Juster (11 oktober 2025) wie ik by de feestlike útrikking fan de Gysbert
Japicxpriis foar Fryske poëzij oan dichter Elmar Kuiper yn de Martinitsjerke yn
Boalsert. In moaie middei, perfekt organisearre troch Tresoar, bywenne troch sa’n
hûndert minsken. Jo wiene der dus net. En dat wie ek it gefal mei de grutte
mearheid fan Fryske skriuwers, dy sieten foar Sabalenka tsjin Pegula, en mei
Omrop Fryslân, want dêr is de ferslachjouwing fuortbesunige.
No woe ik leaver in skôgjend as in soer stikje skriuwe,
Elmar Kuiper fan Jorwert is ommers in geweldige dichter, syn bondel is in
geweldige bondel en de advyskommisje hat dus in geweldich beslút naam om de
priis ta te kennen foar Ferlosboartsje. Wat net sizze wol dat jo neat
opfallen wie, hiene jo bywêzich west. Dêrom praat ik jo efkes by.
By it derynkommen wie it dalik al dúdlik hoefolle war de
organisaasje dien hie om der in middei fan nivo fan te meitsjen. Der stie in tsien
meter lange tafel fol Fryske boeken. Oan de sydkanten fan it skip stiene mânske
televyzjeskermen opsteld, sadat men oeral yn ’e tsjerke it barren ek sûnder
brilleglêzen goed folgje koe. Neist in berch
jild en in grutte oarkonde krige de priiswinner foar it earst ek in prachtich
brûnzen boarstbyld oanbean, ik nim oan fan good old Gysbert, mar dat ha ’k
mist want ik flústere krekt wat oan in buorfrou oer de nuvere útspraak dy’t ik mar
hieltyd hearde fan wurden as biis, fiis, griis, niis, priis, tiid, tsiis en wiis.
Yn it Frysk binne dat ienlûden, ferlykber mei it lûd fan it
Ingelske please. Je hearre it hieltyd faker, mar it foel my diskear
bysûnder op: Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra, advyskommisjefoarsitter
Johanneke Liemburg, deputearre fan Taal Eke Folkerts, foarsitter Sjirk Bruinsma
fan De Fryske Beweging en wethâlder fan Súdwest-Fryslân Petra van den Akker, werklik
allegear makken se der op eigen manneboet mar efkes in twalûd fan.
Priii-us, tsiii-us, wiii-us.
Jo sille begripe, dat die ferskuorrende sear oan ’e earen.
Leuk foar letter: de iennichste dy’t oan it wurd kaam en it wurd ‘priis’ goed
útspruts, wie de Bosnyske Alen Hrustic (13) út de Jouwer. Dy’t op skoalle
blykber wol goed by de les is, en de Lytse Gysbert krige foar in yn it Frysk
oerset gedicht, wat yndie nuver is, mar wa sil tsjintwurdich noch sizze kinne
wat oerset is en wat net.
Dat bringt my op in hichtepunt fan ’e middei, it foarlêzen
fan it rapport fan de advyskommisje, dat goed yninoar stuts, in prima ferslach
fan it paad dat de kommisje rûn hie. Lykwols heart it wilens ta de Fryske
folkloare dat sa’n kommisje ek wat nuvere paden rint en wat kontroversiële
útspraken docht – dêr binne de leden net foar oannaam, mar der binne blykber
altyd takomsten dy’t beynfloede wurde wolle en tinkbyldige muorren dy’t
delhelle wurde moatte.
Sa pleite dizze kommisje derfoar dat tenei ék diels of
folslein twatalige (Frysk-Nederlansk) bondels yn ’e beneaming komme moatte foar
de priis. As foarskotsje hiene se mar fêst Ynbêde/Ingebed fan Tsead Bruinja
(folslein twatalich) en Delta fan Albertina Soepboer (mei ek Nederlânsktalige
fersen) meinaam yn har eigen listke fan fiif ‘kânshawwers’.
Ik, oan ’e oare kant, soe just ôfweve wolle mei sok benypt
provinsjalisme. Fryske literatuer is Frysktalige literatuer, net ‘literatuer skreaun
yn de provinsje Fryslân’ of literatuer fan lju dy't 'wat' mei Fryslân hawwe, hoe’t de Bûterhoeke út kommersjeel-populistyske
oerwagings syn bêst ek docht om alle oarstaligen tusken Skier en de Lemmer te
freon te hâlden. Earder hat Ernst Bruinsma fan de Afûk, City of Literature en wêr
net fan alris sa’n proefballontsje oplitten, yn de blomlêzing Swallows and
Floating Horses út 2019.
Spitich foar de kommisje, mar it ‘Reglemint
provinsjale prizen en beneaming 2022’ skriuwt foar, yn Kêst 9, punt 4.a.: ‘It
giet om Frysktalige wurken’. Dat is sa klear as in klûntsje, en Ytsje Hoekstra,
Sytse Jansma en Johanneke Liemburg hawwe dus op syn
minst twa titels yllegaal meinaam yn harren beoardieling.
Mar as it efkes net útkomt, is de kommisje sa freischwebend
just wer net. De foarsitter moast melde dat myn Bloedprikke net yn ’e
beneaming komme koe om’t ik de priis yn 2005 al takend krigen ha. Der is
lykwols gjin inkelde passaazje yn ’e regleminten oan te wizen dy’t sa’n útspraak
ûnderstypje kin. En de literêre jurisprudinsje wiist oars út: Jan Wybenga hat
de priis twa kear krigen, beide kearen foar in dichtbondel, Trinus Riemersma ek,
beide kearen foar proaza, en Anne Wadman ek, foar proaza en essees. Foar de
dúdlikheid: Kuiper hat De Priis mear as fertsjinne, dêr giet it net om. It giet
om de selsbetochte regeltsjes fan kommisjes, de lytse tuskensintsjes dy’t in pear
jier letter ynienen wetboeken blike te wêzen.
Wêr komt dy pressy om tsjinreglemintêr om te gean mei de priistaal
eins wei? Dat is dúdlik: dy komt by de buorman fan Tresoar wei, de Afûk, de
steatsútjouwer dy’t fan de provinsje it rjocht takend krigen hat om it ynstitút
Dichter fan Fryslân foarm te jaan. Dy hat it foarelkoar krigen om yn it niisneamde
‘Reglemint’ opnaam te krijen dat in Dichter fan Fryslân mar seis oant tsien ‘Frysktalige
gedichten’ yn ’t jier hoecht te publisearjen; oan alle oare aktiviteiten dy’t in
Dichter fan Fryslân by de ein hat wurdt gjin taaleask ferbûn (Kêst 20, punt
4.).
Slach acht: dy ‘Frysktalige gedichten’ kinne likegoed
oersettingen wêze, want der stiet net: ‘oarspronklik Frysktalige gedichten’. De
Dichter fan Fryslân hoecht gjin Frysk skriuwe te kinnen. Hy of sy hoecht inkeld
mar ‘net earder’ Dichter fan Fryslân west te hawwen (Kêst 20, punt 1.a.) en hy
of sy moat ‘in dúdlike relaasje mei Fryslân’ hawwe (Kêst 20, punt 1.b.).
Oan bygelyks de Nederlânsk skriuwende en nei it Frysk oersettende Tsead Bruinja aansens de twiveleftige eare om it lêste Fryske muorke om te triuwen. Mar gelokkich duorret dat noch in jier. Dichter fan Fryslân Arjan Hut skynt der yllegaal, tsjin- of bûtenreglemintêr, krekt sa't jo wolle, noch in jier by te krijen fan de Afûk. Fan 't jier soe in opfolger beneamd wurde moatte, mar sa't it skynt binne der rinnende projekten en dy kinne inkeld mar troch Hut dienmakke wurde. Of troch Bruinja, Oomen, Betten, Jansma, wa wit? Ik lês op it www dat Tsead Bruinja en Sytse Jansma beide takom jier it lân ôfreizgje sille mei in programma. Dy kinne dus efkes net. Ien en ien en ien is twa, ek yn it Frysk.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten