dinsdag 18 december 2012

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Wikseling fan de wacht

Hjoed wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Oer it fertrek fan Connexxion en de komst fan Arriva yn Noard- en Súdwest-Fryslân (en Ljouwert):

"In twadde risseltaat fan de komst fan in oare ferfierder kin oantsjut wurde mei in wurd dat ek net ûnbekend is yn de wrâld fan it iepenbier ferfier. It is it wurd ‘klachtenstroom’. Dat wurd heart by ‘kwaliteit’ en ‘prijs’ as hagelslach by wite bôle en boerebûter. Politike partijen binne tûk en iepenje by in wikseling fan ferfierders dêrom in ‘meldpunt’. Foar al dy klachten. De SP hat der ien, GrienLinks, de ChristenUnie. Hjoed sil dy lêste partij al de earste fragen oer de nije konsesje oan de deputearre stelle. In dikke wike nei it yngean derfan.

Samar in deidream. Wat soe it moai wêze as dat senuweftige dûnkergrien en ljochtblau definityf ophûpelje soe fan it plattelân. En dat dêr dan wer gewoan dy giele bussen ride soene. Dy betroubere giele bussen, fan de Fram."

1 opmerking:

  1. Bêste Abe,
    Of de READE fan de LAB sa't ik skreau yn
    'Reade bus yn magysk lânskip' (Brumes Blondes,Bloemendaal 2011).
    Ferskynt yn april '13 by utjouwerij Perio fan Willem Winters yn 3 talen - Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.
    Mei dat boekje yn 'e bûse binne jo elke fertraging treast. Yn wêzen soe it yn noch mear talen oersetten wurde moatte, dan kinne de Europeeske besikers yn 2018 reade busritten meitsje mei dit boekje op skurte.

    BeantwoordenVerwijderen