Hjoed yn it Friesch Dagblad in Skroeier nei oanlieding fan de Facebookside 'Leaver dea as slaef', lykas bekend in útspraak dy't oan Grutte Pier taskreaun wurdt. Nee, it giet net (allinnich) oer de gewearkes:
Harren Frysk is om te gûlen. Dat witte se sels ek wol, mar dêr wat oan dwaan, wolnee. “Wot n eamelderije om hoe't ien syn Frysk skriuwt,” lit in reagearder witte, “it got der om ost dy Fries fielst (..). En yn die taal ha we dialecten, far mie de reden om fonetysk wâldsk te skriûwen omdot we die dialecten ek yn stân hâlde matte. Ot wie ollejer geef prate matte, is de folgjende stap nij de fernederlânsking set.”
De tsjinstelling tusken it nasjonalisme fan dizze minsken en harren non-behanneling fan de taal fernuveret. De reagearder út de Harkema of de Westereen makket gewoan in baas tinkflater. Fernederlânsking leit just op ’e lúster as elk syn eigen eigenwize stavering en dialektyske ôfwikingen hillich ferklearret. Grutte Pier soe him it leksum lêze.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten