dinsdag 3 december 2013

Tim spilet yn Stadsschouwburg Amsterdam foar Dan Brown

Op tiisdeitejûn 7 jannewaris spilet Tim yn de Stadsschouwburg Amsterdam fjouwer delen fan Bach syn Partita Nû. 2 foar Dan Brown en hûnderten Brown-leafhawwers as ofsluter fan de lêzing dy't Brown hâldt. Foar kaarten, sjoch de site fan Luitingh-Sijthoff.

Boe! tsjin de Fryske Akademy

“Justerjûn de stavering fan it Frysk bepraat mei foar- en tsjinstanners fan feroarings... East is east and west is west and never the twain shall meet...”

Dat skriuwt Jan Schotanus, bestjoerslid fan It Skriuwersboun, op syn LinkedIn nei oanlieding fan it oerlis op it Provinsjehûs fan twa wike lyn.

It is werklik net te leauwen.

It is net te leauwen wat in pear mislearre terpbazen ferbûn oan it allyksa mislearre snurkynstitút dat giet ûnder de namme De Fryske Akademy mient úthelje te kinnen mei it Frysk. Yn de echte, werklike wittenskip dat der in grutte protestaksje west hat tsjin harren ûnsillige plannen. Mei mear as hûndert stipers fan kwizekwânsje, oeral wei. Fan A oant Z – ik kom hjir de alfabetisearders yn ’e mjitte mei in fersliten útdrukking dy’t se begripe en dy’t se net op ’e doele bringt – is it Doelestrjittefolkje alsa sa klear as in klûntsje ferdútst hoesa net, wêrom net en omdat net.

Mar de taalregeltsjefetysjisten dy’t yn tsjinst fan jo en my arbeidzje – dat lêste hoopje wy dan mar – jouwe – moatst miene! – gjin belies. Der moatte staveringsferoaringen komme. Der moat standerdisearring komme. Der moatte Doedes komme.

Der moat nammentlik in dikke deklaraasje skreaun wurde kinne dy’t jo en ik dan fansels betelje moatte. Oars komt der faaks in ein oan it 75-jierrich swier kealjen fan it ynstitút dat giet ûnder de namme ‘Akademy’.

It is ek net te leauwen dat soks allegear bart yn stilte. Of  is it wol te begripen? Want wa sil der ek wat fan sizze, yn dit lân dêr’t elk yn bêd leit mei elk, dêr’t elk yn tsjinst is fan elk en dêrt wy de dingen gewoan dogge sa’t it ús goed tinkt?

Ensafh? De baas dêr is in sutelbrekker dy’t leaver wurdlidden telt as arguminten hifket – by de Akademy hat er syn pinsjoen helle. De Moanne? Dat blêd is yn namme ûnôfhinklik fan it BûterhoekeKompleks, mar ja, de redaksje húsmannet dêr al, en wêr’t men mei omgiet, dêr wurdt men ta rekkene en dêr moat men mei rekkenje. De kranten? Dy fersûpe hast en hawwe wol wat oars oan ’e holle as har te bekroadzjen om it Frysk. De skriuwers? Ja!

De skriuwers! Under oare de skriuwers hawwe har yn grutte oantallen fan ’t maityd hearre litten. Mar it snurkynstitút is óf sa djip yn sliep óf hat de earmen wilens sa djip yn de konten – of is it kûnten? – fan syn eigen dwylsinnige útstellen dat it blykber folslein net mear útmakket wat skriuwers fine. It Skriuwersboun dan? Och, It Skriuwersboun…

Ik wól net mear mei de taal oan ’e gong. Mei de regeltsjes fan de taal. De taal is yn it delgean en ‘wy’ – wa? – wy meitsje ús drok om –oe of –û.

Ik sis: boe! Ik wol net meiwurkje oan goedbedoelde ûnsinnichheid dy’t de delgong fan de taal allinnich mar befoarderje sil. Ik wol moaie en belangrike dingen MEITSJE yn en mei ús taal. Sa spitich dêrom, dat it lot wol dat ik ditsoarte fan hopeleaze stikjes skriuwe moat om’t ien, om’t twa, miskien om’t trije, op syn meast om’t fjouwer saneamde wittenskippers dít mieninkje hawwe of dát mieninkje hawwe oer skriuwwize, stavering, wurdfoarkar – om’t se mei oare wurden mieninkjes hawwe oer FOARM.

It binne alsa de wittenskippers foar de foarm dy’t no al hast in jier lang in heel taalgebiet terrorisearje mei harren ûnfersniene praat fan neat. Mei praat fan neat boppedat dat tige kundich en tige ynstruktyf en tige fan arguminten foarsjoen ôfservearre is troch in lange, lange list fan respektearre leafhawwers fan it Frysk, mei ûnderskate heechleararen dêrby. 

Of soe harren baan, ynkommen en libbensgelok ôfhingje fan ja of nee tsjin de útstellen? Dat hoopje ik fansels net, en dat soe dan skandalich regele wêze troch de wilens fertrokken direkteur. Hoewol't dêr by sein wurde moat dat soks tige yn 'e moade is yn wittenskipslân: jo moatte jo eigen wurk mei eigen projektjes feilich stelle. As dat sa is, lit it dan witte. Dan is dat dúdlik.  

Kom op, Doelestrjittefolk. Wurd wekker út dizze nachtmerje, skrilje op, lit ôf fan de duvel, sis trije kear it spyt ús, it spyt ús, it spyt ús en begjin oan in etymologysk wurdboek. Helje de kreas koifearre holle ris út de tsjustere midsieuwen wei. En sjoch ris WAT der allegear NO noch wol net SKREAUN wurdt yn ús prachtige sprake.

Literatuerûndersyk…

(Nee hear, ik hoech gjin útnoeging om Lid te wurden fan de Fryske Akademy. Leaver noch lit ik my ûntfreonje troch de wurdsjeweagers en wurdlidslikkers.)


.