maandag 27 februari 2012

Creedence Clearwater Revival - I Heard It Through The Grapevine (Extended Version)

Feartfisk swimt nei nij rekord

Hjir by de feartfisk koene wy op 27 novimber ferline jier kundskip dwaan dat de grins fan 2800 pageviews yn ’e moanne trochbrutsen wie. Wêr is de ein? Achtenearre lêzer, op syn reis nei ûnbekende fierten, to boldly go where no fish has gone before, hat de feartfisk juster de magyske grins fan 3000 pageviews berikt.

Topper de ôfrûne moanne: ‘It gefaar is ûnder ús en it is like grien as Kermit de Kikkert’, 164 kear apart oanklikt. Op twa, nei in nek-oan-nek-race mei de treddepriiswinner: ‘Eksit Friese Pers Boekerij?’, 92 kear apart oanklikt. En it brûns giet nei Kollum 28: ‘Oehoe, it is Frysk en it kostet jild’, 91 kear apart oanklikt.

De oanmoedingingspriis giet nei it oangripend fers ‘Modern sonnet oer ’t mantsje en ’t stofsûchfamke Jantsje’ (it meast lêzen gedicht, 38 kear oanklikt) en de earfolle fermelding is foar in lyts bewyske lokaal-krityske ferslachjouwing, ‘Iisferiening Winaam makket baanfak jiskefrij’ (34 kear).

Leave klikkers, tanksy jim giet de reis fierder. Klik, klik, klik en bliuw de feartfisk folgjen op al syn noait net earlik te achterheljen wetterwegen.



.

zaterdag 25 februari 2012

Nimt Eddy van der Noord de Friese Pers Boekerij oer?

Hjoed yn de LC in hele adfertinsjeside mei boeken. In heale side foar de eilângids fan Texel, útjûn troch de Friese Pers Boekerij, in kwart foar in boek fan Snitser Joop Doevendans, útjûn troch de Friese Pers Boekerij, en it lêste kwart foar it boek Door het oog van de naald. Joodse onderduik in Friesland, skreaun troch Meike Jongejan en Eddy van der Noord, útjûn troch de Friese Pers Boekerij.

Ho, ho, foutsje. Dat lêste boek wurdt aansen (der kin op yntekene wurde) útjûn troch Uitgeverij Louise.

Minsken dy’t in bytsje bekend binne mei de útjouwerswrâld yn Fryslân, sille no efkes mei de eagen knipperje. Soene se by de Afûk de krante hjoed ek lêzen hawwe?

In kwartside adfertinsje, wat kostet soks normaliter? Twa-, trijetûzen euro? Dat Uitgeverij Louise sa’n bedrach deltelle soe foar in kwartside, is ûnmooglik. Twa mooglikheden. Uitgeverij Louise hat itselde rjocht fan NDC mediagroep krigen as de FPB hat, nammentlik dat se fergees adfertearje meie. Of, wierskynliker, de FPB hat sa goed west om út syn eigen frije adfertinsjeromte in part beskikber te stellen oan Uitgeverij Louise. Mar wêrom soene se dat yn godsnamme dwaan?

Saillant detail: de yntekenbon foar it boek fan Uitgeverij Louise kin opstjoerd wurde nei... de FPB.

Uitgeverij Louise is yn 2010 oprjochte troch Eddy van der Noord, op dat stuit noch yn tsjinst fan NDC. Eddy wie mei-ferantwurdlik foar de digitalisearring fan it LC-argyf; ek wie er jierrenlang foarsitter fan de ûndernimmingsried en yn dy hoedanichheid in grutte stipe foar sawol de NDC/VBK-baas fan doe, Jan de Roos, as de NDC mediagroep direkteur fan doe, Cees Anceaux.

Inside information: yn 2010 wie der yn de ‘wandelgangen’ praat dat Eddy it bedriuw ferlitte soe en op eigen manneboet de FPB graach oernimme woe. Hy wie doe al in jier as twa belutsen by boekinisjativen dy't de LC sels naam bûten de 'eigen' FPB om - soks hjit ek wol winstmaksimilisaasje op kosten fan de winkeldochter.

Hoe’t de ferhâldingen no krekt lizze, wit ik fansels net. Mar as it meikoarten ta in, hoe sil ik it neame, fierdere ‘gearwurking’ komt tusken FPB en Uitgeverij Louise, sis dan net dat jim fan neat wisten.



Sjoch ek op de feartfisk: Exit Friese Pers Boekerij?


.

vrijdag 24 februari 2012

Nei 1 jier al 4 eksimplaren ferkocht!

Goed nijs foar leafhawwers fan de Fryske dichtkeunst: fan it harkboek Dy’t in hûs fynt op ’e wyn binne in jier nei ferskining noch genôch eksimplaren te krijen!

Al it yn bondels publisearre dichtwurk-oan-no-ta fan Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005), fiif poëzijbondels troch de dichter sels ynlêzen, útjûn troch Audiofrysk, is hjir te bestellen.

Rûchwei sa’n 200 gedichten foar mar 16,50, dat is krekt wat mear as 8 sint it gedicht. Dêr kin it net om oergean, wol? En dy’t it boek dellaadt, krijt noch 3,50 koarting ek. Dan binne de gedichten dus noch mar 6,5 sint it stik. It earste samle-fersen-harkboek yn de Fryske literatuer mar leafst. En ynlêzen yn krisistiid, ek dat makket de útjefte Histoarysk. Wês der gau by, want yn 2018 is de foarried op!

Ljouwert KH 2018 fleurich los - Repo GPTV - Sjoch, sa kin it dus ek!