maandag 7 januari 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Twatalich? Ammehûla!

Woansdei wer in Skroeier, oer, it muoit my tige, de webside fan de Provinsje Fryslân. Wylst yn de provinsje dei yn dei út hiele Sauronlegers fan beropsfriezen dwaande binne om de twadde Rykstaal boppe wetter te hâlden, dêr slagget it de kommunikaasjewûnders op it Provinsjehûs mar net om sels mar de lytste stikjes yn it Frysk oan te bieden.

"Allinnich de earste alinea is oerset, foar de oankundiging. De stikken binne ‘gewoan’ yn it Nederlânsk. As in soarte fan algemiene en iennichste kennisjouwing stiet der yn in grize balke boppe: ‘Spitigernôch is dizze tekst net yn it Frysk oanwêzich’.

Te ferklearjen is it wol. Dat sit sa, de oersetter Frysk by de Provinsje (0,2 fte) hie mooglik oars wat om hannen, wie mei poppeferlof, wie sels swier en hie dêrom frij, of moast fan de baas snipperdagen opnimme. Hoe’t dat ek west hat, hy of sy koe dy pear alinea’s fan dy mar leafst trije berjochten der werklik net mear by hawwe."

De nûmers 197 oantemei 220 fan myn bydrage oan de Fryske poëzij

Ynhâld Ravensulver

Eilânsân

Oer ingels
Wat bist al grut
Unwennige wjokslach
Oan Uriël, oer in foto
Oere om te brekken, oere om te bouwen
Sichem sprekt
Duorsumens
Ravensulver
In goed skot op hazzen
Nachtbryfke oan Jopie H.
De preek fan Jopie H. tsjin de beamkeplanter
Jopie H. wie dea en syn omskot lei derhinne
Easterbeintum
Krimp yn Easterbeintum
Akke Kingma song op Harsta State
Dingen foar in deade
Pardon my French
Utliend
Mei tiid te min
It oerset
Oboal om fuort en werom
Hadrianus en heit
Audwulf Frisia
Wyldejacht op in artefakt
Trije dichters
Opgraving yn Furdgum
Visalia, Kalifornië
Hoop fan Holwert

Kariatide foar in sânplaat op ’e rin

Ut Ravensulver: 'Unwennige wjokslach'

Unwennige wjokslach

It ferjitten wurd dat Czeslaw Milosz oprôp
út ’e tonger en it wjerljocht fan thús, fierder as Poalen,
en wer opsnúfde oan ’e grutte Pacific,
miskien in namme fan immen út East-Sina,
miskien net, miskien wie dyjinge,
ûnútsprutsen noch, net taret,
ûnwittend fan wa’tsto bist, en ûnwis,
of kaam it út in brief yn in âld kammenet
mei de kleur fan in jûpe, it each fan in al lang
ferwaaide blik, in katolike aai
oer de tonge, in oseanen oer reizgjend ik –

Mar der wie termyk, in lichte tocht
nei in earmoedige klinte, ja, der wie ek in ingel,
in ingel, in ingel, in ingel,
in wurd yn ’e ferballing,
wachtsjend op in lift fan in flinter.
Leau net wat de minsken sizze, Luuk.
Do silst dines fine, myn freelance sjamaan,
myn tûke goaltsjegetter op ’e dyk by Swarte Haan,

oait fjoermaster fan it wurd
dat krekt foar de earste, noch ûnwennige wjokslach
freegje kin

Here I am
Will you send me an angel