maandag 23 mei 2011
Tim de Vries spilet Schubert
De Groate Kerk yn Sint Jabik siet mei krapoan 120 minsken fol justermiddei. Tim de Vries (10), Anton Jakimenko (20) en Nynke Wijnholds (19) spilen op it Earste J.W. Louwenaar Konsert foar in tige entûsjast publyk. Mei begelieding fan Hilde Stolker op piano spile Tim Bach, Schubert, Portnoff en Tsjaikovsky.
Ut de resinsje fan Feike van Tuinen hjoed yn it Friesch Dagblad:
"Soms denk je wel eens dat wonderkinderen alleen vroeger leefden: Bach, Mozart, de violist Yehudi Menuhin. Maar ze zijn er ook nog in de 21e eeuw. Gisteren was ik getuige van het Friese vioolwonder Tim de Vries uit Zaandam. In de prachtige Groate Kerk in Sint Jacobiparochie genoten ongeveer 120 mensen van het virtuoze en muzikale spel van dit grote talent."
Johan Veenstra:
"Et was een prachtig konsert en et pebliek in de volle karke was enthousiast! Ik snappe waorlik niet dat zokke jonge kiender al zo prachtig mooi speulen kunnen. Mar ja, Mozart was als kiend al op tournee deur Nederlaand en die komponeerde ok noch! Ik bin slim beni'jd waor "kleine" Tim over tien jaor is in zien meziek-karrière."
Daam de Vries:
"Der wiene jonge muzikanten om net te sizzen ekstreem jong al kinne jo dat fansels better net tsjin ien fan tsien-alve jier sizze. Dat wie de jongste. Hy spile lykwols as ehhh… tsja, wêr moatte jo dat no mei ferlykje? Elke ferliking giet mank fansels dat ik weagje my der mar net oan. Hy hat in fioele út 1930. Dêr mei er op spylje teminsten. En hoe!!!? Ik wol der fierder net in soad oer sizze mar Tim: ast begjinst te puberjen meist fan alles dwaan mar dat ding net yn de kontener soale!!!"
It wie yn alle gefallen in prachtige middei mei de trije masters op harren ynstremint. Nynke Wijnholds (19) spile Debussy, Bach, Chopin en Beethoven; grif dat se fan 't simmer mei glâns en peareljend helder spul slagget foar it talittingseksamen oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins. Anton Jakimenko (20) is yn it twadde jier fan syn oplieding yn Grins; oan de hân fan Stravinsky rûn er yn Sint Jabik stil en swingend oer de skieding tusken klassyk en pop.
En Tim: ik leau dat de oardel minút yn boppesteand filmke, fan 7:43 oan 9:14 ta, de meast yn it moed taastende muzyk is dy't ik oan no ta fan dy heard ha.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten