“Anne, - Your Worship does know what kind a man he is. He put out his daughter to contract at a sewing-school and he will have to pay fifty guilders for that in the next two years. The other three children of his, Ulbe, Sipke and Hotse, are at the house of the deceased. [Then follow some erasures, in which we can read:] --- he himself went off, do not know where, and --- he took away everything ---- so made everything to --- and nobody did notice --- so far about Anne and his children.”
It boppesteande skreau Hotse Ulbes van Sinderen, master-sulversmid te Dokkum, yn in bewarre bleaune brief dd. 28 juny 1753 oan syn jongere broer Ulbe (Ulpianus) Hotses van Sinderen (foto), in dûmny dy’t seis jier earder nei Amearika fertrokken wie en dêr’t letter de Van Sinderen Avenue yn Brooklyn, New York nei neamd is. Yn de brief bringt Hotse syn broer op ’e hichte fan it ferstjerren fan harren heit, dûmny Ulbe Hotses van Sinderen (1672, Dokkum – 1753, Beetstersweach). Ek rint er it wol en wee fan de famylje efkes bylâns.
De ‘Anne’ dêr’t praat fan is, en dêr’t net folle goeds oer sein wurdt, wie de skipper Anne Freerks (1709-1759), de man dy’t troud wie mei in jongere suster fan Hotse Ulbes en Ulbe Hotses, Hendrikje van Sinderen (1712-1767). Yn 1748 hie Anne Freerks syn húshâlding yn Beetstersweach mei op dat stuit fjouwer bern ferlitten. Hy waard socht troch de plysje – hy wie ‘fugitief’ – en ferbleau nei alle gedachten bûten de provinsje. Blykber hie er ek alle jild meinaam, “he took away everything”, skriuwt Hotse yn syn brief. By de folkstelling foar de belêstingheffing yn 1749 wie de achterbleaune Hendrikje “beladen met vier kinderen, en heel suinig in staat, niet aangeslagen”.
Wolkom, achte lêzer, by de net al te noflike berte fan it Noard-Fryske Van Sinderen-laach. De bern fan Hendrikje en Anne Freerks, te witten Hiltje (1738), Ulbe (1742), Hotse (1744), Hendrikje (1746) en Sipke (1749), krigen de achternamme ‘Van Sinderen’, sadwaande koene sy rekkene wurde as offisjele bernsbern fan dûmny Van Sinderen en syn frou Hendrikje Halbetsma. It laach fan jongste soan Sipke bleau yn ’e rin fan de skiednis foar it meastepart wenjen en wurkjen yn it noarden fan Fryslân. Yn grutte halen wol ik fan dy Fryske Van Sinderens wat wederwaardichheden rekonstruearje, om’t ik no ienris sawol fysyk as imazjinêr mei harren ferbûn bin troch Klaske van Sinderen (1903-1995, foto), myn beppe fan heitekant. Hjoed deel 1.
Hûspedagooch fan de elite
Earst wat oer de stamheit en –mem, dûmny Ulbe Hotses van Sinderen en frou, de âlden fan ‘myn’ sa sneu yn de steek litten Hendrikje.
Dûmny syn heit wie Hotse Everts van Senderen (1638-1715), berne yn Snits en stoarn yn Dokkum. Hy wie yn Dokkum ‘executeur’, dat is doarwarder. Yn dy funksje hie er te krijen mei de ‘fiscaal’ (belêstingynspekteur) fan Dokkum, en de procureur en substituut-secretaris fan Westdongeradeel, Sipke (Scipio) Hiddes Halbetsma (1647, Kollum – 1700, Ternaard). Dy hie rjochten yn Frjentsjer studearre en wie abbekaat oan it Hôf fan Fryslân. Halbetsma syn dochter Hendrikje like in goede partij foar Van Sinderen syn soan Ulbe, dy’t yn Frjentsjer foar dûmny leard hie. It stel troude op 14 april 1700 yn de tsjerke fan Aalsum.
In jongere broer fan Hendrikje, Hidde Halbetsma (1685, Dokkum – 1713, Vledder), is de oerpake fan de 19de-ieuske Fryske skriuwers Joast en Eeltsje Halbertsma.
Dûmny Van Sinderen is yn 1715 beroppen yn de tsjerklike gemeente Beets/Beetstersweach/Olterterp op oanskriuwen fan Deputearre Steaten fan Fryslân; de grytman fan Opsterlân, Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670-1744) hie dat dwaan moatten mar “bleef in gebreke”; wêrom is ûnbekend. It wie in lytse gemeente, der wiene yn 1752 mar 173 lidmaten. Van Sinderen hie earst fyftjin jier lang hûspedagooch west foar de, úteinlik, njoggen bern fan de grytman en syn twadde frou Detcke van Andringa (1677-1719). De húshâlding wenne fan 1718 ôf – doe’t Augustinus as grytman plakmakke hie foar syn âldste soan Livius Suffridus - op in ‘bûten’ yn Beets. Augustinus Lycklama à Nijeholt is benammen yn it omtinken bleaun om’t er yn 1704 it inisjatyf naam hat ta it graven van de Opsterlandsche Compagonsfeart. Syn pakesizzer mei deselde foar- en achternamme (1742-1789) wie mei 2177 hektare de grutste grûnbesitter fan Fryslân.
By Augustinus syn dea yn 1744 wiene trije fan syn soannen grytman, ien wie gritenijsiktaris en ien wie raad-ordinaris by it Hôf fan Fryslân, in dochter wie troud mei in grytman en in dochter wie de widdofrou fan de raad-fiscaal fan de Fryske admiraliteit yn Harns. Alsa kin men stelle dat dûmny Ulbe Hotses van Sinderen mei-opfieder west hat fan in aardich part fan de 18de-ieuske Fryke elite.
Ut de toan?
Hy sil mei dêrom ‘not amused’ west hawwe doe’t syn dochter Hendrikien sirka 1737 troude mei in gewoane skipper, Anne Freerks. Opfallend is dat Hendrikien ek net by namme neamd wurdt yn de brief nei Amearika. Har houlik foel wat stân oanbelange miskien wol wat út de toan, ek as men it ôfset tsjin de sosjale posysje fan de oare bern. Gean mar nei: âldste soan Hotse (1702 – f.1773) wie master-sulversmid yn Dokkum, troud mei de dochter fan syn learmaster (ûnderskate wurkstikken - sjoch foto - fan syn hân binne bewarre bleaun); soan Ulbe (1708-1796) wie dûmny yn New York, foarhinne Nieuw-Amsterdam; soan Sipke (1715-1789) - hy is like fleurich as syn bijen, skreau Hotse oan Ulbe – wie master-skuonmakker en imker.
Dochter Janke (1710-1739) hie ‘meester kuiper’ Rinnert Jacobs oan de heak slein (harren neikommelingen skriuwe har letter as Van Zinderen, mei in –Z).
Dêr komt noch by dat briefskriuwer en master-sulversmid Hotse syn eigen âldste soan, dy’t Ulbe (1733-1772) hjitte, ek dûmny wurde soe. Hy waard as predikant beroppen yn 1758 op Ternate, in by de Molukken hearrend eilân yn East-Ynje. In fermaaklik ferslach fan dûmnys “kerk- en schoolvisite op onderhoorige rijkjes” yn 1761 waard yn 1902 publisearre troch Het Nieuws van den Dag voor Nederlandsch-Indië en is hjir te lêzen. My is oer it fierdere lot fan dizze wrâldreizgjende Van Sinderen neat bekend, útsein dan dat er stoar te Banda.
In oare dûmny yn de famylje wie ds. Scipio Halbetsma (1709-1780), dy’t yn 1733 predikant wie te Arum en yn 1740 beroppen waard yn Holwert. Dizze Halbetsma wie in neef fan de Hendrikje dy’t sa’n skande oandien waard troch de skipper. Wumkes, Stads- en dorpskroniek van Friesland, meldt dat ds. Halbetsma op 25 oktober 1778 de werboude tsjerke fan Holwert wijde mei in ferwizing nei Haggaï 2 : 10: “De hearlikheid fan dit lêste hûs sil grutter wêze as dy fan it earste, seit de Heare der hearskaren; en op dit stee sil Ik frede jaan, sprekt de Heare der hearskaren”.
[Moarn deel 2]
.
dinsdag 18 februari 2014
Moarn yn it Friesch Dagblad: Op syk nei de dagen fan juster
‘Hora ruit, tempus fluit,’ seit it Latyn: de oere raant wei, de tiid floeit fuort. En ek: ‘hora fugit’, de tiid fljocht.
Foardatst it witst, is it libben foarby en kinst allinnich noch mar omsjen. It is ien fan de meast yn it each rinnende skaaimerken fan ús tiid: noch noait waarden wy sa âld, en noch noait hawwe der safolle minsken sa faak achterom sjoen. Want ek noch noait streamde de tiid sa hurd, net fan har wei, mar krekt nei har ta.
Ik moat ek sizze, it is in aardichheid, dy genealogy. Sterker noch, de wittenskip dy’t de foarâlden bestudearret is gâns in sport. Mei wat mazzel hoecht in begjinneling lykas iksels der de doar net iens mear foar út, gewoan thús op de kompjûter kinne der al fassinearjende risseltaten boekt wurde. Tresoar bygelyks hat in grut part fan it befolkingsregister digitaal stean. Sjoch ek ris op de website Allefriezen.nl, dêr’t akten fan berte, houlik en ferstjerren sammele binne. Of nim Werelate.org: dêr leit in skat oan gegevens, mei it yndrukken fan in pear toetsen berikber.
De tiid fljocht op jin ôf, sa’n spultsje is it. Ynternet makket de wrâld hieltyd lytser, heart men wolris sizzen, mar dat is praat om ’e nocht. It is oarsom: de wrâld wurdt hieltyd grutter. Ommers, mei elk stikje kennis dat my berikt, wurdt myn honger nei méar kennis grutter. En myn besef fan wat noch mist, pynliker.
No ha ik wol gelok dat ien fan myn foarâlden in Van Sinderen wie. De wrâldreizigers, dûmnys, sulversmeden en abbekaten oan it Hôf fan Fryslân fleane my om de earen. En fia harren blyk ik ek noch in heel lyts bytsje fan itselde bloed yn ’e ieren te hawwen as ús eartiidske Fryske skriuwersikoanen Joast en Eeltsje Halbertsma – ik wol mar sizze, it is kultuerhistoarysk absolút ferantwurde om dizze Skroeiers wat mei in heal each te folgjen.
Wol iroanysk, tink ik gauris: de minst populêre beppe blykt it meast nijsgjirrige foarteam op te smiten. Mar no wol ik fansels ek witte wêrom’t dat laach no krekt op ’en stuit yn ’e bedelte rekke en ferfoel ta it boerearbeiders- en kollumskriuwersbestean. Ik ha efkes tiid by de fleet en ik sil derachter komme. Dy’t it hjoed net yn de hân hat, kin it altyd noch besykje mei de dagen fan juster.

zondag 16 februari 2014
In potsje Spreuken 2: fiif-nul foar Douwe Kiestra
Nochris oer de Spreuken fan Salomo, de oersetting fan it bibelboek troch Douwe Kiestra, makke yn 1946-47, útjûn yn 1968. De oersetting waard resinsearre yn de Leeuwarder Courant fan 19 oktober 1968 troch Marten Sikkema. Blykber sit dy resinsje my dwers.
Sikkema frege him ûnder mear ôf wêrom’t Kiestra it wurk fan sa’n oersetting eins oanfette hie, want der wiene ommers prima proazateksten foarhannen. It antwurd op dy fraach ha ik yn it stik ‘Bibeloersetting as boetedwaning’ besocht te jaan. No wol ik in tel stilstean by de fierdere krityk fan Sikkema: by syn kommentaar op de poëtyske oersetting sels. Behalve dat er fynt dat it bibelboek Spreuken “gauris ek frijwat prozaysk” is, en him dus net geweldich liene soe foar in poëtyske oersetting, komme syn beswieren hjir op del: “Wol is de dichter de proazatekst tige benei bleaun, brûkt er goed Frysk en hat er soms goede fynsten, mar dêr stiet foaroer dat de twang fan rym en mjitte him soms ek ta rimelderij bringt. Bytiden is de taal troch dyselde twang wat te âldfrinzich, mar steurender is it dat om deselde reden de taal faken te mastereftich, te saaklik en te min poëtysk is.”
Koartsein, de oersetting wie net werklik de muoite wurdich, miskien “inkeld noch mar, om’t [Kiestra] der sa’n flyt op dien hat”.
Ik ha it wol ris earder skreaun: Sikkema doarst it wol op te sizzen. By einsluten hie er it net oer de earste de bêste skoaljonge, dy’t er as learaar Nederlânsk wol efkes it leksum lêze koe. Kiestra wie en is ien fan de grutte Fryske dichters. Ien fan de ‘foute’ Fryske dichters, dat dan wer wol. Om neigean te kinnen oft Sikkema syn krityk oerein bliuwe kin, sammelje ik hjir earst in tal teksten dy’t har ferlykje litte. Ik nim Spreuken 2 as de ferlikingstekst, dy’t ik hjirûnder jou yn de Nederlânsktalige Statenvertaling (SV, 1637), de oersetting fan Wumkes/Folkertsma (WF, 1943), de Nederlânsktalige NBG-oersetting (NBG, 1951), de Nije Fryske Bibeloersetting (NFB, 1978) en ta beslút fansels de Kiestra-oersetting (DHK, 1947/1968)
Spreuken 2, Statenvertaling
1 Mijn zoon! zo gij mijn redenen aanneemt, en mijn geboden bij u weglegt;
2 Om uw oren naar wijsheid te doen opmerken; zo gij uw hart tot verstandigheid neigt;
3 Ja, zo gij tot het verstand roept, uw stem verheft tot de verstandigheid;
4 Zo gij haar zoekt als zilver, en naspeurt als verborgen schatten;
5 Dan zult gij de vreze des HEEREN verstaan, en zult de kennis van God vinden.
6 Want de HEERE geeft wijsheid; uit Zijn mond komt kennis en verstand.
7 Hij legt weg voor de oprechten een bestendig wezen; Hij is een Schild dengenen, die oprechtelijk wandelen;
8 Opdat zij de paden des rechts houden; en Hij zal den weg Zijner gunstgenoten bewaren.
9 Dan zult gij verstaan gerechtigheid, en recht, en billijkheden, en alle goed pad.
10 Als de wijsheid in uw hart zal gekomen zijn, en de wetenschap voor uw ziel zal liefelijk zijn;
11 Zo zal de bedachtzaamheid over u de wacht houden, de verstandigheid zal u behoeden;
12 Om u te redden van den kwaden weg, van den man, die verkeerdheden spreekt;
13 Van degenen, die de paden der oprechtheid verlaten, om te gaan in de wegen der duisternis;
14 Die blijde zijn in het kwaad doen, zich verheugen in de verkeerdheden des kwaden;
15 Welker paden verkeerd zijn, en afwijkende in hun sporen;
16 Om u te redden van de vreemde vrouw, van de onbekende, die met haar redenen vleit;
17 Die den leidsman harer jonkheid verlaat, en het verbond haars Gods vergeet;
18 Want haar huis helt naar den dood, en haar paden naar de overledenen.
19 Allen die tot haar ingaan, zullen niet wederkomen, en zullen de paden des levens niet aantreffen;
20 Opdat gij wandelt op den weg der goeden, en houdt de paden der rechtvaardigen.
21 Want de vromen zullen de aarde bewonen, en de oprechten zullen daarin overblijven;
22 Maar de goddelozen zullen van de aarde uitgeroeid worden, en de trouwelozen zullen er van uitgerukt worden.
Spreuken 2, Wumkes/Folkertsma (1943)
1 Myn soan, asto myn redenen oannimst en myn geboaden by dy sels bewarrest,
2 om dyn ear harkje te litten nei wiisheid, dyn herte te niigjen ta ferstannigens,
3 ja, asto ropst om begryp, dyn lûd útsetst ta de ferstannichheid,
4 asto dêrom sikest as om sulver, en har neigiest as ferburgen skatten,
5 dan silsto de freze des Heare ferstean en de kennis fan God fine.
6 Want de Heare jout wiisheid, út syn mûle komt kennis en begryp.
7 En Hy hat help benefter foar de oprjochten, Hy is in skyld dyjingen dy’t yn oprjochtens wannelje.
8 Want Hy hoedet de paden fan it rjocht, en befeiliget de wei fan syn geunstlingen.
9 Dan silsto gerjochtichheid en rjocht ferstean en rjochtfeardichheid, alle goed paad.
10 Want wiisheid sil yn dyn herte komme, en de wittenskip sil dyn siele leaflik wêze,
11 de foarsichtichheid sil de wacht oer dy hâlde, de ferstannichheitd sil dy behoedzje,
12 om dy te rêden fan ’e kweade wei, fan ’e man dy’t ferkearde dingen sprekt,
13 fan dyjingen dy’t de paden fan ’e oprjochtens ferlitte, om te gean op ’e wegen fan ’e tsjusternis,
14 dy’t har fermeitsje yn kweadwaan, dy’t jubelje fanwegen falske streken,
15 waans paden ferkeard binne en waans gongen besiden ôfwike;
16 om dy to rêden fan ’e frjemde frou, fan ’e ûnbekende dy’t flaaiket mei har wurden,
17 dy’t by de freon fan har jonkheid weigiet en it ferbûn fan har God ferjit;
18 want har hûs sakket wei yn ’e dea, en har paden rinne del nei de ferstoarnen;
19 allegearre dy’t ta har komme, komme net werom en fine de paden fan it libben net wer;
20 datsto wannelje meist op ’e wei fan ’e goeden, en hâlde de paden fan ’e rjochtfeardigen.
21 Want de oprjochten sille it lân bewenje, en de rjochtfeardigen sille dêryn oerbliuwe.
22 Mar de goddeleazen sille út it lân roege wurde, en de trouweleazen sille der út weiskuord wirde.
Spreuken 2, Nederlands Bijbel Genootschap-oersetting (1951)
1 Mijn zoon, indien gij mijn woorden aanneemt en mijn geboden bij u bewaart,
2 zodat uw oor de wijsheid opmerkt en gij uw hart neigt tot de verstandigheid,
3 ja, indien gij tot het inzicht roept en tot de verstandigheid uw stem verheft;
4 indien gij haar zoekt als zilver en naar haar speurt als naar verborgen schatten,
5 dan zult gij de vreze des Heren verstaan en de kennis Gods vinden.
6 Want de Here geeft wijsheid, uit zijn mond komen kennis en verstandigheid;
7 Hij bewaart hulp voor de oprechten, Hij is een schild voor wie onberispelijk wandelen,
8 terwijl Hij waakt over de paden van het recht en de weg zijner gunstgenoten beschermt.
9 Dan zult gij gerechtigheid en recht verstaan, ook rechtschapenheid, elke goede weg.
10 Want de wijsheid zal in uw hart komen en de kennis zal voor uw ziel liefelijk zijn;
11 bedachtzaamheid zal over u waken, verstandigheid zal u behoeden,
12 om u te redden van de boze weg, van de man die verkeerde dingen spreekt,
13 van hen die de rechte paden verlaten, om op duistere wegen te gaan;
14 die in kwaaddoen zich verheugen, juichen over boze draaierijen,
15 wier paden krom zijn en die op hun dwaalwegen gaan;
16 om u te redden van de vreemde vrouw, van de onbekende die gladde woorden spreekt,
17 die de echtvriend van haar jeugd verlaat en het verbond van haar God vergeet;
18 want haar huis zinkt weg naar de dood, haar paden voeren naar de schimmen;
19 niet één van allen die tot haar gaan, keert weder, en zij bereiken de paden des levens niet; 20 opdat gij de weg der goeden bewandelt en de paden der rechtvaardigen bewaart.
21 Want de oprechten zullen het land bewonen en de vromen zullen daarin overblijven,
22 maar de goddelozen zullen uit het land worden uitgeroeid en de trouwelozen zullen eruit worden weggerukt.
Spreuken 2, Nije Fryske Bibeloersetting (1978; wurk deroan begûn yn 1967, alsa in jier foar de ferskining fan Kiestra syn Spreuken-beriming)
1 Myn soan, asto myn wurden oannimst en as myn geboaden dy oan it hert geane
2 troch dyn ear nei de wysheid te hâlden en dyn hert nei ferstannigens ta te bûgen,
3 ja, asto lûd ropst om ynsjoch en mei útset lûd om ferstân,
4 asto dêr nei sikest as nei sulver, asto dêr om graafst as om ferburgen skatten,
5 dan silsto witte wat ûntsach foar de Heare is en komme ta de kennis fan God.
6 Want de Heare is it, dy’t wysheid jout, út syn mûle komme kennis en ynsjoch;
7 Hy stiet klear om de oprjochten te helpen, en is in skyld foar earbere minsken.
8 Hy hoedet de paden fan it rjocht en befeiliget de wei fan syn geunstlingen.
9 Dan silsto gerjochtichheid, rjocht en oprjochtens begripe en altyd de goede wei hâlde,
10 want wysheid komt yn dyn hert en kennis silst ynlik bliid mei wêze,
11 hoedenens sil de wacht oer dy hâlde en ynsjoch sil dy bewarje.
12 Dan silsto bewarre bliuwe foar de ferkearde wei, foar de man dy’t gemiene dingen seit,
13 foar minsken dy’t it rjochte paad ferlitte en dy’t tsjustere wegen geane,
14 dy’t nocht hawwe oan kweadwaan en it útjubelje om falske streken,
15 dy’t op kronkelpaden geane en fan ’e rjochte wegen ôfwike.
16 Dan silsto bewarre bliuwe foar de frjemde frou, foar de ûnbekende mei har flaaikjende wurden,
17 dy’t de man út har jonkheid ferlitten hat en it ferbûn mei God fergetten,
18 want har paad rint del nei de dea, har wegen komme út by de skimen;
19 nimmen dy’t nei har ta giet, komt oait werom, en noait berikt er de paden fan it libben.
20 Dan silsto de wei fan ’e goeden gean, de paden fan ’e rjochtfeardigen hâlde,
21 want de oprjochten sille yn it lân wenje en de rjochtskepenen sille deryn bliuwe,
22 mar de sûnders wurde út it lân útroege en de trouweleazen derút weisleept.
Spreuken 2, Kiestra
1 Myn soan, wa’t oannimt myn goerie en reden
En myn geboaden by himsels weileit,
2 Dy sil syn wei gean, bliid en woltefreden,
En niigje ’t hert ta stille ynbannichheid.
3 Yndied, rop óan ’t ferstân, sykje it as sulver,
4 As ‘t eal metaal yn stiengroeve en rots,
5 Slach alle wjerstân mei dyn wil ta pulver,
En do silst fine dêr de kennis Gods.
Ferstean d’ earbiedenisse foar de Heare,
6 En wysheid jout Hy dy yn mannichfâld,
Wa’t folget syn gebod, net eigen faai begearen,
7 Hy is in skyld foar him en in behâld;
8 D’ oprjochten jout Hy ’n fêst, bestindich wêzen,
Dat hja har hâlde oan paden fan it rjocht,
As wiene hja stokblyn en ûnbelêzen,
Sa sil Hy hoedzje har yn ‘t fel wrâldsk ljocht.
9 Gerjochtichheid en rjocht en binlikheden,
En alle goepaad sille hja ferstean,
10 Waans herten tagong jouwe oan wize reden,
Waans sielen ynsjoch is in leaflik lean;
11 Betochtsumheid sil wacht oer harren hâlde,
Behoedzje docht him de ferstannichheid
12 Foar faaie en wiffe wegen, mannichfâlde,
En foar de bruier, dy’t kweadingen seit;
13 Om him te rêden foar d’ ynflústeringen
Fan wa’t it paad fan ’t rjocht ferlitten hat,
Net om te gean yn tsjusternis mei jinge,
Waans siele lyk is oan it nachtlik swart;
14 Dy’t yn it kweadwaan harren jit ferbliidzje,
15 Behagen hawwe yn in oarmans tsjoed,
Waans wei ferkeard is en dy’t altyd biidzje
In spoar te finen, wikende fan ’t goed.
16 Datst dy te wacht nimst foar de fine netten
Fan in frjemd frouminsk, dat dy troait en flaait,
17 Sa’n ien, dy’t it ferbûn, foar God oer sletten,
Ferjit en har oan neat gelegen leit.
18 Har jonkheidsfreon troubrekkende ferlitten,
Sakket har hûs oer nei de grime dea,
Nei de ferstoarnen rinne al har strjitten,
19 Dy’t by har yngean wylgje wei as hea,
Dy bliuwe net op paden fan it libben,
20 Mar datsto hâlde meist de goede wei
Fan harren, dy’t rjochtfeardichheid bestribben,
Riigje by sokken, folgje harren nei!
21 It fromme folk, dat sil behâlden bliuwe,
En de oprjochten wreidzje d’ ierde oer,
22 Utroege wurde goddeleaze ljuwe,
De trouweleazen weiskuord op ’en doer.
In tal saken sil elkenien dalik opfalle dy’t boppesteande teksten oereidet. Dat is op it foarste plak dat alle oersettingen proaza-oersettingen binne, behalve dy fan Kiestra. Earder ha ik nei foarren brocht dat de orizjinele Hebrieuske tekst ritmyske aksinten befettet en organisearre is yn kûpletten en strofen; dat it alsa om Hebrieuske poëzij giet. Ut de hjir toande teksten blykt dat allinnich Kiestra him rekkenskip jûn hat fan dat gegeven yn syn oersetting en dêr wat mei dien hat.
Op it twadde plak falt op dat de beide oare Frysktalige oersettingen, de Wumkes/Folkertsma en de Nije Fryske Bibeloersetting, fierhinne streekrjochte oersettingen binne fan respektivelik de Nederlânsktalige Statenvertaling en de oersetting fan it Nederlands Bijbel Genootschap. Der sit net folle eigen tinkkrêft en kreativiteit by. Wumkes (de oersetter fan it Alde Testamint) hat net folle oars dien as de Statenvertaling letterlik oersette, en sa hawwe de Fryske oersetters fan de Nije Fryske Bibeloersetting net folle oars dien as hast letterlik de oersetting fan it Nederlands Bijbel Genootschap oersette. Allinnich Kiestra hat besocht – en hy moast dat fanwege de rymjende foarm dêr’t er foar keazen hie fansels ek wol besykje – om wat orizjinelers mei de bibeltekst te dwaan.
Twa-nul foar Kiestra, liket my. (Doelpunten dêr’t poëtysk ferslachjouwer Marten Sikkema, nuver genôch, gjin melding fan makket yn syn resinsje.)
Lit ús dan no ris nei yn it each rinnende kreative mominten sjen. Kinne wy yn de Fryske teksten formulearringen of passaazjes oanwize dy’t n geunstige sin ôfwike fan de boarnetekst, om’t se wat ekstra’s bringe, om’t se in fersterking betsjutte, om’t de oersetter op dat plak yn ús eagen in plom fertsjinnet?
Wumkes jout in wurdlike oersetting fan de Statenvertaling en komt mei gjin inkelde eigen fynst, of it moat yn Spr. 2 : 3 wêze: ‘asto (..) dyn lûd útsetst ta de ferstannichheid’, dêr’t de SV jout: ‘zo gij (..) uw stem verheft tot de verstandigheid’. Allyksa komt de NFB mei gjin inkelde fynst of fersterking ferlike mei de boarnetekst fan it NBG, miskien allinnich dizze yn Spr. 2 : 14: ‘dy’t (..) it útjubelje om falske streken’, dêr’t de NBF hat ‘die (..) juichen over boze draaierijen’.
By Kiestra springe lykwols de prachtige, eigen passaazjes samar yn it each. Hjir is it priissjitten, wat in feest foar de lêzer dy’t yn bibelteksten de krêft fan it poëtysk byld wol sa belangryk fynt as de korrektheid fan de letterlike oersetting. DHK Spr. 2 : 5 seit: ‘Slach alle wjerstân mei dyn wil ta pulver’ om it sulver te finen, dêr’t de NFB ‘der om [graaft]’, en WF it ‘[neigiet]’, SV it ‘naspeurt’ en NBG ‘naar haar speurt’. Spr. 2 : 6 belooft wiisheid ‘wa’t folget syn gebod, net eigen faai begearen’ en bringt dêrmei as iennichste in tsjinstelling oan. Spr. 2 : 8: ‘stokblyn en ûnbelêzen’, ‘hoedzje yn ’t fel wrâldsk ljocht’; Spr. 2 : 15: ‘behagen hawwe yn oarmans tsjoed’; Spr. 2 : 16: ‘te wach nimst foar de fine netten’; Spr. 2 : 19: ‘dy’t by har yngean wylgje wei as hea’ – stik foar stik eigen, poëtyske formulearringen dy’t yn gjin fan de oare hjir presintearre bibeloersettingen oantroffen wurde kinne.
Trije-nul foar Kiestra. Noch even hear.
Op wurdnivo is der nammentlik ek noch in nijsgjirrige ferliking te meitsjen. Dan giet it om de twadde omskriuwing fan de ‘frjemde frou’, de ‘vreemde vrouw’, yn DHK ‘in frjemd frouminsk’. Alle teksten brûke dan ‘de onbekende’/‘de ûnbekende’, ‘die met haar redenen vleit’ (SV), ‘dy’t flaaiket mei har wurden’ (WF), ‘die gladde woorden spreekt’ (NBG) of ‘mei har flaaikjende wurden’ (NFB). DHK lit in twadde haadwurd fuort, mar omskriuwt it mei ‘dat dy troait en flaait’. ‘Troaie’ betsjut ‘ferliede’ en dat is presys wat de bibeltekst bedoelt te sizzen oer de ‘frjemde frou’: sy is de frou fan in oar, alteast, net dyn eigen frou, dêrsto mar better net al te yntym mei omgean moatst. Willem Swart brûkt yn syn gearfetting fan Spreuken 2 it âlde wurd ‘boeleerster’, neffens myn Van Dale betsjut dat ‘een overspelige minnares’. Wy sjogge dus dat Kiestra better de kearn rekket fan ‘de frjemde frou’ yn Spr. 2 : 16 as alle oare hjir oanhelle teksten.
Fjouwer-nul foar de Fryske poëzijfersy fan Spreuken.
Yn it gefaarlike karakter fan dy ‘frjemde frou’ is wol in allegory sjoen mei de Grykse geast dy’t mei de feroveringen fan Aleksander de Grutte ek de joadske mienskippen berikte. Alsa Michaël Friedländer, sitearre by Swart: “(..) dass hier auch der neue Geist in seiner gefahrbringenden Gestalt uns allegorisch dargestellt wird und zwar in dem fremden Weibe, dessen bezauberndes Wesen den Abfall vom Bunde Gottes verkörpert”. Ek is yn de ‘frjemde frou’ wol in joadske ferwurking sjoen fan de Babylonyske goadinne fan leafde, oarloch, fruchtberheid en seks, Ishtar, en har ôfwiisd wurden troch Gilgamesj op de sechsde tafel fan it epos dat syn namme draacht.
Mei syn útdrukkelike ferwizing nei de ferliedingskeunst fan de frjemde frou leit Kiestra de klam op har gefaarlike karakter – en wiist er faaks ek op in persoanlike ferarbeiding fan de allegory, sa’t ik yn ‘Bibeloersetting as boetedwaning’ suggerearre ha. Foar him soe sy stean kinne foar syn ferblining yn de fjirtiger jierren, doe’t er it kwea fan de Dútske nazi-ideology te let ynseach.
Alsa fiif-nul foar Douwe Kiestra. Marten Sikkema hie mear flyt dwaan moatten op syn resinsje. Faaks hie er de âld boer serieuzer nimme moatten. Of wie er belutsen by de (earmoedige) Nije Fryske Bibeloersetting dêr't in jier foar syn stikje yn de krante mei út ein set wie? Ik wit it net. Yn alle gefallen (fluitsinjaal):
Game over.

Bibeloersetting as boetedwaning
Oer Spreuken fan Salomo fan Douwe Hermans Kiestra
Koartby ha ik wat fan de beropsmjittige aktiviteiten sketse kinnen fan dûmny Willem Swart (1879-1937), dy’t neffens dichter Douwe Hermans Kiestra ferantwurdlik west hat foar dy syn “earste foarming”. Yn dy skets kaam nei foarren dat Swart yn 1908 yn Grins promovearre wie op in stúdzje nei de joadske wiisheidsliteratuer, de saneamde chokma. Dat fûn ik in opfallend detail, sjoen it feit dat Kiestra yn 1968 fan ien fan de boeken dy’t ta de chokma rekkene wurde, it bibelboek Spreuken, in berime Fryske oersetting yn it ljocht jûn hat.
Resinsint Marten Sikkema wie destiids min te sprekken oer dy oersetting (‘De “Spreuken” op rym’, Leeuwarder Courant, 19 oktober 1968). Hy fûn it mar “in frjemd kerwei” en frege him ôf hoe’t Kiestra der ta kaam wie: “It hat blykber sa west, dat dizze teksten yn proaza-foarm him wat te sizzen hiene, hy hat der wat mei wollen en nou hat er op dizze wize besocht, se yn ‘e macht te krijen; in oare ferklearring kin ik alteast net fine.”
It kin fansels wêze dat Kiestra al betiid wat opstutsen hie, faaks fan dûmny Swart, oer it bibelboek Spreuken dat Sikkema blykber net wist. Nammentlik dat it by Spreuken om Hebrieuske poëzij giet, net om proaza. Poëzij dy’t yn de orizjinele taal karakterisearre wurdt troch in beskate aksinteritmyk, wylst de rigels organisearre binne yn kûpletten en strofen. Sa nuver wie it besykjen fan Kiestra om de tekst yn it Frysk in poëtyske foarm mei te jaan dus helendal net. Mar de werklike reden foar him om it bibelboek – en krekt dít bibelboek – oer te setten, sil in djippere west hawwe, sa wol ik besykje hjir oannimlik te meitsjen.
Wiisheid
“Fan selsbesinning en gripen nei âlde wiisheid tsjûget ek syn beriming fan it bibelboek Spreuken,” skreau Douwe Tamminga yn syn ynlieding by de Samle fersen fan Kiestra, útjûn yn 1982. De beriming ûntstie al gau nei de Twadde Wrâldoarloch, yn deselde snuorje as de bondel Sinne op ’e striesek (1947), mar waard pas dik tweintich jier letter publisearre, twa jier foar Kiestra syn dea. Alsa late it oersetten fan de Spreuken fan Salomo it tema fan skuld en boete yn, in tema dat Kiestra syn neioarlochske dichtsjen tenei oerhearskje soe, sa’t ik yn de ynlieding by de blomlêzing Skielk beart de hjerst (2006) sjen litten ha.
It bibelboek Spreuken en ek Job en Prediker wurde ta de joadske wiisheidsliteratuer rekkene: ferhalende bibelteksten dy’t ynsjoggen en wiisheden oer it minsklik libben bringe. Yn Spreuken stiet net sasear God (Jaweh) sintraal mar de Wiisheid, as helper fan God. It boek jout in oersjoch fan sosjale deugden en wol troch etyske lessen de lêzer kennis bybringe hoe’t er libje moatte soe. Deugd is kennis. Dat is heel oars as bygelyks by de Profeten en yn de Psalmen, dêr’t deugd folle mear te krijen hat mei it erkennen en it oanbidden fan Jaweh as in nasjonale God. Yn Spreuken giet it om wiisheid, dêr’t godlike funksjes oan taskreaun wurde, en om it begripen fan wierheden yn de praktyk fan it libben.
Dy wiisheid en kennis, dêr hie Kiestra wat mear fan hawwe moatten. Dat fûn er sels, doe’t er weromseach op syn libben. Men heart it him wer sizzen yn syn selsynterview yn 1970 foar de Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk. Hy hie as jongkeardel graach de kâns hawwe wollen om ris in pear jier yn it bûtenlân te sjen: “En net allinnnich dat jo de talen dan better machtich wurden wiene, mar jo hiene de dingen ek ris fan tichteby better besjoen. En jo wiene faak net sa nayf, idealistysk op allerhande aventoeren ynflein. Hawar, dêrfan genôch.”
Kiestra op lettere leeftyd wie in man dy’t “himsels fernielde mei syn wroeging”, sa’t Trinus Riemersma skreaun hat. Syn oersetting fan Spreuken sjoch ik yn dat ramt as in besykjen om syn lêzers de wiisheid mei te jaan dêr’t it himsels oan ûntbrutsen hie. En miskien ek wol as in boetedwaning, as in selskastijing.
Grieksche Geest
Syn eardere learmaster ds. Swart, yn Kiestra syn jongesjierren dûmny yn Sybrandabuorren en Tersoal, hat him yngeand dwaande holden mei krekt dat bibelboek Spreuken. Yn syn proefskrift De invloed van den Griekschen Geest op de boeken Spreuken, Prediker, Job (1908) hie Swart – doe noch in rjochts-otterdoks dûmny – besocht oan te toanen dat it wiisheidsidee yn dy bibelboeken net sasear op Gryks-Hellenistyske ynfloeden werom te fieren wie, mar earder fuortkaam út it Joadske tinken sels. Dat wie ek de fisy fan syn promotor yn Grins, de otterdokse prof. dr. Gerrit Wildeboer. Swart gie lykwols al gau nei syn promoasje oer nei de ‘modernen’, sa’t mear frijsinnige predikanten yn dy tiid neamd waarden. Doe’t er yn de Legeaën kaam te stean, hie er syn âlde tinkbylden al opjûn.
In liedende ‘moderne’ bibelwittenskipper yn dy dagen wie de Amerikaan Crawford Howell Toy (1836-1919), heechlearaar Hebrieusk oan Harvard. Yn dit ferbân is syn A Critical and Exegetical Commentary on the Book of Proverbs (1899) nijsgjirrich. Toy brocht de klam op wiisheid en kennis yn de niisneamde bibelboeken krekt wól yn ferbân mei it Grykse filosofyske tinken. Hy skreau bygelyks:
“In the West it is only in Greece that we find that identification of knowledge and virtue which is characteristic of the Jewish Wisdom literature – a trait which in Proverbs is especially prominent in chs. 1-9, but appears throughout the Book.”
Toy wiist dan benammen op it twadde haadstik, dat ik hjir yn de beriming fan Kiestra folgje lit:
Myn soan, wa’t oannimt myn goerie en reden
En myn geboaden by himsels weileit,
Dy sil syn wei gean, bliid en woltefreden,
En niigje ’t hert ta stille ynbannichheid.
Yndied, rop óan ’t ferstân, sykje it as sulver,
As ‘t eal metaal yn stiengroeve en rots,
Slach alle wjerstân mei dyn wil ta pulver,
En do silst fine dêr de kennis Gods.
Ferstean d’ earbiedenisse foar de Heare,
En wysheid jout Hy dy yn mannichfâld,
Wa’t folget syn gebod, net eigen faai begearen,
Hy is in skyld foar him en in behâld;
D’ oprjochten jout Hy ’n fêst, bestindich wêzen,
Dat hja har hâlde oan paden fan it rjocht,
As wiene hja stokblyn en ûnbelêzen,
Sa sil Hy hoedzje har yn ‘t fel wrâldsk ljocht.
Gerjochtichheid en rjocht en binlikheden,
En alle goepaad sille hja ferstean,
Waans herten tagong jouwe oan wize reden,
Waans sielen ynsjoch is in leaflik lean;
Betochtsumheid sil wacht oer harren hâlde,
Behoedzje docht him de ferstannichheid
Foar faaie en wiffe wegen, mannichfâlde,
En foar de bruier, dy’t kweadingen seit;
Om him te rêden foar d’ ynflústeringen
Fan wa’t it paad fan ’t rjocht ferlitten hat,
Net om te gean yn tsjusternis mei jinge,
Waans siele lyk is oan it nachtlik swart;
Dy’t yn it kweadwaan harren jit ferbliidzje,
Behagen hawwe yn in oarmans tsjoed,
Waans wei ferkeard is en dy’t altyd biidzje
In spoar te finen, wikende fan ’t goed.
Datst dy te wacht nimst foar de fine netten
Fan in frjemd frouminsk, dat dy troait en flaait,
Sa’n ien, dy’t it ferbûn, foar God oer sletten,
Ferjit en har oan neat gelegen leit.
Har jonkheidsfreon troubrekkende ferlitten,
Sakket har hûs oer nei de grime dea,
Nei de ferstoarnen rinne al har strjitten,
Dy’t by har yngean wylgje wei as hea,
Dy bliuwe net op paden fan it libben,
Mar datsto hâlde meist de goede wei
Fan harren, dy’t rjochtfeardichheid bestribben,
Riigje by sokken, folgje harren nei!
It fromme folk, dat sil behâlden bliuwe,
En de oprjochten wreidzje d’ ierde oer,
Utroege wurde goddeleaze ljuwe,
De trouweleazen weiskuord op ’en doer.
Net-teologysk
“Myn soan,” dat is in oansprekfoarm dy’t Kiestra ek persoanlik handige; hy hie ommers bern dy’t er yn 1945 wat út te lizzen hie. Dy’t er ried jaan woe. De toan is net-teologysk, skreau Toy, mar modern en praktysk. It ferstân is in boarne fan de wierheid, en de morele kapasiteit fan de geast is in kreaasje fan God. Dat is in yn essinsje Grykse kombinaasje, neffens de Harvard-professor: “This larger conception came to the Jews through natural growth under the stimulus of foreign (mainly Greek) thought.”
Foar Kiestra sil it bekende byld fan it “frjemd frouminsk” faaks stien hawwe foar syn ferblining yn de fjirtijer jierren, doe’t er in foaroanman west hie yn de kollaboraasje mei de Dútse besetter. Toy wiist derop dat it hjir giet om in byld út it joadske stedslibben, út de Grykse perioade yn Syrië, Palestina en Egypte, in tiid doe’t de persoanlike frijheid belangriker waard op kosten fan “the old clan-life of Israel, with its definite family-ties and local bounds”. Yn de tekst is de frou de ferliedster, de man de “silly victim”. Priuwt de lêzer fan Kiestra syn oersetting hjir net allinnich wat fan syn pine, mar ek wat fan syn opstannichheid: mar ik wie ek slachtoffer?
It is dochs spitich dat er wierskynlik noait kennis nommen hat fan Toy syn boek (dat ek net foarkomt yn de stúdzje fan Swart). Toy beskriuwt ek skerp watfoar deugden nét bot oan de oarder komme yn de joadske wiisheidsliteratuer, lykas moed, trochsettingsfermogen, gematigdheid, selsopoffering en yntellektuele wierachtichheid. Net dat joaden dy deugden net hawwe soene, mar de pragmatyske skriuwers fan Spreuken fûnen it beklamjen fan oare deugden, “which secure prosperity and happiness”, belangriker:
“Life is contemplated on its external and visible side (..). There is no reference to such inward experiences as swaying between opposed lines of conduct, struggle with temptations, and the mistakes of conscientious ignorance. Men are judged, without allowance, according to their actual conformity to law, and are sharply divided into good and bad (..).”
Bad. Fout, dat wie Kiestra. En dat soe er yn de eagen fan in protte Friezen bliuwe, hoefolle Spreuken oft er ek ferfryske.

zaterdag 15 februari 2014
vrijdag 14 februari 2014
Hallo? 2018? Hallo?
“Beste Abe,” sa begûn in mail fan 15 jannewaris oan my, “dank voor de schitterende wijze waarop je de gevoelens van velen, en zeker de onze onder woorden hebt gebracht t.a.v. Lwd2018.” It gie oer de stilte om Lwd2018 hinne, dy't ik sinjalearre hie yn in Skroeier yn it Friesch Dagblad, ik krige der in kaam fan.
En sa gie de mail fierder:
“Driemaal heeft mijn dochter zich als vrijwilligster aangemeld. Ter plekke en via de site. Vanaf begin vorig jaar. Met haar al geruime tijd geleden afgeronde studie journalistiek, en een tijdje kunstgeschiedenis, dacht zij iets te kunnen betekenen voor Lwd2018. En op die manier ook leuk met veel mensen in contact te komen, in deze tijd van constante werkloosheid voor haar. Na veel moeite mocht ze ergens haar naam invullen en zei iemand dat die het zou doorgeven. Nog geen stom woord heeft zij sindsdien vernomen. Het zou mij niet verbazen als zij op het uur ‘U’ gevraagd wordt in een geel hesje het verkeer te regelen.”
Tsja, tocht ik. Dat rint net sa soepel.
Dat ik mail de mail troch nei de direkteur fan Lwd2018, op 19 jannewaris. Faaks hat de kleier wilens antwurd krigen, mar ik yn alle gefallen net.
Oar foarbyld. Alde Fryske stichting dy’t jierliks in bekende betinking yn it súdwesten fan de provinsje organisearret, krijt fan my op in lêzing it adfys om te modernisearjen en yn dat ramt kontakt te sykjen mei Lwd2018. Nei in ferkennend petear mei in saakkundige wurdt der, no alwer mear as twa wike lyn, in mail stjoerd nei info@2018.nl.
Nog geen stom woord hebben zij sindsdien vernomen.
Dêr rint mei oare wurden eat helendal fan de rails mei Lwd2018. En kom no asjebleaft net oan mei it ekskús dat de organisaasje yn in ferbouwing sit. Wêrom is in organisaasje dy’t wol by steat is om grutte, grutte bedragen út te jaan oan kommunikaasje-adfiseurs, net by steat om simpelwei in publyksmailadres te managen? Ik doar it antwurd net te jaan. Want dat soe dan op sokssawat delkomme moatte as: dédain foar it publyk.
Op 10 maart is der in yn alle gefallen wol goed kommunisearre ynformaasjebyienkomst yn de Harmonie yn Ljouwert oer de takomstplannen fan Lwd2018. Soe it dan no tenei berchop kinne?
Gelokkich begryp ik fan in maat dy’t hjoed efkes delkaam dat der yn de Hoofdplaats praat is fan in oansteand fertrek fan Bert Looper by Tresoar.

Abonneren op:
Posts (Atom)