De jûn is rûzich en yn kâlde fleagen
Reint it bytiden oer d’ ûnlij’ge romt’;
De mar brûst bluistrich yn oerstjoere weagen,
It lêste beaken is it ljocht benomd.
Omfierren inkeld jit wat wif geglinster,
In stoarmlantearne sling’rjend oan de mêst
En soms it lampeskynsel troch ’t roefsfinster
Fan in ferwaaide skûte op ’n sânplaat fêst.
Unwennich gûlt de wyn yn de hûshernen,
De smoute hurd kin no gjin taflecht jaan;
Wy sitte by mankoar as krêft-ferlernen;
Wat jout it, dochs de blinen ticht te dwaan?
De keallen bruiden troch de jisterswringe
En komme oan it finster, ien foar oar;
De grutte guodlike eagen freonlik twinge
Om ’n bytke oanhâld mei sa’n nacht yn ’t foar.
Hoefolle fan wat bûtendoar benachtet
Komt nea te stâl en wurdt it libben nomd?
Ja, it is goed, net witte wat der wachtet,
Mar hoe ferriederlik de dea dochs komt.
Is dit de winst fan ’t libbenslange stribjen
Om te behurdzjen ta wrâlds wrede krêft,
Allinken oan illinde te besibjen,
Mar yn te tarren fan ús leafde en trêft?
Dit fan ús djoer talint de skeam’le rinte?
Ik gean nei bûten oft de wyn faaks falt
En strak in stjerre trochbrekt oan Gods tinte…
De kuozzen raze en komme út har klinte.
Douwe Kiestra, 1928
Geen opmerkingen:
Een reactie posten