maandag 2 november 2015
zaterdag 17 oktober 2015
Oer de 'Noardlike elegyen'
Sân gedichten fan Anna Akhmatova, skreaun yn de tritiger, fjirtiger en fyftiger jierren fan de foarige ieu, binne letter bekend wurden as de ‘Noardlike elegyen’.
Een lange cyclus (..) behandelt het leven van de ik vanuit wisselende gezichtspunten. Er is onder deze ‘Noordelijke elegieën’ een gedicht dat de sfeer in Rusland oproept aan het eind van de negentiende eeuw - de periode waarin de dichteres werd geboren, ‘feilloos op tijd’, zoals ze ironisch schrijft, om de ‘onvergelijkelijke schouwspelen’ van de twintigste eeuw niet te missen. Andere gedichten bevatten een algemene bespiegeling over het pijnlijke proces van de terugkeer naar een diep begraven verleden. Soms is het onderwerp ook een persoonlijke herinnering – Achmatova’s vroege literaire succes, haar samenwonen met Goemiljov en haar afscheid van een levensgezel uit de dertiger jaren die, net als haar zoon, werd gearresteerd. 1)
In elegy drukt tradisjoneel ferlies en ôfwêzichheid út, mei as doel om in foarm fan treast te finen. It tema is meastentiids de dea of de ôfwêzichheid fan in leafde, of fan de leafde sels, of fan de jonkheid – en dêrmei wurdt automatysk ek it effekt fan de tiid en syn ferstriken ta ûnderwerp makke. ‘The unusual aspect of Akhmatova’s elegies is that the object of elegiac mourning is the speaker’s own life, past self (or selves) (..),’ skriuwt Akhmatova-kenner Alexandra Harrington. 2) Yn de earste elegy wurdt it begjin fan it libben fan de haadpersoan situearre yn it Ruslân fan Dostojevski, mar dy pre-revolúsjonêre perioade yn de Russyske skiednis wurdt sadanich mytologisearre dat ‘the point of origin of present reality’ oantsjut wurdt – it kommunistyske Ruslân fan Akhmatova’s tiid. 3) Wâlnútfoarmige spegels binne ‘amazed by the beauty of Karenina’:
(..) And in Staraya Russa magnificent ditches,
And in the gardens decaying summer houses,
And the windowpanes are black as an ice-hole,
And one imagines that something has occurred,
That it is better not to peep, let us leave.
It is not possible to reach an understanding with every place,
So that it reveals its secret… 4)
Yn de njoggen ‘Noardlike elegyen’ fan Abe de Vries, de earste ôfdieling yn syn sânde dichtbondel Brek dyn klank (2015), wurdt hjir en dêr, om te begjinnen al yn de titel, referearre oan de syklus fan Akhmatova. Sa is de ‘Mirte’ út De Vries syn earste elegy te beskôgjen as in wjerlûd fan ‘the beauty of Karenina’ út Akhmatova har earste. It Sint Petersburg fan Akhmatova – de stêd mei de ‘magnificent ditches’ en de tunen – is by De Vries transformearre ta in Fryske pleatstún, ‘it parrepark fan earder Goslinga’, ‘it hôf om ‘e kop’ dêr’t syn ik-dichter in glim opfangt fan Mirte dy’t in bikiny oanpast. Sy is de personifiearre eros – yn it joadske leauwe is de mirte in plant dy’t gelok yn it houlik en fruchtberens bringt. Ek hat mirte in promininte rol yn de zoroastriskyske liturgy. En fansels trillet yn de pleatstún ek noch it bibelske paradys mei.
Alsa wurdt sawol by Akhmatova as De Vries it begjin fan in persoanlike skiednis mytologisearre mei behelp fan in lânskip en in (foarbije) tiid. De Vries syn ik-dichter, no yn de rol fan sfinx, jout oan Oedipus in riedsel op: ‘wat hat twa earten moarns, mar moarns / yn ‘t blommegers ek lamkes twa?’ It goede antwurd is fansels: de 16-jierrige Mirte mei har jonge boarsten. It situearjen fan de eros yn de foartiid fan de ik-dichter is it doel fan de earste elegy. Syn earste soarch is net om de lêzer in byld te jaan fan in ferdwûn boerelibben – ‘Ik fertel jimme net oer it ratteljen fan de amers,’ – mar it fêstlizzen fan in eroatysk oerbyld: ‘mar ik jou in ets fan Mirte’s blanke boerefammejaar.’ Yn de twadde elegy wurdt datselde noch in kear dien, mar no oan de hân fan in útstapke yn de skuorre fan de pleats. Wat de ik-dichter dêr rûkt, is ‘dierlikheid / mongen mei it parfum fan in jonge ierde’.
Beide elegyen wurde ferteld troch de ik-dichter, de earste oan in ‘jimme’, de twadde oan bern dy’t no like âld binne as de ik-dichter doe’t er yn dy skuorre wie: ‘(..) ik wie ek trettjin, fjirtjin jier (..).’ Ek yn de sânde elegy is der in ‘jimme’ dêr’t tsjin praat wurdt. Ek sjoen yn it ramt fan de bondel – it twadde en tredde skift befetsje fersen dêr’t de ik-dichter him yn uteret tsjin en oer syn bern – wurdt dúdlik dat mei dy ‘jimme’ út de elegyen net de lêzer mar de bern fan de ik-dichter bedoeld binne. Dat makket fan de ‘Noardlike elegyen’ fan De Vries op it foarste plak in tsjûgenis en in ferslach fan it ferline fan de ik-dichter, foar safier’t er dêr wat oer kwyt wol tsjin syn bern, of mear yn it algemien, tsjin harren dy’t yn de tiid nei him komme en yn in oare wrâld libje as dêr’t hy yn ferkeard hat.
‘It is not possible to reach an understanding with every place, / So that it reveals its secret’, dichte Akhamatova. Mar it dekor fan De Vries syn elegyen kin wol tige krekt trasearre wurde. Dat de ik-dichter ‘fan de Riedkant’ it hôf ‘fan Goslinga’ ynkomt, jout al ynformaasje genôch: de pleats Okkinga State eastlik fan Winaam oan de Foarryp leit deunby de Ried en wie yn de 17e-ieu it domisily fan de haadling Johan van Goslinga, de pake fan de lettere steatsman Sicco van Goslinga. Johan van Goslinga jr., de heit fan Sicco, komt foar yn de sechsde elegy as ‘klokkeskinker’, in ferwizing nei it feit dat er de nije klok skonk dy’t yn de tsjerketoer fan Winaam hongen waard nei’t de toer yn 1684 ynstoart wie. Yn de tredde elegy ferskynt de pleats yn ‘de rûge skyn fan de ûneinichheid, / oer fan sinnebaarnen, tongerreinen: / stûfe wjerstân tsjin it gnabjen / fan de libbenstiid.’ De krêften dy’t ferfal feroarsaakje binne blykber net sterker as dat wat de muorren oereinhâldt: ‘Alles is yn wyb’lich lykwicht.’ Yn de lêste rigels wurdt it omtinken rjochte op de ferivigjende funksje fan it skriuwen cq. dichtsjen: ‘Boer en feint wine ’t oerwurk op, / mar al it oare wurk is foar de dichter.’ Boeren en feinten komme en gean en hearre ta it domyn fan de tiid, mar it is de dichter dy’t de pleats syn essinsje jout en oerbringt nei it ryk fan de literatuer.
De fjirde elegy ferleit it perspektyf nei it doarp dêr’t de ik-dichter weikomt. It gedicht jout, nei de mytologisearring, utering oan de ferfrjemding dy’t er fielt as er dêr yn it hjoeddageliks wer in kear is: ‘De strjitte is fol frjemde minsken.’ Hy ken se net, wat ek sizze wol: hy kin se net mear ferstean. It reëel besteande doarp moat alsa belies jaan tsjin it literêr besteande doarp, wat bliken docht as it rymke sitearre wurdt, oanbrocht op de tsjerkeklok. Dat is fan de hân fan Onno Sytstra, soan fan Harmen Sytstra:
Ik lied de ljue nei ’t hillichdom
En ta de rêst yn iiv’ge slom
Mar hwet ik oansiz, drôf ef bliid,
It kinstige ûrwirk seit:
Sa, minske, rint de tiid.
Harmen Sytstra wie bakkersfeint (1838-1840) en skoalmaster (1843-1844) yn Winaam. De fyfde elegy wreidet it literêre ferline fan it doarp fierder út as de ik-dichter de deaden bedobbet op it tsjerkhôf. De toer mei dan omfallen wêze om’t it ‘kwea yn it anker’ siet – gebouwen binne no ienris net bestân tsjin de tiid – mar yn it gedicht bliuwe de deaden dy’t om de toer fergearre binne, bewarre. Sa is it ek yn elegy 6; de tiid slacht yn it stal fan sekularisearring syn slach, mar: ‘Inkeld de dichter / makket leauwen lichter, / as er klokkeskinker Goslinga / rymjend earet, yn in elegy as twa.’
It ferline dat de ik-dichter hie yn syn ‘Staraya Russa’ kin inkeld sichtber en taastber makke wurde (bewarre wurde foar it ferfal) yn it gedicht. De needsaak fan dat bewarjen wurdt wat fan dúdlik yn de sânde elegy, dêr’t de ik-dichter by Ropta op ‘e seedyk stiet en ‘jimme, kanofarders’ oankommen sjocht. As er har freget foar wa’t se komme, krijt er gjin antwurd en begjint it te reinen: ‘Earst sunichjes begjint it te drippen. / Dan stekt in stoarm op fan striid, / dy’t de see wint fan it lân / mei in weach fan fier foar myn tiid.’ Dat ‘fier foar myn tiid’ docht tinken oan wat men seit fan in te jong ferstoarne persoan: dy is ‘fier foar syn tiid’ hinnegien. Licht kin men dan betinke, yn it ramt fan dizze elegyen, dat de ik-dichter fielt dat er oer syn ferline skriuwe moat, foar syn bern, foar’t er dat net mear kin.
Elegy nûmer acht tsjoent ús it hjoeddeiske Frjentsjer foar eagen, de âlde universiteitsstêd dy’t de wittenskip spitigernôch al lang net mear skewielje kin. Sa’t Sint Petersburg foar Akhmatova in ferlern ideaal wjerspegelet, sa docht Frjentsjer dat foar De Vries: de universiteitsstêd as eardere beskavings- en Ferljochtingsbringer, dy’t yn it hjoeddageliks der lykwols ûnttakele by leit en it sjocht der net nei út dat de âlde graasje oait weromkomme sil. Fryslân hat gjin universiteit mear en ek in alfde, tolfde of trettjinde ‘fakulteit’ fan de Grinzer universiteit yn Ljouwert kin dat feit net feroarje. Fryslân, dat wol sizze, it Fryslân sa’t de ik-dichter dat belibbet, is in oarde dêr’t de geasten fan Keunst en Wittenskip út ferballe binne. As dat net reden genôch is foar in elegy? De achtste elegy wurdt dêrmei ek in protestfers, in oanklacht tsjin, lit ús sizze, de platte bewegerskultuer dêr’t men literatuer hatet en hampelmannen langer it lêzen net leare.
‘The beginnings and ends are known to me, / And life after the end’, skriuwt Akhmatova yn ien fan har elegyen. Yn syn njoggende en lêste elegy komt De Vries werom op de funksje dy’t it skriuwen fan dizze elegyen foar him hat. Hy beitelet syn wurden yn stien en stiet dêryn ‘bewarre, beklamme’, sa hopet er. Hy hopet boppedat dat ‘dy’t dit lêst’ syn tekst – eins himsels – ferstean kinne sil. As dat sa is, dan kin de skriuwer de pinne dellizze. It gedicht is dan ‘rêst’ en de dichter kin ‘yn it libben gean’. De heit, de skriuwer dy’t net werklik ‘libbet’, hat himsels útsprutsen en libbet fierder yn syn bern, dy’t, sa docht bliken út it twadde en tredde skift fan Brek dyn klank, earne oars wenje. Yn alle gefallen net yn it lânskip of de taal fan de pleats, it doarp, de seedyk, de âlde universiteitsstêd, Fryslân. De ik-dichter is yn dy sin syn bern kwyt. Hy kin himsels treastgje – in funksje fan de elegy – mei de wittenskip, of is it inkeld mar de hope, dat se oait syn gedichten wol in kear lêze en begripe sille.
Noaten
1) Kees Verheul, ‘Negen gedichten van Akhmatova met een inleiding’, Tirade Jrg. 23 (Van Oorschot, Amsterdam 1979) s. 641
2) Alexandra Harrington, The poetry of Anna Akhmatova. Living in different mirrors (Anthem Press, London 2006) s. 114
3) Ibid., s. 148
4) Oersetting by Rachel Polonsky, Molotov’s magic lantern. Uncovering Russia’s secret history (Faber & Faber, London 2010) s. 86

zondag 11 oktober 2015
dinsdag 1 september 2015
Tony Feitsma, in foarbyld dat wachtet op neifolgers
In ‘flammedraachster’ wurdt se neamd. In ‘fjoeroanstekster’. Anthonia Feitsma (1928-2009), heechlearaar Frysk, hie in skerpe geast en dito pinne. In esseebondel bringt har neilittenskip yn kaart.
As der noch mar seis jier nei jo ferstjerren al in mânske stúdzje ferskynt oer jo wurk, dan is dat foar Fryske begripen moai op ’e tiid. Wittenskip en Beweging, in samling fan alve essees en in tal bylagen, útjûn mei stipe fan it Fûûns fwar it Frysk (dat se selsoprjochte hat), giet wiidweidich yn op de betsjutting fan it wittenskiplike wurk en it ‘bewegen’ fan prof.dr. Anthonia (Tony) Feitsma (1928-2009). It boek befettet bydragen fan Alex Riemersma, Henk Meijering, Jarich Hoekstra, Philippus Breuker, Arjen Versloot, Jan Noordegraaf, Anne Dykstra, Hindrik Sijens, Durk Gorter, Jan Popkema en Liuwe Westra. Harren is frege om it wurk fan Tony Feitsma te hifkjen. Hoe wie de ûntfangst, wat wie de ynfloed, wat betsjut it foar takomstich ûndersyk?
Yn it foaropwurd wurdt spitigernôch net útlein wêrom’t dizze teksten, dy’t ynearsten ornearre wiene as foarwurk foar in biografy, no yn in selsstannige útjefte byinoar brocht binne. Wêrom binne de plannen foar in biografy op ‘e non útrûn?
Tony Feitsma wie heechlearaar Frysk oan de VU (1976-1990) en de UvA (1986-1993) en is in ikoan fan sawol de frisistyk as de Fryske Beweging. Dy status hie se al; dêr hoegde in útjefte oer har betsjutting net mear oan mei te wurkjen. Wittenskip en Beweging is dan ek, en gelokkich mar, gjin jubeljende hagiografy wurden. Earder is it tsjinoerstelde it gefal: yn ûnderskate bydragen treft men neist lof ek gâns krityk oan.
De fraach oft har wittenskiplike wurk ‘fernijend’ wie, is bygelyks ûnderwerp fan diskusje. ‘Tony Feitsma hat (..) op gâns gebieten yn ‘e frisistyk in fernijende ynfloed hân’, set Jarich Hoekstra, heechlearaar Frysk yn Kiel, moedich út ein yn syn essee. Hy neamt dan as fernijende inisjativen bygelyks har yntroduksje fan de generative grammatika, mar seit ek dat se dy oppikte fan oaren en inkeld fierder stimulearre. Hy neamt har krewearjen foar sosjolinguïstyk en literatuersosjology, mar seit ek dat har foargonger Klaas Fokkema en oaren dêr al mei dwaande west hiene. En hy neamt har niget oan grafematyk, mar dat ‘hat oars mar in koarte opstiging west’.
Yn feite, seit Hoekstra, woe Feitsma ‘inkeld fernijing op ‘e hechte basis fan ‘e tradysje’ en siet har ynset as beweger har wittenskiplike wurk wolris yn ‘e wei. Foar har wiene dy twa saken lykwols ien. Hoekstra: ‘Polityk en wittenskip binne by har fêst yninoar beweefd, net yn ‘e sin dat de frisistyk de wittenskiplike earm fan de Fryske beweging wêze moatte soe, mar yn it witten dat de frisistyk der kommen is en der inkeld bliuwe sil troch politike presje en dêrom in bysûndere ferantwurdlikheid hat foar har efterban oer.’
De foar in mear algemien publyk faaks nijsgjirrichste bydrage is fan Liuwe Westra, oer Tony Feitsma as Frysk beweger. Westra ferdielt har ‘bewegingskarriêre’ yn trijen: 1958-1979: dan is Feitsma ûnder mear in skoft foarsitter fan de FNP en fan de Koperative Utjowerij; 1980-1991: se is dan út it bewegingsblêd De Stiennen Man stapt en begjint it blêd Fryx; doel is ûnder mear it befoarderjen fan de ‘mûnigens’ fan de Friezen; 1991-2009: dan foarmet se in ‘ienmansfraksje dy’t mei wikseljende partijen koälysjes slút’ (Westra). Al dy jierren nimt se yn de Beweging in tige krityske posysje yn. Sa sinjalearre se bygelyks in tefolle oan stribjen nei taalstanderdisearring, in te min oan fisy en takomstperspektyf yn de top fan de Beweging, en in te min oan omtinken foar de taalsitewaasje by oare minderheden. In moai foarbyld fan har ûnôfhinklike tinken is de krityk dy’t se begjin njoggentiger jierren utere op de betinking fan de Slach by Warns. Yn dy tiid waard dêrby de klam lein op de rykdom fan taalkundich en kultureel ferskaat. Foar har wie dat allegear folkloare en moaipraterij. Nee, it soe gean moatte oer ‘de kritike sitewaasje dêr’t Fryslân en it Frysk hjoeddedei yn ferkeare’, skreau se yn 1995 yn Frysk en Frij.
Se hat lang net altyd har sin krigen. In protte omtinken – net inkeld by Westra, ek yn oare bydragen – giet út nei har skerpe polemyske styl, wêrby’t tsjinstanners ek wolris tinkbylden taskreaun waarden dy’t dyjingen hielendal net hiene. ‘Dat se,’ skriuwt Westra, ‘as se polemysk ien kear op ‘e gleed kaam, eins oars net die as de dingen foar harsels en oaren minder meitsje, hie Tony Feitsma net yn ‘e gaten’.
Opfallend oan dizze útjefte is net inkeld de kwaliteit en de djipgong fan de bydragen, mar ek harren iensidichheid. Op in koarte biografyske skets en it wiidweidige stik oer Feitsma as beweger nei, binne alle bydragen fan benammen taalkundige aard. Inkeld Philippus Breuker makket yn syn stik in pear opmerkingen oer de betsjutting fan Feitsma foar de stúdzje fan de Fryske literatuer, mear yn it bysûnder de Midfryske literatuer. Dat de redaksje dizze ‘kaping’ fan Feitsma troch de taalkundigen – de measten mei in Akademy-achtergrûn – passeare litten hat, liket my in flater. Feitsma’s ideeën oer de Fryske literatuer as in ‘streekliteratuer’ hiene op syn minst in aparte behanneling wurdich west. It is in beswier dat ek it opnimmen, as bylage, fan in net-publisearre en net-dienmakke stik fan har oer ‘minor romanticism’ net ferhelpe kin.
Ek oare kwestjes komme spitigernôch mar summier oan ‘e oarder. Yn 2008 krige Feitsma it earste eksimplaar oanbean fan it nije, twadielige Frysk Hânwurdboek, it ientalige Frysk-ferklearjende wurdboek dêr’t se al fan de ein fan de fyftiger jierren ôf foar pleite hie dat it der komme soe. Riemersma en Meijering jouwe de doetiidske wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy Jelle Brouwer – ferantwurdlik foar it feit dat it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) it Nederlânsk as útlistaal krigen hat – noch efkes in draai om ‘e earen. In Frysk-ferklearjend wurdboek ‘is yn grutte talen fanselssprekkend, foar dialekten ûngebrûklik’, skriuwe se. ‘Soks betsjut dus in wichtige stap foar de status fan it Frysk as echte taal, dat der no in Frysk-Frysk ferklearjend wurdboek bestiet’. Mar de reboelje dy’t der west hat oer de ynstruksjetaal fan it WFT, dêr’t Feitsma in grutte rol yn spile, en ek de arguminten destiids fan Brouwer om dochs foar it Nederlânsk as útlistaal te kiezen bliuwe folslein bûten byld.
As Feitsma it op in oar mêd dan letter wol dúdlik by de rjochte ein hat, krijt se nuvergenôch gjin kredyt. Dan giet it om de opheffing yn 1997 fan it blêd Frysk en Frij, dêr’t se har yn in stream stikken yn de parse tsjin ferset hat.Westra mient dat dat tydskrift ‘gjin takomst mear hie’ en fynt dat Feitsma har slim polemyske stikken oer de kwestje net goed genôch mei arguminten ûnderboude. Frysk en Frij wie ommers ôfhinklik fan provinsjale subsydzjes, de ferhâldingen binnen it blêd wiene fersteurd en, it belangrykste, it wie net by steat ‘om nije doelgroepen oan it Frysk lêzen te krijen’ – mar wa seit dat soks reden is in blêd te skrassen of mar gjin nij blêd op poaten te setten?
Anthonia Feitsma wie in ‘flammedraachster’ en in ‘fjoeroanstekster’ – mei dy wurden fan Liuwe Westra wurdt har betsjutting as beweger raak tekene. Har aktivistyske hâlding, kennis fan saken, histoarysk bewustwêzen en krityske, demokratisearjende ynstek hawwe fan har, nettsjinsteande har lekken en brekken, in foarbyld makke, in foarbyld dat wachtet op neifolgers.
Moaie útspraak fan har, út 1976, mar noch altyd aktueel: ‘Al dy “positive” minsken meitsje my o sa tryst. Se lige foar harsels en foar oaren dat it allegear o sa moai en sa goed is, of dat syen it allegear sa goed witte en it dus ek allinne witte moatte. It “negative” trochprippen fan al dy echt of sabeare domme “positive” ballontsjes is in goed wurk fan de earste oarder. Der moatte yn Fryslân noch hiel wat fan dy ballontsjes trochpript wurde foardat wy werris in bytsje normaal meiïnoar prate kinne.’
•
Anne Tjerk Popkema e.o., red., Wittenskip en Beweging. Skôgings oer wurk en stribjen fan prof.dr. Tony Feitsma (Wijdemeer, Ljouwert 2015)
[Publisearre yn it Friesch Dagblad, 29 augustus 2015]

dinsdag 18 augustus 2015
zaterdag 1 augustus 2015
Fries: ontfries! is het devies
Identiteitsvernietiging door Culturele Hoofdstad
Na twee jaar zo ongeveer niets van belang te hebben vernomen van of over Leeuwarden Fryslân Culturele Hoofdstad 2018, zal de organisatie in september, volgende maand dus, zijn programma, neergelegd in het winnende Bidbook, eindelijk verder toelichten. Ook zal dan mogelijk meer duidelijk worden over de financiën. Op een begroting van 74,3 miljoen euro was begin dit jaar nog meer dan 11 miljoen euro ongedekt. Beslissingen over de consequenties van een eventueel tekort voor de programmering zullen volgens 2018-directeur Ton F. van Dijk pas volgend voorjaar worden genomen.
U moet zulke tijdbalkjes intussen vooral niet te serieus nemen. In mei dit jaar zou de ‘webshop Leeuwarden-Fryslân 2018’, vol met officiële merchandising, de digitale deuren openen (schema op website 2018). Die feestelijkheid blijkt te zijn verplaatst naar ‘eind dit jaar’ (mededeling op website 2018).
Maar dat zijn details. Laten we, voorafgaand aan de aanstaande informatiebijeenkomst, nog een keer de mission statement en het 2018-programma langslopen, zodat weer helder wordt waar ‘2018’ ook alweer over ging. Kernidee is dat de bevolking van Leeuwarden en in haar kielzog die van de provincie Fryslân een ‘mienskip’, een gemeenschap, vormen, die evenwel moet veranderen in een ‘iepen mienskip’, een open gemeenschap. Dat humanitaire doel moet worden bereikt door realisering van de therapeutische programma’s uit het Bidbook. ‘Via de evenementen die we in 2018 organiseren willen we onze mienskip verbinden aan andere gemeenschappen in Europa’ (mededeling op website 2018). Waarom we dat precies willen, wordt echter niet vermeld, het spreekt blijkbaar voor zich. Het zal iets te maken hebben met toegankelijk en open willen zijn, wat impliceert – het wordt nergens gedemonstreerd – dat Fryslân dat nu onvoldoende is.
Ook de organisatie zelf wil ‘zo toegankelijk en open mogelijk’ zijn (mededeling op webside 2018). Daarmee wil het echter nog niet zo lukken, gezien de radiostilte die Van Dijk, Westerhof & De Boer bewaren als er eens een kritisch artikel over hun plannen en inspanningen verschijnt. Die reflex was ook wel te verwachten: cultuurmarketing en persvoorlichting zijn doorgaans twee handen op één dikke overheidsbuik als het gaat om het negeren van kritiek en het daarentegen bevorderen en belonen van ‘positieve’ belangstelling. Slechts toen bekend werd, begin dit jaar, dat er nog een groot financieel tekort bestond, werd dat corrupte principe tijdelijk verlaten en verwaardigde men zich een officiële reactie. Er mocht eens een negatieve beursstemming ontstaan.
Ernstiger dan een mogelijk financieel tekort is echter de identiteitsvernietiging die wordt beoogd in het, misschien wel juist daarom, allerwegen toegejuichte en bejubelde Bidbook. Stelt u het zich eens voor: de hoofdstad van een regio waar meer dan de helft van de bevolking Fries spreekt, presenteert zich aan Europa met een programma waaruit het Fries en de Friese geschiedenis minutieus en grondig zijn verwijderd. En bedenk dan eens dat diezelfde hoofdstad aan haar eigen en aan de Friese bevolking in het algemeen vraagt, niet alleen om enthousiast te zijn over dat programma, maar er ook nog de portemonnee voor te trekken. Friezen die hun moedertaal en hun geschiedenis belangrijk vinden, herkennen zich evenwel niet in het Bidbook. De boodschap die het brengt, is dat het Fries en de Friese geschiedenis hindernissen zijn op weg naar Europa, tûkelteammen, eigenaardigheden die maar beter verborgen kunnen blijven, obstakels op de weg van de vooruitgang, ketenen die moeten worden gebroken. Fries: ontfries! is het devies.
In niet één van de 38 programma’s in het Bidbook staat het Fries, de Friese literatuur, de Friese cultuur of de Friese geschiedenis centraal, de traditionele bouwstenen van de Friese identiteit. Hieronder vindt u een overzicht van wat wel geboden wordt. Veel aandacht is er voor duurzaamheid en biodiversiteit – dat is goed. Het welzijn van de grutto is immers belangrijker dan het voortbestaan van de Friese taal. Er is aandacht voor het landschap, de duisternis, de stilte – ook goed. Het gaat over platteland, landbouw en water – prima. Community art – perfect. Festivals, theater, muziek, beeldende kunst – geweldig. Het gaat er in een beoordeling echter niet slechts om wat een programma biedt, minstens zo belangrijk is wat het níet biedt. Daaruit valt af te lezen op welke ideologie het berust en wiens belangen ermee worden gediend. Dat zijn in de eerste plaats de belangen van de toerist en van degenen in Fryslân die geld verdienen aan de toerist. CH 2018 is een instrument van de regiomarketing: een ordinaire geldmachine. Op de tweede plaats is het programma toegesneden op de belangen van bestaande culturele instituties op provinciaal niveau zoals musea, Keunstwurk, Tresoar, Afûk, enzovoort. Terwijl culturele instituties op lokaal en gemeentelijk niveau vanwege bezuinigingen op de reguliere cultuurbegrotingen worden bedreigd met opheffing, en ook daadwerkelijk massaal worden opgeheven de laatste jaren, worden zulke instituties op provinciaal niveau in de gelegenheid gesteld om door deelname aan ‘2018’ hun voortbestaan te verzekeren. Althans, tot en met 2018.
Het zijn diezelfde instituties nu, normaal gesproken grote vrienden van het Fries, die onder druk van de provincie (aan cultuur moet worden verdiend) en de wetten der regiomarketing (met Fries verdien je niets) eieren voor hun geld hebben gekozen. Ze hebben hun core business-tot-nu-toe – het bedienen van een Fries en dus ook een Friestalig publiek – ingeruild, hopelijk tijdelijk, voor een bijrolletje in de toeristen-van-buiten trekkende belevingsindustrie. Recent onderzoek aan de Rijksuniversiteit Groningen (Jeuring, 2015) heeft uitgewezen dat de Friese regiomarketing verstrikt raakt in tegenstrijdigheden: zij schermt bijvoorbeeld met de aantrekkingskracht van een ‘Friese cultuur’ maar wist tegelijkertijd identiteitsverschillen uit. ‘Regional Frisian tourism marketing appears to prioritize external orientations and homogenizing identities, with limited consideration of geographically proximate markets and a selective perception of internal stakeholders’ roles in tourism’, aldus Jeuring. Zo komt het bijvoorbeeld dat het Bidbook wel een programma van Tresoar vermeldt, ‘Yiddish Waves’, waarin de jiddische cultuur wordt gevierd, maar geen spoor vertoont van een dergelijk programma voor de Friese (Friestalige) cultuur.
Friezen die wat willen met hun taal en cultuur, moeten zelf maar een projectvoorstel indienen, is de gedachte. Dat gebeurt ook; er zijn diverse aanzetten ingeleverd, onder meer door literaire tijdschriften en uitgevers. Maar dat is het niet het punt. Het punt is dat volgens het Bidbook Fryslân in Europa niet Fries mag zijn, niet Fries mag spreken, niet Fries mag denken. Want, in het kitschtaaltje van de marketingsektor, dan zijn we niet ‘iepen’ genoeg. De slogan ‘iepen mienskip’ is daarom een regelrechte belediging; alsof de tegelijkertijd zo geprezen Friese ‘mienskip’ niet van zichzelf al open en toegankelijk is.
Het zal interessant zijn om enige gedachten van het advocatenkantoor Van Dijk, Westerhof & De Boer hieromtrent te vernemen. Desnoods maar op die informatiebijeenkomst van september.
*
Meer lezen:
Jelmer H.G. Jeuring, ‘Discursive contradictions in regional tourism marketing strategies: the case of Fryslân, The Netherlands’, Journal of Destination Marketing and Management (Elsevier, Amsterdam 2015)
Bert Looper, ‘Friese toekomst en Fries verleden: een breekbare relatie’, Friesch Dagblad (Wykein), 11 juli 2015
Abe de Vries, ‘Fryslân kan niet zonder Friese taal en geschiedenis’, Friesch Dagblad (Wykein), 18 juli 2015
Abe de Vries, ‘Perspektiven foar it Frysk, 350 jier nei Gysbert Japiks’, seedyksterfeartfisk, 29 juli 2015
Abe de Vries, ‘Ynternasjonale keunstbrigade moat Fryslân rêde’, Friesch Dagblad, 21 september 2013
Programma’s yn it Bidbook
Natuer en kultuer
1 Energy now! – Keunstwurken dy’t op bysûndere lokaasjes enerzjy opwekje, ûntwurpen troch ynternasjonale keunstners en foarmjouwers. Doel: ynspiraasje biede foar duorsumens
2 Spring fever – Mei as ûnderdiel it reizgjende (yn fiif Europeeske lannen) festival Kening fan ‘e greide. It fieren fan biodiversiteit. Mei Sytze Pruiksma en Theunis Piersma. Ek Silence of the bees, mei ynternasjonale keunstners en ûndersykssintra, heart hjir by
3 Embassy of water – Ferhaal fan it wetterbehear. Keunstners behannelje seis wettertema’s. Ynkl. fiskmigraasjerivier yn Ofslútdyk
4 Sense of place – Yngripe yn de ekology fan de Waadsee moat mei oerlis
5 To the end of the world – Martin Winters sil op reis troch Europa mei syn papieren skip
6 Romantic painters of the North – lânskipsskilderkeunst út lannen om de Noardsee hinne yn it Fries Museum
7 The sea! The sea! – 2018 Tall Ships Race wer yn Harns. Literatuerfestival mei ynternasjonale dichters en skriuwers, omtinken foar Slauerhoff en shantykoaren
Stêd en lân
8 Feel the night – Bewustwurding fan de skientme fan de nacht, tsjusternis en stilte. Doel: oanpak ljochthinder
9 Farm of the world – Sjen litte dat plattelân mear is as inkeld fiedselprodusint. Wat betsjut de trek nei de stêden foar it plattelân?
10 Dada in Dr888888 – Betinking fan dadaïsme en de Stijl. Ynternasjonale keunstners wurde keppele oan Fryske keunstners
11 Potatoes goe wild – Kampanje fan Biltse ierdappelboeren om de konsumint te wizen op de wearde fan de ierdappel
12 Eleven fountains – Ynternasjonale keunstners ûntwerpe in fontein foar elke Fryske stêd
13 Under the tower – Tsjerken as dekor foar bysûndere teaterfoarstellingen op basis fan ferhalen fan buertbewenners
14 Sailing on the grass – Samling dokumintêres (foto, film) fan bûtenlânnske dokumintêremakkers oer mienskip en lânskip
15 Giant steps – Frânske selskip Royal de Luxe bringt mei syn reuzen in oade oan de renovearre Ofslútdyk
16 No carpet filmfestival – Ynternasjonaal filmfestival yn Ljouwert op ûnferwachte lokaasjes
Lab Lwd
17 Do it together – Digitale ynnovaasje en kreativiteit
18 Welcome to the village – Popfestival yn de Griene Stjer
19 Club of Leeuwarden – Undersykjen fan nije foarmen fan demokrasy. Platfoarm dat ûnderskate groepen minsken byinoar bringt yn in speurtocht nei nije ynfalshoeken
20 Dancing in the streets – Dûnsparade troch de strjitten fan Ljouwert
21 Living landscapes – Lit minsken op in oare wize nei har lânskip sjen, mei Noard-Europeeske en Skandinavyske lânskipsûnderfining as foarbyld
22 Behind the front door – Film oer it libben fan bern yn achterstânswiken, makke troch dy bern sels
23 De Reis 2018 – Community-art projekt wêrby’t ynwenners fan in doarp of wyk tegearre mei keunstners in kulturele aktiviteit ûntwikkelje
Royal Friesian
24 Explore the North – Breed, leechdrompelich keunstfestival oer it ‘noardlik gefoel’ yn de binnenstêd fan Ljouwert
25 Royal Chamber Music – Klassyk muzykfestival yn de tunen fan Oranjewâld
26 Alma Tadema – Oersjochtentoanstelling fan Alma Tadema yn Fries Museum
27 Escher – Tentoanstelling fan Escher yn gearwurking mei gamekeunstners
28 Adje Lambertsz – Frijheidsfestival foar de Ljouwerter jeugd, mei partisipaasje fan bern út ûnderskate kultueren
Mienskip en diversiteit
29 Migrating ceramics – Eksposysje yn Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert
30 Yiddish waves – Festival dêr’t de jiddyske kultuer yn sintraal stiet
31 Language Lab/Lân fan Taal – Belibbingssintrum oer taal, mei fokus op meartalichheid
32 The Never Ending Orchestra – It fieren fan de krêft fan muzyk, mei in spesjaal komponearre tema. Utfiering yn konserten en op festivals, skoallen
33 Sports for Europe – Omtinken foar tradisjonele sporten yn Europa, yn alle foarmen en maten
34 Museum of Love – De leafde yn it ramt fan ynterkulturele relaasjes en iepen grinzen
35 Strangers on stage – Workshops en masterclasses oer theater en film troch Europeeske topregisseurs
36 European Youth Music Festival – Ynternasjonaal muzykfestival op en om it wetter yn Snits dat trije dagen duorret
37 Lost in the greenhouse – Muzykteaterfoarstelling oer de mienskip; it lot fan Poalske arbeiders op it Fryske plattelân. Is de mienskip wel een iepen mienskip?
38 Gameland – Amelân is fiif dagen lang it trefpunt foar ynternasjonale kopstikken út de gaming yndustry

woensdag 29 juli 2015
Perspektiven foar it Frysk, 350 jier nei Gysbert Japiks
Gysbert Japiks (1603-1666) is takom jier 350 jier wei. De taal dy’t de Boalserter skoalmaster rêden hat mei syn sawol renêssânsistyske as folksaardige dichtwurk sil wol hoed, mûtse of pet foar him ôfnimme. Mar dy taal, it Frysk, sil dêrnei gewoan wer de rêch oan de swipe biede moatte, en fierder skreppe mei it slavewurk fan al den dei, te witten it dollen fan it eigen grêf. Wa’t de boalen binne, fergearre op it kjelderich hôf fan in iensume terp, is dúdlikernôch: it Keninkryk der Nederlannen, dat wegeret om de Friezen goed ûnderwiis te bieden yn harren eigen taal; de Provinsje Fryslân, dy’t mei jild skoot mar gjin werklik perspektyf biede wol; de ‘yntellektuelen’, dy’t wol de mûle spiele oer it Frysk mar der gjin takomst foar sjogge, en, likegoed, de Friezen – de Fryskpraters – sels, dy’t net by steat binne om de skat dy’t har jûn is op wearde te setten. As te uzes de ierde noch ris skodzje sil, it sil wol net fan de gaswinning wêze. Nee, dan is it Gysbert-om, dy’t him omdraait yn syn lêste wente.
Gysbert-betinkingen komme en gean en de iene hat mear om ’e hakken as de oare. De oer-betinking is dy fan 1823. Dy hat de twadde renêssânse fan it Frysk ynlaat dêr’t de namme fan Gysbert oan ferbûn is – noch krekt op ‘e tiid, want it mei betwifele wurde oft kening Willem I sân jier letter, nei it ‘ferlies’ fan België, noch wol syn krabbel sette wollen hie op de yntekenlist foar in nije útjefte fan Gysbert syn wurk. Yn ‘Nederlânske’ eagen feroare de Fryske literatuer yn dy jierren fan in nijsgjirrige skriuwerij yn ien fan de folkstalen fan it keninkryk yn in partikularistysk en boersk ûndernimmen, dat neat fan wearde taheakje koe oan de winske heitelânske ‘ienheid’. Wat sil der anno 2016 te rêden wêze, as der wer in betinking komt? In teatrale begraffenis fan it Frysk, ûnder rezjy fan Jos Thie, of, wêrom net, Joop Mulder, mei Jan Arendz as leedoansizzer en Marijke Geertsma foar de neitiidske distribúsje fan kofje, tee, Fryske dúmkes en krintepofkes?
‘It is the responsibility of intellectuals to speak the truth and to expose lies’, skreau Noam Chomsky yn juny 1966 yn in baanbrekkend stik oer de eskalearjende Vietnam-oarloch, dat letter opnaam is yn syn American power and the New Mandarins (1969). En ek: ‘When we consider the responsibility of intellectuals, our basic concern must be their role in the creation and analysis of ideology.’ Jawis, de oarloch tsjin it Frysk ken ek syn Johnsons, Schlesingers en Rostows, syn stilswijers en syn goedpraters, mar spitigernôch telt er amper kritikasters, tsjinstwegerers of wisberette demonstranten, lit stean Chomskys. De Fries kin it ommers it measte net skele wat der mei syn taal bart, of net bart. De oarlochspropaganda wol graach hawwe dat de Fries sels de stekker derút lûkt. Want dan hawwe ‘Hollân’ of it Nederlânsk it teminsten nét dien. En de hypnoatyske krêft fan dat follesidige oantrunen is wol sa grut, dat de kâns fan slagjen derfan aardich heger oanslein wurde moat as dy fan de hypotetyske, hast absurde, suver net yn te tinken mooglikheid fan in tredde werberte ûnder Gysberts tafersjoch.
Dy’t de skiednis fan de striid foar it Frysk oereaget, kin yn alle redelikheid yn de lêste hûndert jier net folle oars sjen as hjir en dêr in Pyrrhus-oerwinning yn in algeduerich taalfernielen. Ja, de Afûk – mar gjin goed skoalle-ûnderwiis yn de eigen taal. De Fryske Akademy – mar gjin wittenskiplik ûndersyk nei de eigen literatuer. Kneppelfreed – mar noch hieltyd gjin rjochtspraak yn it Frysk. Europeeske erkenning – mar gjin ferwin op it analfabetisme. Elk jier prate minder minsken Frysk. Om mar te swijen oer it feit dat 90 persint de eigen taal net skriuwe kin, en ek net folle nocht hat om boeken yn de eigen taal te lêzen. De oarloch tsjin it Frysk giet troch. De kwesty dy’t de Fryske ‘yntelliginsia’ dêrby it meast dwaande hâldt is net hoe’t wy ús it bêste warre kinne, mar watfoar Gysbert-psalm de lêste Frysksprekker aansen begeliede moat op syn inkelde reis nei it multykulturele tsjerkhôf.
Dy’t no tinkt dat ik oerdriuw, soe ik seis aktuele kwestys yn it omtinken bringe wolle. Dy kwestys litte sjen hoe faai de saak fan it Frysk der op dit stuit foar stiet en hoe’n bytsje reewilligens der is om dêr wat oan te dwaan.
Op it foarste plak tink ik oan it, troch it nije kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) yn syn kolleezje-akkoart (2015) oankundige ‘Deltaplan Frysk’. Dat sûnder mis troch de FNP ynbrochte ‘Deltaplan’ wie blykber in oprisping, in mistaast, in brêge te fier of in slip of the tongue, want yn provinsjale stikken wurdt dy betiteling dêrnei net mear oantroffen; it stipeplan Frysk fan DS hjit no gewoan ‘útfieringsaginda’. Der sil 10 miljoen euro nei meartalige ynstitúsjes gean (bygelyks meartalige basisskoallen en pjutteboartersplakken) en 5,5 miljoen nei de ymplemintaasje fan de Taalwet – it hoe en wat dêrfan is noch ûndúdlik. Soks kin yndie net foar in ‘Deltaplan’ trochgean.
Kwesty twa: it ûnderwiis. Meartaligens is dêrby it biedwurd, mar oft dy meartaligens wat opsmyt foar it Frysk is de fraach. Ferline jier hawwe sa’n tachtich skoalbern eksamen dien yn it Frysk, fierrewei de measten op vmbo-nivo. Trijetalige skoallen, wêrby’t it Frysk dus yn in part fan it ûnderwiis de ynstruksjetaal is, binne al jierren it spearpunt fan it provinsjaal taalbelied mar folle seadden oan de dyk set it sa te sjen net.
Kwesty trije: salang’t Friezen harren eigen taal net noadich hawwe om har karriêre-perspektyf te ferbreedzjen, sa lang sille ynspanningen oan de ûnderwiiskant tekoart sjitte en is it in wetter bringen nei de see. Kearn fan de saak is dat behearsking fan it Frysk in fereaske wêze moatte soe foar in politike of bestjoerlike takomst yn Fryslân; ekonomyske sektoaren sille dan fansels folgje yn it seleksjebelied. Trijetalige skoallen hawwe net earder sin as bywannear’t eksamenkandidaten it idee hawwe dat it goed foar harren profesjonele takomst is om eksamen yn it Frysk te dwaan. ‘If people can use their own language in an economically viable way,’ neffens linguïst Salikoko Mufwene fan de University of Chicago, ‘then they will maintain their language and adapt it to changes in society.’ En dat is fansels gewoan common sense. Lykwols, oan no ta wegerje de Provinsje Fryslân en de gemeentes yn Fryslân planút om fan behearsking fan it Frysk in fereaske te meitsjen foar sollisitanten.
Nûmer fjouwer is de organisaasje Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Wat yn it begjin in prachtige kâns like om te besykjen wat bliuwends te betsjutten foar de Fryske taal, draait út op in kultureel-kommersjeel feestje dêr’t it Frysk en de Fryske kultuer gjin rol fan betsjutting yn spylje meie. Mei lijen is de website ek Frysktalich makke, mar yn it priiswinnend bidbook siket men fergees om íen projekt mei werklike ambysjes op it mêd fan de Fryske taal. ‘Lân fan taal’ fan Tresoar en de Afûk is bedoeld as museaal ‘belibbingssintrum’, ergo, it is ornearre foar toeristen, net foar de Fryske befolking.
Fiif: dyselde toeristen binne al sûnt de njoggentiger jierren fan de foarige ieu de belangrykste doelgroep fan it provinsjale kultuerbelied. Meidat Fryslân him mei hannen en fuotten útlevere hat oan yndustriële lânbou – in ekonomyske sektor dy’t sûnder korrizjearjend oerheidsbelied de ferneatiging fan it meastepart fan it Fryske lânskip fan gefolgen hawwe sil – bliuwt inkeld it toerisme oer as potinsjele groeisektor. Kultuer moat neffens de ‘Fryslân-marketing’ benammen bydrage oan de komst fan mear toeristen fan bûten Fryslân. De Fryske taal en skiednis helpe dêrby net, is it tinken.
De sechsde kwesty is faaks noch wol de grutste bedriging foar it Frysk: de opfallende, suver arrogante ûnwil fan (semi)provinsjale beliedsmakkers, politisy en kultuermarketingjonges om harren plannen ter diskusje te stellen. Wa’t net oan de promoasje fan provinsjaal kultuerbeleid of 2018-ideeën meidocht, telt net mei. Sokken wurde bûten it debat – foar safier’t der praat wêze kin fan debat – holden. Yn sa’n marketing driven diktatuer krije inkeld ‘positive’ meitinkers en sjerpslikkers in poadium. Nochris Chomsky: ‘The smart way to keep people passive and obedient is to strictly limit the spectrum of acceptable opinion, but allow very lively debate within that spectrum.’
Boppesteande aktuele kwestys wiene faaks sa beknipend net as it Frysk noch rekkenje koe op in alerte en ûnôfhinklike Fryske beweging. Dat is net it gefal. De FNP bedoelt it goed, mar is te lyts om de trochslach jaan te kinnen en stelt him de lêste jierren tefreden mei de rol fan junior partner yn it provinsjebestjoer. De Ried fan de Fryske Beweging is foar it meastepart ek yn de provinsjale meartalichheidsyllúzje ynkapsele en foar in oar part hingjen bleaun op it Reaklif. In noch lytser part is wol aktivistysk mar tagelyk ortodoks-nasjonalistysk, mei syn wrâldfrjemde en ûnsympatike nostalgy nei liedersfigueren as Redbad en Grutte Pier, mei syn aloan ferkeapjen fan ‘Germaanske’ en Grutfryske kitsch. In realistyske en tagelyk radikale Fryske beweging bestiet net. Lykwols sil dy der al komme moatte, sille Frysksinnige Friezen Gysbert Japiks noch mei goed fetsoen ûnder eagen komme kinne.
Sa’n beweging sil op it foarste plak folle mear wurk meitsje moatte fan it wekjen en oertsjûgjen fan de eigen Fryske befolking. Om dêr in begjin mei te meitsjen is it 350e stjerjier fan Gysbert Japiks krekt sa’n goed jier as watfoar jier ek. In ynspirearjend foarbyld dêrby is wat my oanbelanget it Winterjounenocht, sa’t dat fan 1860 oant rûchwei 1890 de Fryske doarpen bydel gie. Sa’n programma fan Frysktalich fermeits mei in brede doelgroep soe lykop rinne kinne mei in ambysjeus programma fan lêzingen en diskusjes. Op it twadde plak sille de besteande Fryske organisaasjes derfan oertsjûge wurde moatte om in kritysker koerts te kiezen yn polityk, ekonomy en ûnderwiis. Stap trije is dan oerlis mei de organisaasje fan ‘2018’, mei as doel om it Frysktalige gesicht fan Fryslân folle better sjen te litten as no yn de plannen it gefal is.
By dat alles sille, as dat noadich blykt te wêzen, ek geweldleas ferset en boargerlike ûngehoarsumheid as aksjemiddels ynset wurde kinne. Want it giet hjir – lit ús dat skerp stelle – net om geunsten mar om rjochten. Net om freegjen, mar om easkjen. De tiid fan de frijbliuwende en neatsizzende ‘konsesjes’ oan it Frysk hat west. De tiid fan it ynkassearjen fan nederlaach nei nederlaach hat west. De tiid dat de bewuste Fries stilholden wurde koe mei wer in nasjonale en wer in Europeeske ‘taalbeskermingswet’ hat west. Deade letters hawwe lang om let deade talen fan gefolgen. It wurdt tiid om yn it discours oer it Frysk de minskerjochten serieus te nimmen: dy jilde ek yn Fryslân en ek foar dyjingen dy’t priis stelle op de frijheid om harren eigen taal te brûken yn alle segminten fan de Fryske maatskippij.
‘Frijheid’ is yn dizzen in kaaiwurd. Wy hoege de ferneamde midsieuske ‘Fryske frijheid’, sa’t dy sprekt út de wurden en dieden fan bygelyks Edo Jongema (‘Wy Friezen witte fan gjin lien te sizzen’) en Gemme fan Burmania (‘Wy Friezen knibbelje inkeld foar God’), net perfoarst polityk-territoriaal te revitalisearjen. Dy frijheid kin better besjoen wurde as ien fan de grûnslaggen dêr’t de Fryske taalrjochten op berêste. It histoaryske Fryske frijheidsidee lit him boppedat goed ferienigje mei de humanistyske frijheidsfilosofy sa’t dy yn de 17e en 18e-ieu ûntwikkele is troch ûnder mear Descartes, Rousseau en Kant. It is de frijheid fan de minske, en syn bewustwêzen fan dy frijheid, om syn eigen kapasiteiten nuttich te brûken dy't him ûnderskiedt fan bisten, dy’t ommers as machines de wetten fan har natuer folgje. Chomsky, yn syn essay ‘Language and freedom’ fan 1970:
To Descartes and his followers (..) the only sure sign that another organism has a mind, and hence also lies beyond the bounds of mechanical explanation, is its use of language in the normal, creative human fashion, free from control by identifiable stimuli, novel and innovative, appropriate to situations, coherent, and engendering in our minds new thoughts and ideas.
‘Ik tink, dus ik bin’ is ek: ‘ik sprek in taal, dus ik bin’. En as in taal, yn dit gefal it Frysk, sawol yn histoarysk as yn filosofysk opsicht net inkeld de identiteit fan de minske mar ek syn kreativiteit mei bepaalt, dan is it ek dúdlik wêrom’t der yn de striid foar it Frysk minskerjochten op it spul stean. Jawis, dat feit wurdt wjerspegele troch ûnderskate nasjonale en Europeeske taalwetten en –feroarderingen. Mar sa’t ik hjir koart sjen litten haw, is it de fraach oft de Fryske polityk-bestjoerlike elite fan hjoed de dei him dêr foldwaande rekkenskip fan jout en genôch ferplichting fielt om der neffens te hanneljen.
As dat net sa is, dan is it oan in nije, kritysker Fryske beweging om te dwaan wat Gysbert Japiks dien hat en sûnt syn neiteam as opdracht foarhâldt. Dat is: jin net del te jaan yn de finzenis, jin net sûnder sels nei te tinken te foegjen nei oarmans god, gebod en gewoante, mar jimmeroan te besykjen jins eigen wrâld en jins eigen libben stal te jaan, op jins eigen hiem yn jins eigen taal.

Abonneren op:
Posts (Atom)