vrijdag 27 mei 2011
KOLLUM (1): Dy't in optreden regelje wol, moat syn fytsehok rom meitsje
Ljouwert en Zaandam binne wat ynwennertal oanbelanget te ferlykjen, mar harren kultuerbelied lit in grut ferskil sjen. Parnas giet ticht, Fluxus oerlibbet
“Leeuwarden maakt de ambitie om in 2018 culturele hoofdstad van Europa te worden tot een lachertje,’ skreau Bert de Jong yn de LC fan 23 april. De provinsje lûkt miljoenen út foar it neijeien fan in dream, wylst yn de haadstêd it keunstesintrum Parnas ticht moat. Prestiizjeprojekten geane boppe kultuerûnderwiis, is it boadskip.
Wy wennen yn Zaandam tichtby it Centrum voor de Kunsten Fluxus, sis mar it Parnas fan de gemeente Zaanstad. Tim en Luuk kamen der lâns op wei nei basisskoalle Et Buut. Yn ‘e simmer kamen middeis de klanken fan piano’s en fioelen troch de iepensteande ruten fan de leskeamers, of op de Westzijde klonk wat troch fan in optreden yn de grutte muzykseal. It beslút om ris nei binnen te gean en te sjen wat der allegear te rêden wie, foel al gau. Yn 2007 sette Tim útein mei syn fioeloplieding oan Fluxus, dêr’t er oant ferline jier les hie fan in betûfte dosinte, Sandra Wallner. Tsjintwurdich studearret er oan de Academie Muzikaal Talent yn Utert, mar de basis waard lein by Fluxus.
Gemeentlik kultuerûnderwiis bringt bern yn kontakt mei wat der werklik ta docht yn it libben. Ik bedoel fansels: muzyk, toaniel, dûns, theater, fotografy, skriuwen, skilderjen en tekenjen.
Wiswier besuniget Zaanstad op Fluxus. Oantemei 2014 sa’n oardel ton op in gemeentlike bydrage fan mear as 2 miljoen euro. In lokaasje moat ticht, kursusprizen gean omheech en dosinten krije minder oeren fergoede. Aansens falle der faaks noch mear pynlike besluten omdat de provinsje Noord-Holland it paad wat bjuster is en mei syn bydrage oan de kultueredukaasje yn Zaanstad ophâlde wol. Mar it liket der yn alle gefallen wol op dat de gemeente mear each hat foar kultuer as Ljouwert.
“Cultuur brengt de stad tot leven en bevordert ‘reuring en bekaiks’, zowel voor de eigen bewoners als voor de bezoekers,” seit de Zaanse Meerjarenbegroting 2010-2014. It links-liberale Zaanse kolleezje (PvdA, VVD, GroenLinks en in pleatslike partij) sjocht kultuer as in faktor dy’t makket dat minsken en bedriuwen har earder fêstigje yn de gemeente. It jout sjeu oan in stêd. Ek makket kultuer in gemeente noflik om yn te wenjen. Kultuer smyt goede ûntjouwingskânsen foar jongerein op, dy’t yn ’e kunde komme mei ûnderskate keunstdissiplines én de kans krije om op harren eigen wize kultuer te belibjen. Fierder wurdt kultuer yn Zaandam sjoen as in manear om de sosjale gearhing yn de stedswiken fuort te sterkjen. Op termyn wol de gemeente komme ta ien grutte Stichting Cultuur: Fluxus tegearre mei ûnder mear de bibleteek en it Zaantheater.
Ik wit net wat Ljouwert him yn ’e holle helle hat. Parnas ticht? De iene of oare berne-opfang klub moat regelje dat mear as 8000 skoalbern oant harren tolfde jier op syn minst fjirtjin kear “in aanraking komen met cultuur en erfgoed’? Kultuercoaches jouwe oriïntaasjekursussen op legere skoallen? Dy’t op nivo les hawwe wol, moat mar in partikulier dosint ynhiere? Dy’t in optreden regelje wol, moat syn fytsehok rom meitsje?
“Dertig jaar geleden was er een muziekpedagogische academie, een muziekschool en een creativiteitscentrum. De eerste werd opgeschaald tot conservatorium en verdween naar Groningen, beide laatste werden uit efficiencyoverwegingen samengevoegd en worden nu tot snippers vermalen en over de stad uitgestrooid. Leve de cultuurspreiding,” skreau Pieter de Groot yn de LC (23 april). Dat barde allegear wylst hjir en dêr wat lytse groepkes minsken, de direkt belutsenen, protestearden, mar de grutte mearderheid, de swijende mearderheid, like de kealslach net al tefolle bomme te kinnen. En sa is it noch hieltyd, want ommers, de moderne boarger hat as it der op oankomt allinnich each foar it eigen lytse partikuliere dielbelang, dat er sjen, fiele en telle kin.
Fluxus hat in prachtich modern gebou, jout kwalitatyf heechsteand ûnderwiis en organisearret in grut ferskaat oan kulturele aktiviteiten. Ik kom der noch geregeld en it falt my elke kear op hoe belangryk sa’n oansprekkende sintrumlokaasje is, foar de bern, foar de âlden, foar it mei-inoar meitsjen en genietsjen fan keunst en kultuer. En dus fan wat it libben de muoite wurdich makket.
It is my yntusken wol dúdlik. Zaandam is goochem, Ljouwert mesjogge.
www.flickr.com/photos/abedevries
27 maaie 2011
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten