeantwoordenVerwijderen
  5. @Ate: Yndrukwekkende bibelkennis, Ate! Genesis 28:11 "En hy kaam op in plak dêr’t er de nachts oerbleau, want de sinne wie al ûnder. En hy naam stiennen fan dat plak, en makke dêr syn holkjessen fan, en gyng op dat plak lizzen te sliepen."

    BeantwoordenVerwijderen
  6. Jaja, Abe: dêr komme je mei myn opfieding tink ik ek net wer maklik ôf, dy Skriftkennisse. En it is noait wei, no? Al wie it allinne mar foar de analyze fan guon poëzij.
    Nijsgjirrige diskusje fiere jim trouwens. Ik bin it mei dy iens dat in gedicht 'in fjild oan ynterpretaasjes' is(fral at der ek noch dizenich formulearre wurdt)en yn dat ljocht kloppet Cornelis syn opmerking datstû de planke mis slachtst neffens my net. At de dichter wol dat syn bedoeling, sa't hy dy yn 'e holle hat, krektsa en net oars by syn lêzers oerkomt, moat er a) net dichtsje, of b) gjin wurden brûke dy't in skat oan assosjaasjes oproppe. Benammen de lêste twa rigels fan it fers 'Kristus Pavlov' binne foar meardere útlis fetber, sa'tstû yn dyn analyze al goed oanjoust. Sels soe ik de 'hillige' dy't neamd wurdt yn earste ynstânsje net opfetsje as 'Jezus' (simpelwei om't der oare, mear gongbere titels foar him binne: 'Kristus', 'Messias', 'Minskesoan' 'Nazarener', ensfh.), mar ik kin my dyn ynterpretaasje, sjoen de foargeande fersrigels ('lichem mei reade wyn' en 'krús')goed yntinke. 'De Hillige' is neffens my earder in oantsjutting foar God (fgl. 'de Heilige Israëls'), mar hjir stiet 'hillige' en dat is yn myn optyk in oantsjutting fan in leauwich mins (fgl. de hillige Francisus of 'samen met alle heiligen'). Wa't dy hillige dan is dy't stikke moat? Tsja, dat soe ik net witte. De knibbeljende tsjinsfeint sels? Of dejinge dy't de bel rinkelje lit? Ik tink net dat de dichter it ús fernije sil, want dy tinkt grif lâns de linen fan: 'Ja, hee: at ik myn poëzij ék nochris útlizze moat...'
    En dochs... koenen dy lêste twa dizenige, sa't jo wolle 'mystike' rigels, wat my oanbelanget wol wat Ferljochting brûke.

    BeantwoordenVerwijderen
  7. @Cornelis: foar de dúdlikheid: ik ha dyn opmerking wol deeglik lêzen ('Wat it gedicht werklik sizze wol... dat moat de lêzer útmeitsje. Mar ik ferset my dus tsjin dyn blasfemyske lêzing.'), mar dat fyn ik nochal tsjinstridich. Sa fan: de lêzer moat sels wite hoe't er it fers opfettet, mar hy mei it net blasfemysk opfetsje. Dû hast it fers no ienris loslitten op de Weagen fan de Persepsje en atst dan oanjaan wolst dat in beskate ynterpretaasje igge noch seam roaid, dan kin dat allinne mar wjerlein wurde mei besteklike argumintaasje, tinkt my.

    BeantwoordenVerwijderen
  8. Ha Ate, nochris: it giet my om de formulearring: 'Jezus smoare'. Dat is gewoan grof en plat, en hat neat mei de sfear fan it gedicht te meitsjen. In soarte fan boerehufter-blasfemy.

    BeantwoordenVerwijderen
  9. Nee, prima: dúdlik. Mar Abe leit wol stap foar stap út hoe't er by dy ynterpretaasje komt. Dat wol sizze: op dit plak. Yn de resinsje is dat folle minder helder útwurke(grif fanwege de beheinde romte).

    Nimt net wei dat foar my de rigels:

    'Under in stien troch in slange lutsen syn krús,
    it hollekessen. Stik hillige, stik.'

    noch altyd bysûnder riedseleftich binne.

    BeantwoordenVerwijderen
  10. Lit it Riedsel it Riedsel bliuwe! Mar no stopje ik mei dizze diskusje. Ik haw wat betters te dwaan...

    BeantwoordenVerwijderen
  11. Akkoart. Mar ik fûn it oars wolris aardich om it ris oer de ynhâld te hawwen...

    BeantwoordenVerwijderen
  12. @Ate: Spitigernôch binne der minsken dy't tinke dat se mar wat roppe kinne ("wraak nimme", "skandelik", "ynterpretaasjes dy't nearne op slaan", "blasfemy", "en dat moat resinsint hjitte"), en as se ferge wurde op arguminten, dan jouwe se net thús. It kin allegear, hjir yn Frl. Ynhâld? Foaral net oer hawwe. Bin bliid mei dyn kommentaar.
    @Cornelis: Ate syn reaksjes sprekke boekdielen. Do witst wol dat ik dyn dichterskip heech ha. Sjoch Het goud op de weg, sjoch de stikken dy't ik earder oer dyn wurk skreau. Ik ha yn it FFD oanjaan wold dat it nije ympulsen noadich hat. Dat is mei myn eigen wurk ek sa, nei Sprankeskyn. Der is neat leechlizzends oan sa'n konstatearring/miening.
    Resinsjes kinne soms koarter om 'e hoeke útfalle as de bedoeling wie. Punt is: ik soe graach stikken fan oaren oer myn wurk lêze dêr't ik as dichter wat oan ha; sokke stikken besykje ik ek foar it FD te skriuwen. Krekt dwaan, op dyn weblog, as wurd ik lilk, dat is in bytsje berne-achtich en de boel omdraaie.
    En oer Napoleon, och, it koe minder.

    BeantwoordenVerwijderen
  13. En ek moai dat ensafh linkt nei dizze korrespondinsje oer in gedicht!

    BeantwoordenVerwijderen
  14. Ja, ik fyn it op 'e man spyljen ek spitich en net echt sjyk. Mar ach, dat sil dan ek alwer gau as skoalmastereftich fan myn kant opfetten wurde. Oan 'e oare kant kinne de Fryske letteren ek wolris wat polemyk brûke, dus sjedêr it spanningsfjild dêr't wy ús yn bejouwe.
    Ik bin it folslein mei dy iens dat it heech tiid wurdt foar mear en bettere sekundêre literatuer te uzes. En dan benammen op it mêd fan de poëzij. Hoewol't it mei de proazakrityk ek net better wurden is, no't ES de folpinne dellein hat...

    BeantwoordenVerwijderen
  15. Elk ken elk hjirre, en de measten weagje har net oan krityk om't men yn in sucht en in skeet ta "fijân" ferklearre wurdt. Twad freget it skriuwen fan kritiken behalve in grutte belutsenens by literatuer ek in protte tiid. En op it tredde plak is in linige pinne wol handich. As der ferlet fan is, soe it kursusoanbod fan Tresoar faaks útwreide wurde kinne. Mar wat ek opfalt: de beide literêre blêden sjogge kritiken en krityske skôgings net as har 'core business'. Wêrom net, freegje ik my ôf.

    BeantwoordenVerwijderen
  16. 1) Ach, dat 'fijân' nim ik mei in grutte kerrel sâlt. Freontsjes kinne je no ienkear net mei elkenien wêze. En wat de measte ynsinuaasjes oangiet, dy't, meastentiden op ynternet trouwens, oer en wer fleane: dêr kin ik op syn bêst om glimkje en op syn minst fyn ik se nochal begrutlik.
    2) Stim ik dy mei. Goed kritykje is in hûd fol wurk en smyt net mear op as hokker oar stikje tekst dan mar ek.
    3) Foar wat de Moanne/Trotwaer betreft, soenen wy dat as redaksje ek hiel graach oars sjen en ferwiis ik nei de redaksjonele bydrage yn it boekenûmer (nr.6).

    BeantwoordenVerwijderen
  17. Tsja... oer dy bydrage, lês Kollum (8)...

    BeantwoordenVerwijderen
  18. Ha ja, ik hie myn reaksje krekt pleatst en doe seach ik dyn nijste kollum. Bliuwt oerein stean dat de redaksje 'benammen besprekkers fan poëzy en proaza en oare keunsten [mist]. En ek serieuze opinymakkers en ûndersyksjoernalisten binne dreech te finen. It krityske discours yn Fryslân is meastentiids ryk oan opinys en emoasjes, mar wolris earm oan djipgeande, analytyske krêft.'

    BeantwoordenVerwijderen
  19. Ien wichtige oarsaak fan dat mankemint is fansels de meagere betelling foar bydragen. De Moanne soe by de ûnderskate finânsiers oanstean moatte op in sadanige subsidiearring, dat skriuwers op syn minst 100 euro de side krije kinne. Dan sil de fiver om út te fiskjen wol grutter wurde.

    BeantwoordenVerwijderen
  20. Hmm... bettere beleanning bin ik fansels net tsjin. Mar it is noch mar de fraach oft dat ta fergrutting fan de fiver liede sil. Tinkst werklik dat der op it stuit oeral saakkundige fisken ferstoppe sitte, dy't net foar it ljocht komme wolle om't it ies oan de meagere kant is? Der is dochs ek noch soks as beropseare en, no ja, lit ús it mar jildingsdrang neame? Wêrom steane serieuze ûndersyksjoernalisten, betûfte besprekkers en orakeljende opinymakkers op it stuit net te dringen om ofwol yn de Moanne ofwol yn Ensafh te publisearjen? Dat liket my in nijsgjirrige fraach. Soe it poadium miskien net glânsryk genôch foar harren wêze? Binne der faaks wichtiger organen en kanalen oan te wizen?

    BeantwoordenVerwijderen
  21. Tsja. Der binne safolle redenen. Fansels binne der net safolle minsken dy't it kinne. As se it al kinne, dan ha se it bytiden al in hiel skoft dien, en tinke se: no mar ris in oar. Wer oaren moatte frege wurde. Dogge jim dat? Ik ha in hiel skoft neat skriuwe kind, as útjouwer. Mar doe't it al wer koe, hie 'k dalik in mail fan it Friesch Dagblad. Net fan de Moanne...
    Dan binne der guon dy't rekkenje kinne en dy't de siferaasje belangryk fine. Foarbyld: in dichtbondel besprekke kostet trochstreeks al gau twa dagen. Wat is de fergoeding foar dy twa dagen wurk? Om oer proazabesprekken noch mar te swijen.
    Elk dy't profesjoneel meiwurket oan in tydskrift, kriget syn tariven betelle (tink oan foarmjouwers, printers, fotografen), mar skriuwers wurde hjir beskôge as wiene it frijwilligers yn tsjinst fan de Fryske beweging.
    Guon saken kin in redaksje net helpe. Mar in redaksje kin wol besykje it ûnderste út de kanne te heljen. Net allinnich wat jild oanbelanget foar in skriuwer. Ek: derachteroan. Belje. Seure. Ideeën foarlizze oan minsken. Sjen oft se happe wolle, se entûsjast sjen te krijen.
    En: net it hiele blêd in healjier yn 't foar folplanne. Want dan tinkt elk dy't in idee krijt: och, lit mar, ik kin it dochs net kwyt.
    Wolst in "orakeljende opinymakker" yn de Moanne? Lit mar witte. Ien side yn elk nûmer, 100,- euro de side, en it kin oangean.

    BeantwoordenVerwijderen
  22. Ik kin hjir fansels net foar de hiele redaksje prate, mar kin op persoanlike titel wol wat dinkjes kwyt:
    1) 'No mar ris in oar': ja, dêr kin ik my wat by yntinke, at je bg. in pear jier resinsearre ha.
    2) 'Oaren moatte frege wurde': kloppet. Ik ha sûnt ik yn de redaksje sit hielwat fragen de wrâld yngean sjoen en dat smiet wolris wat op, mar yn myn optyk noch fierste min en spitigernôch meastentiden net struktureel.
    3) 'Siferaasje': is natuerlik wier. Sels soe ik at ik, om mar wat te neamen, in oeuvre besprekke soe ek graach folle mear betelle krije. Mar der falt ek wol wat te sizzen foar de standertfergoeding, want wa sil beoardielje oft de dichter of de proazaskriuwer mear flyt dien hat op syn wurk?
    4) Dat 'skriuwers hjir beskôge wurde as wiene it frijwilligers yn tsjinst fan de Fryske beweging' liket my wat te sterk útdrukt. Wa beskôget harren dan sa, neffens dy? En ja, it is wier dat de Moaimakkers harren tariven rekkenje. It foardiel (en dat praat ik efkes as skriuwer)is dat ús skriuwsels keapsjoch de wrâld yngeane. It neidiel is dat je wolris tinke: ik hie better in oare ropping op myn libben ha kind.
    5) Jep: in redaksje kin altyd mear dwaan, mar wrot en wraamt al hielwat ôf, is myn ûnderfining.
    6) Foarútplenne: ûntkomme je net oan. En in healjier liket my normaliter wat oerdreaun (efkes ôfsjoen fan de bysûnder temanûmers-sitewaasje fan dit jier).
    7) No bin ik net yngien op it feit dat de Moanne net sa fluch wie as it FD en op dyn fraach oft ik in 'orakeljende opinymakker' ha wol. Mar ja... dat binne fragen/opmerkings t.a.f. de folsleine redaksje, dus dêr sil ik yn in oar ferbân ris op weromkomme moatte ;-)

    BeantwoordenVerwijderen
  23. Dy ropping bliuwt der wol, mar krekt dêrom is it sa wichtich om jin te realisearjen hoefolle dy ropping kostet... Altyd mar wer moatte provinsjebestjoeren en noch hegere oerheden der op wiisd wurde, dat kultuer jild kostet. As der yn it bedriuwslibben wat is mei dyn kompjûter en der moat in ict'er bykomme, dan is de earste 75,- euro al fuort op it stuit dat de digitale dokter ek mar in foet oer de drompel set.
    Eins is it simpel: in grutter part fan de begrutting fan de Moanne en ensafh soe oan de skriuwers fan it tydskrift taparte wurde moatte. De tariven dy'tsto neamst, wurkje miskien wol as der genôch konkurrinsje fan tekstoanbieders is; mar hjir by ús is der ferlet fan sokken, en dan begjint it marktmeganisme te wurkjen: de prizen moatte omheech.
    Dan kinne der ek mear easken steld wurde oan de stikken dy't ynlevere wurde. Tydskriften wurde der skerper en better fan. Tefolle ropping hat mei oare wurden ek mindere kanten. It lullige fan dit ferhaal is dat ik dêr sels ek lêst fan ha. Ropping is eat dêr't tsjin striden wurde moat...

    BeantwoordenVerwijderen
  24. De ropping bestride... da's in ynteressante (yn)stelling! At ik dy goed begryp, soenen je as Frysk auteur eigentlik net skriuwe moatte, at je net fatsoenlik betelle krije. As konkreet foarbyld joust oan dat in publikaasje yn in tydskrift winliken 100 euro de side opsmite moat. Mar wêr bassearest sa'n bedrach op, at ik freegje mei?

    BeantwoordenVerwijderen
  25. It giet om it ôfjaan fan in sinjaal. Fansels, alle bedragen binne arbitrêr.

    BeantwoordenVerwijderen
  26. In kollem is wat oars as in resinsje, in skôging of - toemar - ûnôfhinklike ûndersykssjoernalistyk. Dat kin net foar de tariven fan it Letterenfonds. Ast it lêzen fan in te besprekken boek net meirekkenst, dan bist foar in resinsje al gau fjouwer oant acht oeren kwyt. In fraachpetear? Ien as twa oeren tariede, in oere yn ’e auto, twa oeren prate, fjouwer om it ferhaal út te wurkjen. Acht oeren, twa siden, njoggentich euro, sels de reiskosten betelje en de belesting giet der noch ôf. Tel uit je winst. Wol ik fraachpetearen skriuwe? Ja, om't it leuk is om te dwaan en ik kom nochris ergens dêr't ik oars net komme soe, mar guon ûnderwerpen freegje om in sjoernalistike beneiering. Ik ha oer de Sutelaksje skreaun, oer de Stichting âlde Fryske tsjerken, dat binne stikken dy't in dei as trije fergje. Ik ha ris it fersyk krigen om oer in ûnderwerp te skriuwen dat wol in wikke nimme soe, soe ik it dwaan. Mei spyt ha ik it sjitte litten, want, hoe nijsgjirrich ek, der moat al brea op de planke. Foar fraachpetearen en seker ek foar wat djipper dollende sjoernalistike artikelen soenen de tariven fan de NVJ dus hantearre wurde moatte en net dy fan it Letterenfonds. Want wa kin him feroarloovje om foar de Moanne te skriuwen? Pensjonado's en de meiwurkers fan de ynstituten sels?

    Der komt ris in maklik skreaun kollemke binnen - oer de ikea of tante Anny op fakânsje, mar nei myn smaak stiet der fierstentefolle fan dat guod yn. Foar in 'nije' skriuwer is it in eare om kopij publisearre te krijen, en soms sil de redaksje der ek noch wolris tiid yn stekke moatte, foar in gedicht of in ferhaal leit it dêrmei oars as foar, bgl. in skôging. Sokke stikken kin de moanne net útsette, want it jild is der net, of in skriuwer seit heal en heal ja, mar hâldt him net oan ’e tasizzing.
    Moat in meiwurker earne yndûke, in oeuvre (wer)lêze, dan is er gau in moanne of langer kwyt. Dy skriuwer wurket op HBO-universitêr nivo foar in bedrach dêr't it kassafamke net iens foar út bêd komme soe.

    Is it in kwestje fan kinne of wolle?
    De Moanne falt ûnder it bestjoer fan de ynstituten en redaksje en bestjoer soenen dus àl nei de beleanning fan de skriuwers sjen kinne. De Moanne is net mear in suver literêr blêd, it is, mei it ferdwinen fan de Pompeblêden, mei de oankundigingen foar de Moanne fan it Fryske Boek, èk it úthingbuordsje fan... Dat fielt oars as wat dwaan foar of mei in groepke frijwilligers dy’t in bledsje meitsje.
    Der is yn Fryslân wol jild foar essees en der binne wol fûnsen. Ek soe der mear oan it werven fan abonnees dien wurde kinne en mei advertinsjes falt ek noch wol wat te winnen. Set de minsken dy’t foar Tresoar oan de promoasje fan de Fryske literatuer dogge mar in pear dagen yn as callsintrummeiwurkers foar de Moanne. Dan kinne net allinne de foarmjouwer, de drukker en de webmaster betelle wurde, dan kin ek de beleanning fan de skriuwer wat better.

    Oer mysels: As reden om mei it resinsearjen op te hâlden ha ik oanjûn dat, omdat ik fan guon skriuwers it hiele oeuvre besprutsen ha, it tiid wurdt foar in oar. (Wat net sizze wol, dat ik hielendal noait wer in boek besprekke wol.) Mar der binne arguminten dy't ik àl en der binne arguminten dy't ik nèt nei bûten ta bring.

    BeantwoordenVerwijderen
  27. Dêr kin ik it allinnich mar hielendal mei iens wêze.

    BeantwoordenVerwijderen
  28. @Abe (en fierderop ek ES): in sinjaal dus, okee. Ik hie tocht datst miskien in fergeliking meitsje soest mei de honoraria dy't se by oare publikaasje-organen hantearje. Of datst faaks in beamke opsette soest à la ES oer 1) it ferskil yn tiidsynfestearring tusken bg. in kollum en in skôging en/of 2) útbetelle wurde nei jins opliedingsnivo.
    Op persoanlike titel:
    1) fiel ik sels ek sa wol oan.
    2) fyn ik earlik sein foar de Fryske sitewaasje net opgean: de merk is te lyts, smyt om dy reden te min omset op, en dus sil (hast) nimmen datjinge betelle krije wat er wurdich is. Yn dy sin sitte we wat de Fryske Letteren oangiet tink ik mear yn de non-profit sfear, as yn de kommersjele hoeke (fgl. it ûnderwiis en oare non-profit sektoaren: ek dêr wurde bulten minsken net neffens harren titel betelle). Om dy reden tink ik dat der wat de sinteraasje betreft gauris tinkfouten makke wurde. We ha hjir net mei winstjaande produkten te meitsjen, sterker noch: mei produkten dêr't jild by moat!

    BeantwoordenVerwijderen
  29. Dat sein hawwend: wat soe neffens jim dan konkreet in rillike skriuwersfergoeding wêze?
    Ik freegje my nammentlik serieus ôf oft in tydskrift mei 45 euro de side (nochrisom: yn de Fryske sitewaasje) daadwerklik oan de lege kant sit.
    En at jim ûnderskied yn betelling fan de ferskillende soarten kopij wolle... hoefolle dan konkreet foar: in kollum, in fers, in koart ferhaal, in ynterview, ensfh.??

    BeantwoordenVerwijderen
  30. @Ate: Noch even oer it merkmeganisme. Hjir is in protte ferlet fan goede sekundêre literatuer: der is te min oanbod foar de fraach. Normaliter geane dan de leanen omheech. Dat meganisme wurdt fersteurd troch a) it subsydzjesysteem dat basearre is op fêste, te lege tariven subsydzjesysteem, en b) de "ropping" fan Fryske skriuwers, dy't makket dat se dochs wol skriuwe, makket net út wat de beleaning is.
    Ik fyn net dat der dan mar net mear skreaun wurde moat, ik fyn dat wy dit punt elke kear wer nei foarren bringe moatte.
    Sa't Elske skreau, sjoch ris nei de NVJ-tariven foar fraachpetearen en djipper dollende sjoernalistike stikken, en ferdûbelje de sidepriis foar fersen, literêr proaza en kollums. Dan soe de wrâld der al hiel oars hinne lizze.
    Fierder: nûmer 6 is in moai nûmer!

    BeantwoordenVerwijderen
  31. Wa't part útmakket fan it kulturele fjild sil net sa gau in kritysk artikel oer de akademy, Tresoar, frou Diks of de Omrop skriuwe kinne. De Moanne set sa'n opdracht ek net út. Nim no de Stichting Boeken fan Fryslân. Dêr giet in slompe jild hinne: € 190.000... Wat docht de Moanne? In fraachpetear. It gefolch is dat ien de kâns krijt om der in PR ferhaaltsje fan te meitsen: “facebook, ik ben daar wel fan” (soksawat). Nettsjinsteande dat krij ik de yndruk dat der sprake is fan in hopeleas gestuntel by dy Stichting mei tupperwareparty's dy’t de ferkeap fan boeken stimulearje moatte. Folle hopeleazer noch is dat de Moanneredaksje blykber mient dat it ynterview de goede foarm is foar it ûnderwerp. Wa foarmje it bestjoer? Hoe sit it mei de persoaniele ynset? Hoe sit it mei de kontakten mei Tresoar en de útjouwers? Op grûn fan hokker plan hat men jild krigen? Ha de aktiviteiten doel as it om in tydlike subsydzje giet? Hokker omsetferheging ferwachtet men mei it opsetten fan tupperwareparty’s? Hoe komme dy boeken dêr? It giet om in ienmalige subsydzje foar it opsetten fan in ynfrastruktuer wêrnei’t it fjild it sels rêde moatte soe. Makket de tupperwareparty dêryn in kâns? Wêr wie it boekediske doe’t Tryater lestendeis op it doarp spile?
    It ûnderwerp skreaut om in sjoernalistike noas, om ien dy't de ynformaasje út mear as ien boarne hellet.

    Sa’n artikel is gjin literêr artikel, betelje neffens de tariven fan it Letterenfonds is dus raar. En ja, it kostet dus mear. Mar binne der gjin minsken om soks te skriuwen? Fansels wol: alle jierren rôlje hûnderten studinten sjoernalistyk, kommunikaasje, Nederlânsk, marketing ensfh fan de bân. Dêr sitte altiten guon tusken dy't in pear tillefoantsjes dwaan kinne en op grûn dêrfan in stik skriuwe kinne dat de lêzer werklik wat biedt.

    Ate, do wolst bedragen?
    1. In kollem, in ferhaal, in fers: de tariven fan it Letterenfonds.
    2. In besprek of in fraachpetear: de tariven dy’t de tematydskriften oanholden. Dat sit aardich yn de rjochting fan Abe syn € 100,- de side, plus ûnkosten.
    3. Foar in rige oeuvreskôgings (bygelyks) makkest in plan, stelst in begrutting op en op grûn dêrfan stapst nei de fûnsen. It is ûnmooglik om dêr no sa út de losse pols in bedrach op te plakken. Yn in gearkomste by Tresoar is wolris sein dat it € 1500 wêze moatte soe, mar as it ûnderwerp twa moanne fulltime ynset freget, hast in probleem. (Of Teake Oppewal, de bêst betelle skriuwer yn ’e provinsje.)
    4. Ek op sjoernalistike stikken kinst net samar in pryske plakke. Boeken fan Fryslân is in relatyf maklik ûnderwerp: twa siden, twa dagen. In sitaat fan villamedia.nl: “Voor veel freelancers blijkt het lastig te zijn om tot een goede tariefstelling te komen. Wat moet je vragen per uur of per woord? Hoe verreken je je specialisme, je journalistieke vaardigheden, je ervaring? Hoe zit dat met je huisvesting, je ziektekosten en pensioenverzekering, of de kosten van je computer en internetverbinding? En dan hebben we het nog niet over de vele voordelen die jij als freelance journalist je opdrachtgever te bieden hebt: je flexibiliteit, je snelheid van werken, je eigen netwerk.” € 20,- de oere is it alderuterste minimum. Mar hoefolle mear hast de lêzer dan wol net te bieden...


    En, sa't Abe seit: nûmer seis is in moai nûmer!

    BeantwoordenVerwijderen
  32. Noch wat:

    As de Moanne as in literêr blêd foar in beheinde doelgroep betitele wurdt, is der sprake fan in tinkflater. Ensafh is dat / wol dat wêze. De Moanne dêrfoaroer wurdt ferspraat yn in oplage fan - ik kin my fersinne, mar dan hear ik it wol, 3000 eksimplaren. It is in blêd dat rom omtinken oan literatuer jout. De fraach is oft de Moanne (foar in part) in literêr blêd wêze wolle moatte soe, bygelyks troch dy skôgings dêr't neffens Abe sa'n ferlet fan is te pleatsen. Dat ferlet is der yn it literêre fjild sels en noch in hantsjefol misken, mar jildt it foar de measte lêzers? It kin likegoed in bewuste en te ferdigenjen kar wêze om it, sjoen de doelgroep, nèt te dwaan. Der moat ek skiednis yn, wat oer taal, promoasje foar Tresoar. In kollem oer iten, de ikea en ien fan tante Anny. In fraachpetear, opiny en ris in sjoernalistike bydrage. Wat is der mis mei in wat breder rjochte (foar in part) Frysktalich blêd? De Moanne as Friesland Post Plus... De skôgings krije dan earne oars in plak.

    Dat in redaksje, dy't foar it meastepart út frijwilligers bestiet, in hûd fol wurk hat om tsien kear yn it jier in nûmer te leverjen, ha ik wurdearring en bewûndering foar. Dat men gjin izer mei hannen brekke kin, seit himsels. It is dan ek net de redaksje dy't nei it finansjele plaatsje sjen moat, it is it bestjoer dat syn ferantwurdlikheid nimme moat sadat dy redaksje (finansjeel) mear earmslach krijt om noch bettere nûmers te meitsjen. As it net slagget, dan is de ropping fan guon skiruwers der altiten noch, mar wat ik sjen en werom hearre wolle soe is dat men it yn elk gefal besiket. En no begjin ik net wer oer dat callsintrum ☺

    BeantwoordenVerwijderen
  33. Mar it is fansels noch altyd sa dat de Moanne de titel Trotwaer fuortset, en himsels dus foar in part beskôget as literêr tydskrift. Wol men in oare kant út, bêst, dan sille dy yngeande besprekken yndie earne oars hinne moatte. Safier is it noch net, en it sjocht der nei it redaksjonele stik oer de Fryske skriuwerij yn nûmer 6 ek net nei út dat it blêd de literatuer tenei links lizze litte wol. Op himsels soe it foar de Moanne net, en foar ensafh net ferkeard wêze as de redaksje in kar makket om folslein "algemien-kultureel" te wurden. Oft dy kar gau makke wurde sil, betwifelje ik. Dat soe ommers nochal wat jild kostje (gjin bydrage mear fan it Letterenfonds). Ate?

    BeantwoordenVerwijderen
  34. Sjoch, by the way, ek by Eeltsje Hettinga oer Kristus Pavlov - want dêr gie dizze blogbydrage eins oer...

    BeantwoordenVerwijderen
  35. @Abe: wêrom bepleitest dat ek Ensafh de 'algemien kulturele kant op moat'? Sit dêr in redaksje dy't útstrielt dat men wat oars wol as allinne de literatuer? Of rekkenst it copy-pasten fan in blog fan Daam de Vries ta it algemien-kulturele?

    BeantwoordenVerwijderen
  36. Nee, sorry, ik bedoel: as de Moanne definityf foar de algemiene kant kiest, dan sil dat foar ensafh wol goed útpakke om't se mear oanbod fan literêre teksten krije.
    En dan is it Letterenfonds ek dalik it probleem kwyt dat it kieze moat tusken de twa...
    As ik it by de Moanne foar 't sizzen hie, soe ik dy kant út gean. Besykje in algemien Frysktalich moanneblêd te wurden, rjochte op in breder publyk.

    BeantwoordenVerwijderen
  37. Ik hie,op facebook, in link lein nei dizze diskusje en krij fan ien as reaksje dat wite letters op in swarte achtergrûn lestich te lêzen binne.

    BeantwoordenVerwijderen
  38. Soa, efkes mei it kroast te swimmen west nei Drachten en moatst sjen wat in bombardemint oan reaksjes ;-)
    Tank foar it serieus yngean op myn fragen. It wie jim grif al dúdlik dat ik sels gjin finansjeel ekspert bin en neffens ES hoech ik dat gelokkich ek net te wêzen. Sy leit dy ferantwurdlikheid by it bestjoer.
    Wat Abe syn direkte fraach / opmerking oan my betreft oft de Moanne/mei Trotwaer folslein 'algemien-kultureel' wurde moatte soe (wat ek mear earmslach foar Ensafh kreëarje soe)... hmm... ik wit it net. Konkreet hâldt it ommers it opofferjen fan literêr ferskaat yn. Ensafh en Trotwaer hawwe yn myn optyk harren eigen identiteit en skiednis.

    BeantwoordenVerwijderen
  39. En ik sil moarn as earste efkes EH syn opiny oer Kr.Pav. lêze.

    BeantwoordenVerwijderen
  40. Dan mar even in reaksje fan myn kant. Bytsje let, mar ik strún net op alle siden om, dat ik mis wolris wat.

    Om te begjinnen is it spitich dat de oanlieding foar dizze diskusje ûnder wetter rekke is. In petear oer de ynterpretaasje fan in gedicht, mei ynbring fan de dichter sels, dat hie ris wat oars west, want sa faak bart dat net. Dat Cor mei de sturt tusken de poaten útnaaid is (gjin tiid...) kin dan mar ien ding betsjutte: de dichter stiet mei de mûle fol tosken om’t der gjin ynterpretaasje is. Of oars sein, der binne wat op himsels nijsgjirrige wurden by inoar kwattele sûnder de assosjaasjes goed troch te tinken. Liket my net handich as je dichter wêze wolle.

    By de hifkings dy’t de provinsje in pear jier ferlyn opset hat om hannen en fuotten oan nij belied te jaan, krigen wy in A4 om yn stekwurden op te skriuwen wat goed wêze soe om it letterebelied in ympuls te jaan. Ik ha mar ien wurd opskreaun: JILD. Dat waard my net yn tank ôfnommen. Blykber ferneare keunst en jild elkoar net. Dat op dizze side sa’n op himsels nuttige útwikseling oer dit ûnderwerp te lêzen falt, is weardefol, gjin misferstân, mar it is ek in herhelling fan setten. Alles wat hjir sein waard en wurde sil is earder sein.

    Ik soe it no wolris safier hawwe wolle dat der spikers mei koppen slein wurde. Foar jild binne twa partijen nedich, de iene freget en de oare jout. Jim freegje, mar wa betellet, dat is de fraach. En noch simpel te beäntwurdzjen ek. As je skriuwe wolle foar De Moanne, dan betellet De Moanne. En kom dan net oan mei it ferwar dat dêr it jild net sit, want dat is net wier. De foarmjouwing is aaklik perfekt, om mar ris wat te neamen, en leau my mar, dat is gjin âld papier/leafdewurk. Dus je geane nei de redaksje en freegje in bettere fergoeding. Yn dat kader is it trouwens ûnderhannelings technys sjoen net handich je priis op in iepenbiere side as dizze op tafel te lizzen. Wa’t hjir € 100 seit, sil merke dat oan de oare kant tafel sa’n bedrach tankber oernommen wurdt. As fraachpriis, wol te ferstean, dat je komme thús mei 55. En dat wie de bedoeling net. Wa’t 100 fange wol, freget 300, sa wurket it.

    Hawar, je kinne as skriuwer dan twa dingen dwaan. Je geane akkoart mei dy 55 of net. Yn ’e regel dogge skriuwers it earste, it is better as neat, je hoege der net perfoarst fan te bestean en je namme komt nochris yn de blêden, ek net wei foar guon. Yn dat gefal moatte je net seure. Sterker noch: mei sa’n hâlding hâlde wy it systeem yn stân of oars sein en dat is dan ek myn konklúzje: de besteande situaasje hawwe wy te tankjen oan ússels.

    BeantwoordenVerwijderen
  41. It koe net yn ien kear, hjir it ferfolch:

    Der is in alternatyf. Je kinne ek net akkoart gean. Yn dat gefal folget in wegering om it artikel te skriuwen. Dêr sil de beteller net wekker fan lizze, der binne genôch oaren dy’t it stokje oernimme wolle. It wurdt oars as skriuwers harren organisearje, ik tink oan It Skriuwersboun. Alle skriuwers dy’t meiwurkje oan in blêd freegje It Boun te ûnderhanneljen. Is it resultaat net befredigjend, wurdt der net mear skreaun. De redaksje stiet dan foar it blok en kin twa dingen dwaan: it blêd opdoeke of nei de provinsje om de situaasje foar te lizzen. No hat de provinsje der gjin belang by wannear’t Frysktalige produksje weiwurdt, sa hat men krekt it foech om ûnderwiisbelied te meitsjen binnen helle. Wannear’t yn it fjild de taalproduksje fuort falt, hat ûnderwiisbelied ek net folle doel mear. Of oars sein: as skriuwers steane wy sterker as dat wy faak tinke.

    Wol moat helder wêze dat wa’t him better betelje litte wol, ek kwaliteit leverje moat. By in bettere betelling stiet de redaksje ek sterker, dy hoecht net mear alles te akseptearjen. Dat is in kant om yn ’e gaten te hâlden. No is it sa dat bgl. De Moanne, alteast troch my, even trochblêde wurdt, fan lêzen komt net folle, net nijsgjirrich genôch. It hat ek te krijen mei it algemien kulturele karakter fan it blêd, it is fan alles krekt te min. Erges hjirboppe lies ik dat De Moanne him better ûntwikkelje kin nei in Friesland Post Plus. Neffens my is dat no al sa en dan is de fraach wa’t dêr wat mei opsjit. Twa Friesland Posten is ien te folle, liket my. Ik soe leaver sjen dat alles ynset wurdt op ynhâld, mar dat is myn persoanlike miening, lykas alles yn dit stik. Dit mar even om foar te kommen dat de foarsitter fan It Boun wer fan alles yn ’e mûle lein wurdt, ûnnoazelen genôch op dit punt.

    Sa, ik bin myn aai foar hjoed wer kwyt. Noch ien ding. Abe, yn de evolúsje is it allang útmakke dat siden wyt binne en de letters swart. Ik wit it, de Eeltsjes, Abes en Huubs fan dizze wrâld fine it poepysjyk, mat it lêst foar gjin meter. Dus eh...

    BeantwoordenVerwijderen
  42. Goeie Koos, moai datst dizze side no al fûn hast... Oer Cornelis: sa fier soe ik net gean wolle. Ik tink dat de dichter wol deechlik in eigen ynterpretaasje op it each hat, mar dat er dêr (blykber) net oer skriuwe wol.
    Foar dyn opmerkingen oer de Fryske skriuwerij: ik ha fan dyn bydrage in aparte blog-entry makke en reagearje dêr fierder.

    BeantwoordenVerwijderen