Sneon wurdt it saneamde ‘Samle wurk’ fan Jan Wybenga presintearre yn Warten. In útjefte yn twa dielen fan Frysk en Frij, aansen te keap foar it freonlike pryske fan 125,- euro. Diel 1 befettet de samle fersen, mei in ynlieding fan sa’n 50 siden (18.000 wurden) fan my. Plus ek noch koartere tematyske stikken oer syn poëzij fan Teake Oppewal, Albertina Soepboer, Jabik Veenbaas en Piter Yedema. Diel 2 befettet allerhanne proazawurk en in stikmannich net al te nijsgjirrige skilderijen/tekeningen fan Wybenga, mei in ynliedende tekst oer syn byldzjende keunst fan Huub Mous.
Utjouwerij Frysk en Frij neamt it yn útnoegings en parseberjochten it ‘samle wurk’. Ik ha de ynhâld net sjoen – net it proaza en ek de stikken fan oaren oer Jan Wybenga net. De grutte kenner fan Wybenga’s proaza, Goaitsen van der Vliet, is ek net by de gearstalling belutsen. Syn samling It hûs en oar neilitten wurk (1998), is dy opnommen yn diel 2? Goaitsen wit yn alle gefallen fan neat.
Diel 2 moat it sûnder ynlieding fan dizze (iennichste) saakkundige dwaan. De útjouwer fan Frysk en Frij hat alles op syn eigenwize houtsje dien. Sammelje, besoargje, ferantwurdzje.
It projekt is spitigernôch út syn naad skuord sûnt ik yn desimber ferline jier fan de útjouwer te hearren krige dat allinnich de yn bondels en tydskriften publisearre fersen sammele wurde soene. Ik lei dêr tsjin yn dat ik yn it letterkundich argyf fan Tresoar bysûnder weardefol en belangryk wurk tusken de net-publisearre fersen oantroffen hie, 18 jier nei de dea fan de dichter. Dêr woe er ynearsten neat fan witte. Sitaat: “Dat stelt allegear net folle foar.”
Op ien of oare wize is it Teake Oppewal en Goaitsen van der Vliet doe slagge om de útjouwer derfan te oertsjûgjen dat er ferkeard siet. Gefolch: ik moast myn ynlieding, dy’t begjin jannewaris al klear wie, oanpasse en útwreidzje. Gefolch twa: de ‘samle fersen’ blike ynienen transformearre te wêzen yn it ‘samle wurk’. Ik winskje de dielnimmers oan it sympoasium en de besikers in noflike sneon.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten