 In lyts espeltsje troch de stichting BMD (Brede Maatskiplike Diskusje) útsochte lju tusken de 18 en 30 jier sil frege wurde wat har tinken is oer it Frysk en it plak fan it Frysk yn Fryslân en yn it ûnderwiis. 
Takom maityd earst yn ien doarpke, en as de útkomst 'Nederlânsk' genôch is yn mear. 
Wy hawwe dus aansen te krijen net mei in Brede mar mei in 'Smelle Maatskiplike Diskusje' oer it Frysk. Hoewol, 'maatskiplik'? Sels wat minsken útsykje dy't wierskynlik net folle mei it Frysk hawwe - op kosten fan de provinsje Fryslân? 
De trochsichtige opset makket sok praten al dalik oerstallich. Elk wit dat 'âldere' minsken mear hawwe mei it Frysk as 'jongere' minsken, dy't ommers al opsnúfd hawwe fan ús falend ûnderwiissysteem dat it Frysk der ab-so-lút net ta docht.
Ek de opmerkingen fan Rimmer Mulder yn it Friesch Dagblad hjoed oer dat it Fryske taalbelied safolle kostet en neffens him neat opsmyt, en dat Ljouwert 'geen Friestalige stad' wêze soe (sa'n 30 persint fan de Ljouwerters praat Frysk) jouwe it ramt oan fan it ûndernimmen.  
Dat - as jo aansen net meiprate meie yn de Smelle Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk, net útsocht binne troch Mulder en Willem Verf, dan is dat mei in doel. Jo betelje wol belêsting, jo meie stimme foar it wetterskip. Mar de Partij bepaalt de takomst fan jo kultuer.
In lyts espeltsje troch de stichting BMD (Brede Maatskiplike Diskusje) útsochte lju tusken de 18 en 30 jier sil frege wurde wat har tinken is oer it Frysk en it plak fan it Frysk yn Fryslân en yn it ûnderwiis. 
Takom maityd earst yn ien doarpke, en as de útkomst 'Nederlânsk' genôch is yn mear. 
Wy hawwe dus aansen te krijen net mei in Brede mar mei in 'Smelle Maatskiplike Diskusje' oer it Frysk. Hoewol, 'maatskiplik'? Sels wat minsken útsykje dy't wierskynlik net folle mei it Frysk hawwe - op kosten fan de provinsje Fryslân? 
De trochsichtige opset makket sok praten al dalik oerstallich. Elk wit dat 'âldere' minsken mear hawwe mei it Frysk as 'jongere' minsken, dy't ommers al opsnúfd hawwe fan ús falend ûnderwiissysteem dat it Frysk der ab-so-lút net ta docht.
Ek de opmerkingen fan Rimmer Mulder yn it Friesch Dagblad hjoed oer dat it Fryske taalbelied safolle kostet en neffens him neat opsmyt, en dat Ljouwert 'geen Friestalige stad' wêze soe (sa'n 30 persint fan de Ljouwerters praat Frysk) jouwe it ramt oan fan it ûndernimmen.  
Dat - as jo aansen net meiprate meie yn de Smelle Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk, net útsocht binne troch Mulder en Willem Verf, dan is dat mei in doel. Jo betelje wol belêsting, jo meie stimme foar it wetterskip. Mar de Partij bepaalt de takomst fan jo kultuer.
 
 
 
Ek in goeie metoade foar wittenskiplik ûndersyk: tel it oantal nijs-/parseberjochten fan in partij op syn webside en gean ris nei wêr’t dy berjochten oer gean. 
Dan krije jo in idee fan de ûnderwerpen dêr’t dy partij graach, en de ûnderwerpen dêr’t dy partij minder graach mei assosjearre wurdt. Handich, of net? 
De partij yn kwestje is de Frysk Nasjonale Partij (FNP), de webside is de sintrale webside fan de partij en sjoen is op de side ‘Nijsoersjoch’. It ûndersyksark is it telramt en it ynterpretaasjeramt is it sûne ferstân. 
De risseltaten. Dit wittenskiplik ûndersyk wiist út dat dêr yn de perioade fan 1 jannewaris oantemei hjoed 15.40 oere mear as tritich berjochten op de site set binne. Fierrewei de measte berjochten geane oer natuer- en lânskipsbeskerming, duorsumens, lânbou/stikstof, ekonomy en iepenbier ferfier. 
De Grutte Ofwêzigen binne de Fryske taal en it Frysk ûnderwiis.
Underwiis yn de Fryske taal? Frysktalige kultuer? Wy moatte hielendal hielendal hielendal werom, it is in ferrekt ein bonkeljen, nei 8 jannewaris – in gjalp foarôfgeand oan in nijjiersresepsje of sokssawat - om it tinkend part fan it omsittend laach alfêst mar de bek te binen wierskynlik - oer de winsklikens om software fan de Fryske Akademy te brûken foar it ûndertiteljen fan, jawol, gemeenteriedsgearkomsten. Nou, dat hat de webside dan teminsten berikt. 
Pfffff. In ‘Fryske’ partij. Ofdroege troch de tsjinstanner, mar krekt noch de eare rêden. Hjir de publykskampanje fan de FNP fan 't jier, oan no ta:
23 juny 2020 FNP: bettere beskerming greidefûgelpykjes en reekealtsjes troch de ynset fan drones 
18 juny 2010
FNP stelt fragen oer it behâld fan beamwâlen yn Fryslân 
16 juny 2020
FNP: goede farferbining Ofslútdyk-Harns 
8 juny 2020
Krityk op nij ferdielsysteem jild gemeentefûns 
5 juny 2020
FNP yn koroanatiid 
28 maaie 2020
Iepenbiere expertmoeting Thialf op 3 juny 
27 maaie 2020
Moasje stikstofbelied: FNP, CDA en VVD wolle regy provinsje en ynset op ynnovaasje en ferduorsuming 
26 maaie 2020
FNP wol ‘slank’ Europabelied 
19 maaie 2020
Krityk regionale partijen op OV-plannen regear
15 maaie 2020
Krityk FNP op weihâlden studinten út OV 
11 maaie 2020
Skriftlike fragen oer de weingatten yn de Alddyk ûnder Anjum 
30 april 2020
FNP: soarch oer behâld lânskip Noardwest-Fryslân 
21 april 2020
FNP: balâns hâlde tusken natuer en rekreaasje 
15 april 2020
FNP, CDA en 50PLUS: regels sinneljedder binend fêststelle 
9 april 2020
FNP: yntegraal finansjeel krisispakket by provinsje 
2 april 2020
FNP: wentebou Goutum net op kosten fan greidefûgels 
1 april 2020
Oandacht FNP foar gefolgen krisis foar doarpshuzen en wykgebouwen 
16 maart 2020
De FNP is de kommende tiid stil 
11 maart 2020
FNP: foar Fryslân as reinbôgeprovinsje 
11 maart 2020
FNP, CDA en 50PLUS: gjin enerzjylânskip op goede lânbougrûn 
4 maart 2020
Expertmeeting 5G op oanstean fan FNP, GrienLinks en de Partij voor de Dieren 
3 maart 2020
Fakatuere: kommunikaasje-adviseur 
26 febrewaris 2020
Bewiislêst skea troch gas- en sâltwinning moat by bedriuwen lizze, net by de boarger 
24 febrewaris 2020
FNP wol legere kosten NOM 
12 febrewaris 2020
FNP en ChristenUnie: ferbetterje ferkearsfeiligens St. Anne 
31 jannewaris 2020
Aksjes tsjin leechfleanrûte JSF 
29 jannewaris 2020
Fryslân yn aksje tsjin leechfleanrûte JSF 
22 jannewaris 2020
Klaas Fokkinga nije deputearre FNP 
20 jannewaris 2020
FNP en 50PLUS wolle faasje mei oanpak fundearringen yn feangreide 
15 jannewaris 2020
FNP stelt fragen oer studintetal RUG Campus Fryslân 
15 jannewaris 2020
FNP Nijjiersgearsit 2020 Hallum Noardeast-Fryslân 
8 jannewaris 2020
FNP: software Akademy benutte foar ûndertiteling riedsgearkomsten.
Oant safier it Frysk-nasjonale politike program. 
 
 
 
,,In pear jier lyn koest de krante net iepenslaan of ien fan de trije hearen stie der wol yn of hie it der wol oer: de Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk. Ik ha it oer Pieter de Groot, Frans Kuipers en Willem Verf, kenst dy noch? Dy BMD moast der komme, al soe de ûnderste stien ek boppe. Wilens knibbelet de FNP foar de macht en hâldt him de snút, hat GrienLinks wolris heard fan it bestean fan dy taal, is de PvdA méar ûnsichtber as ûnsichtber, hat de demonstraasje fan 2016 neat úthelle, hat de provinsjale koalysje fan CDA cs. it Frysk ûnderwiis op ’e lange baan set (2030) en is it triumviraat fan it toaniel ferdwûn. ‘Breed’ prate? In opinystikje yn ’t fearnsjier, dat moat kinne. Haadredaksjes witte foar har kommentaren alle ûnderwerpen fan ’e wrâld yn ’e regel wol te finen - útsein it Frysk en it Frysk ûnderwiis. Dat stiet op gjin inkelde wurklist. Want ja, wat moatte je dêr no mei?" 
,,Ik wol net leauwe dat it Frysk it fan dy trije grize koppen ha mat. Dû ek net tink. It is in striid. Ik ha in greute bewondering foar dyn krewearjen. Dêr kin gjin Fryske Beweging oan tippe." 
,,Ja, thanx maat. Mar ik bin dan ek gek, dan ha je in streekje foar. Witst wat ek gek is? Dat al dy skriuwende ‘kollega’s’ dy't ik haw, dy’t lykas ik graach Frysk skriuwe, en dy’t lykas ik wolris in boekje yn dy taal yn ’t ljocht jouwe, har de bek hâlde. Dat heel dat likes-sykjend folkje dat eigenwiis genôch is om te tinken dat se wat te melden hawwe yn it Frysk, him stiller hâldt as in tsjerkhôf op in wynstille simmerjûn. Net tafallich no efkes, of om’t se krekt de auto ynpakke moatte foar in ritsje nei Appelskea, nee: struktureel, patologysk, oanberne stil. Want se meie dy of dy net, of se hawwe krekt sa’n goede bân mei dy en dy, of se wolle de Afûk net tsjin de poaten skoppe, of se witte net wat se tinke moatte, of de kompjûter is oan it updaten, of neam mat wat. Spuie moat ik derfan." 
,,Hiel nuver, yndie. Je begjinne je ôf te freegjen wêrom’t dy minsken eins skriuwe en publisearje."
,,Dat sis ik, om mear likes te sammeljen. Om te bestean yn in op it each publike rol. Net om har talinten en feardichheden te brûken om minsken wekker te meitsjen, earne attint op te meitsjen, earne fan te oertsjûgjen of har te freegjen om earne foar te fjuchtsjen, wolnee. Om in legitimearre plakje yn in rychje koppen. Of om komplimintsjes te krijen fan de buorfrou, der kin tûzenris wat achter sitte. Mar wat der yn alle gefallen nét achter sit, is belutsenens by de taal en de kultuer dy’t har mei makke hawwe ta wa’t se binne, wat se sjugge, hoe’t se tinke en wat se fiele. No’t se hielendal selstannich in wurdsje op papier krije kinne, no binne se ynienen demint. Of bang. Of ’k wit net. Of ’k kin net. Of ’k wol net. Se binne leau’k noch al lid fan in bûn, It Skriuwersboun, of in dichtklupke, Rixt, mar dat is út gewoante. Dat bûn rekkenet it mulpunt út fan de ynaktiviteit fan de eigen leden, en docht dan navenant ék neat. Se hawwe ien kear yn ’t jier in stikje yn har liifblêd, ensafh. Dan binne se der wer in jier fan frij. Se komme ek wolris op Tresoar, dat is dan om de Fryske Nijntje werom te bringen dêr’t it bernsbern sa’n niget oan hie. Want dat witte se allegear wol te fertellen, snapst? Dat se elkenien oanfjurje om dochs foaral Frysk te praten. Dat se altyd in wite koeke keapje as de kuorbalklup der mei oan ’e doar komt." 
,,Do bist wol aardich negatyf, jonge. Kinst dat allegear net better wat fleuriger ferpakke, sadat de minsken it earder fan dy oannimme?" 
,,Jawis wol! Goede tip. Dan moatst efkes geduld dwaan, dan rin ik efkes nei de Bûterhoeke en gluorkje by de Afûk troch de ruten hoe’t dat ek alwer moat, fleuriger ferpakke. Of miskien better efkes by Cedin yn Drachten sjen, dêr kinst ek leare hoe’tst fan in begraffenis in brulloft makkest. Witst hoe? Gewoan net sa âldmannich dwaan! Mar wat tinksto, maat? Hat it allegear noch doel? Wêrom net gewoan de gerdinen stiif ta dwaan, wachtsje op ’e doarwarder en krekt dwaan as hearre je de bel net?"
,,Doch my noch mar in pilske." 
. 
 
 
 
            
        
          
        
          
        
          
        
Earne yn ’e wrâld leit in provinsje, dy hjit Fryslân, en yn dy provinsje prate de measte minsken Frysk en dêrneist ek Nederlânsk. Earne yn dy provinsje leit it doarp Drachten en earne yn Drachten stiet it gebou fan ‘meertaligheidscentrum’ Cedin, en earne yn dat gebou wurdt op ’t heden wurke oan in moaie en lukrative opdracht fan dy provinsje: fernij it ‘learplan’ foar ûnderwiis yn de Fryske taal. 
Dat sit sa: it ûnderwiis yn de Nederlânske taal is aardich op oarder, dat yn de Fryske is om jin oer te beskriemen sa min. Oer de oarsaken dêrfan – in grut tekoart oan meartaligens by it part fan de Fryske befolking dat net Frysktalich is, en yn it ferlingde dêrfan in ynstitúsjoneel-diskriminatware hâlding foar it Frysk oer by skoalbestjoeren – sille wy de mûle hjir mar net spiele, mar dat nije learplan op kommendewei is ús omtinken mear as wurdich. Want dat sil aansen de basis wurde wêrop’t ús demokratysk keazen provinsjaal parlemint beslute moat watfoar Fryske lessen yn ’e takomst jûn wurde sille oan watfoar soart bern. 
Hjoed hat it ûnfolpriizge Friesch Dagblad in earste stik oer de foarderingen, dêr yn dat gebou yn Drachten. Dêr wurket in tiim oan it opstellen fan it nije learplan, in tiim dat boppedat fia befeilige ferbiningen feedback krijt fan in ‘fjildgroep’ út de praktyk: learkrêften, skoaldirekteuren, learareoplieders, de Afûk en ‘Friese taalkundigen’. De lêste jierren binne  ,,nije ideeën” opkaam ,,oer bygelyks de wearde fan meartaligens en oer it sykjen fan ferbining mei oare fakken”, sa begjint Cedin-ûnderwiisadviseur Ferdau Terpstra fan Kurrikulum.frl. Dy nije ideeën betsjutte foar it fak Frysk dat fokabulêr en grammatika leare minder belangryk wurdt, ,,mar datst dy taal funksjoneel en betsjuttingsfol makkest foar learlingen”. 
It is de bedoeling dat aansen – nei 1 oktober – op basis fan it nije learplan ek nije kearndoelen formulearre wurde: wat moat it ûnderwiis krekt úthelje? ,,De âlde doelen wienen bot rjochte op inkeld kwalifikaasje – kennis en feardichheden toane kinne, mar ûnderwiis giet ek oer sosjalisaasje en persoansfoarming”, seit Bernadet de Jager fan Cedin. It sil derom gean moatte by de bern in positive hâlding foar it Frysk oer oan te kweekjen, seit Bertus Dorhout, tiimlieder op csg Liudger yn Burgum. 
Jo fiele al oankommen wêr’t dit hinne sil. It âlde belied (sûnt 2015) ken fjouwer oprinnende kearndoelen – fan, ûnderoan, Fryslân en it Frysk sympatyk fine, nei in bytsje kletse kinne oer neat yn it Frysk, nei boppedat ek noch in Fryske Suske & Wiske lêze kinne, nei boppedat ek noch in Fryske sin op papier kwattelje kinne. Skoallen hawwe ‘taalprofilen’ oanwiisd krigen mei byhearrende hegere of legere leardoelen. It tawizen fan ferskillende taalprofilen oan skoallen – in skoalle op it Fryskpratende plattelân hantearret ‘hegere’ leardoelen as in skoalle yn Camminghaburen – is ferline jier ferneatigjend beoardiele troch de ûnderwiisynspeksje, mei as offisjele reden dat it net liedt ta Fryske ambysjes op skoallen. 
Mar mei as wérklik pinepunt dat sa’n systeem delkomt op troch de oerheid sanksjonearre etnisearring fan it Frysk ûnderwiis en dus op diskriminaasje en ûntnimming fan it minskerjocht op fatsoenlik ûnderwiis yn de eigen taal. As jo yn Wommels wenje, krije jo bern better Fryske les as bywannear’t jo it miswier treft om yn Ljouwert tahâlde te moatten.  Om dizze beskamsume sitewaasje, yn 'e kearn feroarsake troch meartalich behindere skoalbestjoeren, nou wat mear út it sicht te setten, dêr is dat nije learplan fan Kurrikulum.frl foar ornearre. 
It wurket, sa leart ús de krante, mei fjouwer ‘Grutte Opdrachten’, fjouwer ‘tema’s’ dy’t beskriuwe wat en hoe’t de bern aansen Frysk leare sille. Ik nim se hjir efkes mei permisje oer yn de formulearring sa’t se yn de krante stean: 
1. Identiteit & Taal yn beweging. Oer de rol en wearde fan de Fryske taal en meartaligens foar identiteitsûntwikkeling. Learlingen wurde har der bewust fan dat se yn in meartalige provinsje wenje. Se ûntdekke it belang fan goede taalbehearsking fan it Frysk foar harsels en foar oaren as thústaal, twadde of nije taal. 
2. It is al begûn. Oer it leare te behearskjen fan en kommunisearje te kinnen yn de Fryske taal, fuortbouwend op de taalfeardigens fan elke learling. Dat betsjut dat sy leare om yn it Frysk te praten en petearen te fieren, dat sy mûnlinge, skriftlike, digitale of multimediale ynhâld fan it Frysk leare te begripen en te ferwurkjen en dat sy Frysktalige teksten leare te lêzen en te skriuwen. 
3. Sjoch om ’e hoeke: ferline, no en takomst. Oer de Fryske maatskippij, de omjouwing en it kultureel erfguod fan ferline, hjoed en takomst. Learlingen leare oer skiednis en lânskip, arsjitektuer, keunst, literatuer, tradysjes en noarmen en wearden. Se leare oer de politike en sosjale wearde fan it Frysk foar de mienskip. 
4. Sin’ en wille. Oer it fergrutsjen fan de (Frysk)talige kreativiteit en taalwille troch te eksperimintearjen mei de Fryske taal. Learlingen besjogge en beharkje Frysktalige keunstsinnnige en ekspressive aktiviteiten en wurde stimulearre om Fryske teksten te lêzen. Se eksperimintearje sels mei foarmen fan taal, lykas poëzij, lieten, films, raps ensfh. 
Oant safier de fjouwer ‘Grutte Opdrachten’. Al dalik sjucht men dat de fjouwer ‘opdrachten’ fertocht goed korrespondearje, al binne se yn in hip jaske stutsen, mei de âlde fjouwer dizenige kearndoelen. It grutste ferskil is yndie it hippe jaske: identiteitsûntjouwing, bewustwurding, meartaligens, noarmen en wearden, de mienskip, kreativiteit, ekspresje, eksperimintearje. Sa liket it noch wat, mar wat stiet hjir no winliken? Learlingen wurde har derfan bewust wêr’t se wenje? Learlingen wurdt ferteld dat it Frysk belangryk foar har is – ek al bliuwe it Fryske fokabulêr en de Fryske grammatika fierhinne geheim? Se leare oer de politike en sosjale wearde fan it Frysk foar de mienskip, mar dy ‘mienskip’ sels set dy wearde net sa heech? Se leare te eksperimintearjen mei de Fryske taal, mar se behearskje dy net, dus se leare kreupele boadskippen yn te tikjen op ’e mobyl? 
It is dúdlik: yn dit ‘learplan’ is it skriuwe kinnen fan it Frysk gjin ding dêr’t it praat oer gean moat. ,,Taal leare kin ek fia bûtenlessen, keunst of lokale skiednis”, mient Dorhout. ,,En it moat ynspylje op 21-iuwske feardichheden: lit se mar in promoasjefilmke oer Burgum meitsje of in rapnûmer opnimme.” (..) ,,Dy taalfeardigens krijt krekt in ympuls troch it sa praktysk te meitsjen. It resultaat bliuwt dat learlingen harkje, lêzen, praten en skriuwen leare. Mar wy wolle oare middels ynsette om dat te berikken. Dêrmei kinne wy in folle gruttere groep dosinten en learlingen entûsjast krije foar it fak.” 
Dorhout bedoelt: om’t wy eins neat feroarje, gjin hegere ambysjes fêstlizze en it inkeld mar wat oars formulearje, sille de skoalbestjoeren ús ‘plan’ aansens wol slikke. 
Mar wêrom der noch doekjes om wine? De kearn fan dit learplan is it fasilitearjen fan de fierdergeande etnisearring fan it Frysk ûnderwiis. De konsekwinsje fan dit plan is de eliminaasje fan it Frysk as skriuwtaal en de reduksje derfan yn it ‘meartalich’ ûnderwiis ta in samling inkeld noch ferbaal praktisearre regiolekten. 
In Provinsjale Steaten dy’t hjir aansen in klap op jout, sil troch dy't nei ús komme skuldich ferklearre wurde oan moard op wat oait de twadde rykstaal wie. 
. 
 
 
 
            
        
          
        
          
        
Anne-Goaitske Breteler (24) út Ternaard en Sytze de Haan (30) út Holwert sille podcasts meitsje en wolle neffens de Leeuwarder Courant fan hjoed net tefolle Afûkfrysk prate - wat dat dan ek mar wêze mei. Se wolle, mei oare wurden, it Frysk brûke sa't se it om har hinne hearre - wat fansels net al te bêst Frysk is en al gau útskaait nei in nuver mingtaaltsje. 
Net te fier fuort wolle fan de strjitte is bêst, mar te fier weibliuwe fan de taal wer minder. En in bytsje sjeu yn it praat is fansels net ferkeard foar in podcast. Goed, it is Frysk: men moat skipperje. Dêrom hjir in samling útdrukkingen/sprekmanieren út de foar-Afûktiid, nommen út ferhalen en lêzingen fan de man dy't folle mear as de Afûk it Frysk foarme hat: Waling Dykstra. 
Earst in hjoed de dei gongbere wize fan sizzen, dêrnei in alternatyf. Podcastmakkers, floggers, rappers, wrâldkeunstners, ienfâldige dichters en skriuwers, Fryskpraters yn it algemien: elk kin der syn foardeel mar mei dwaan. Nocht en wille!
Alles feroarje 
alles út it plak sette 
Bekend stean as in tsjoenster 
Foar in tsjoenster gean 
Bern dat net better wurdt 
bern dat net op ’e haal komt 
Bist gek wurden? 
is ’t dy yn ’e sinnen slein? 
Bûtensletten 
bûtenskoattele 
Dan kin men ’t net mear brûke 
dan hat men ’t der mei dien 
Dat kin wol wurde/oangean 
dat moat mar ris oan ’e gong 
Dat tink ik wol 
dat hâld ik der al foar 
Dat woe ik net/achte ik net goed 
dat mocht ik net ha 
De boel wie net opromme 
de boel wie net op stel 
De minderheid 
de lytste helte 
De moaiste klean oan 
yn de uterste pronk 
Der giene trije oeren foarby, doe... 
der gyng in goed trije oeren ta in ein, doe… 
Dêr hâlden se foar stil 
dêr stuiten se foar 
Dêr haw ik genôch fan/myn nocht fan 
dat wurd ik sa sêd as grôt 
Dêr komt neat fan yn! 
dêr sil de duvel yn slaan! 
Dêr seach er fan op 
dat die him sa nij as fleanen 
Dit is net bêst/is nuver 
dit stiet der bryk by 
Doe joech er it wiif in tút 
doe naam er it wiif efkes by de kop 
Dy hie de reputaasje 
dêr gyng de rop fan 
Earne oer neitinke 
jin earne op beslypje 
Eat mei opskipe wurde 
eat oan ’e mage krije 
Eat net goed kinne 
eat gjin rjucht bestek oer hawwe 
Eat buorkundich meitsje 
mei eat by de rigel lâns gean 
Elk mei wat gefoel 
elk dêr’t wat fieling yn sit 
Fan alles wie der folle 
Der wie fan alles by de bult 
Fan jin ôfhâlde 
fan de hûd te kearen 
Fan jongs ôf meijaan 
yn de earste brij te iten jaan 
Fan jôngs ôf 
fan jongs op 
Fiere in grutte steat 
meitsje in brede swaai 
Fierste folle 
in ûnbehindige protte 
Hawwe in grutte bek 
skuorre de bek oan de earen ta op 
Hiel moai klaaid/optutte 
aldernuverichst yn ’e prûst 
Hy die it gau 
Hy die it mei gauwens 
Hy doarst him net sjen te litten 
hy doarst de holle net opstekke 
Hy like op in (..), as er net ien wie 
hy wie sawat in stik fan in (..), as er net in helen wie 
Hy liket op jo 
hy hat jo yn skouwing 
Hy rûn kâns om gek te wurden 
hy wie yn ’t gefaar fan gekwurden 
Hy wie net oanwêzich 
hy wie net by de wurken 
Ik ferwachtsje der net folle goeds fan 
ik ha it der net grien op 
Ik soe dat graach oars wolle 
ik soe der ris niget oan ha oft dat ek oars kin 
Ik wol hawwe, dat 
Ik wol deropút, dat 
Immen foar trije gûne oplichte 
immen foar trije gûne yn ’e nekke skoppe 
Immen gjin rjucht te dwaan 
immen te ferûngelykjen 
In bern krije 
yn ’t waarm bêd komme 
In tuskenoplossing 
in behelp 
In winter sûnder snie en iis 
in iepene winter 
In wize fan sizzen 
in sprekmanier
In ynklauwerige man 
 in man dy’t de fingers sa stiene dat se altyd nei him ta klauden 
Is der noch wat oan te dwaan? 
is der noch helpen oan? 
It earste wat er die 
it wie syn earste wurk  
It gie as in rinnend fjurke troch de stêd 
it gie as diggelfjoer troch de stêd 
in stikje/eintsje fan de dyk ôf 
in trêdmannich fan de dyk ôf 
It is efkes nei acht oere 
it is grut acht oere 
It lytste risiko rinne om… 
it minst aventoer hawwe om... 
It wie in dei mei moai waar 
it wie in moaie dei waar 
It wie dêr stampfol 
it wie dêr stoppende fol 
Kin goed prate 
is net op ’e smoel fallen doe’t it tiid wie om praten te learen 
Kin net sa hurd rinne 
is net ûnbidige fluch op skonken 
Krityk jaan 
der in oanmerking oer meitsje 
Lit it breder hingje 
slacht grutter swee 
Lyts bern begjint lûd te grinen 
hellet de poepmartenssang op út it heechste gat 
Mei in tekst derop 
mei lêzen derop 
Moarnier betiid 
moarnier sa gau’t de dei oan ’e loft is 
Moarn oer in wike, dan... 
 As moarn komt noch in wike, dan… 
Net in knappe man (uterlik) 
net in heel oannimlik man foar de wrâld 
No liket it oft ik bang bin 
no gean ik foar skiter ôf 
Oan de holle sangerje 
Om de earen gûnzje 
Oars bin ik bang dat… 
oars haw ik soarch dat... 
Ofkarrend kommentaar jaan  op eat
spitige reden oer eat jaan 
Ofwiisd wurde troch in faam/feint 
in blauwe skine rinne 
Op stap wêze 
op ’e sukkel wêze 
Rinne kâns op
lizze derfoar bleat 
Seach nuver op ’e noas 
seach nuver by de noas lâns 
Seach syn faam wol sitten 
hie wol wat bestek yn syn faam 
Se hat it sa’t it liket fergetten 
it skynt har fergetten te wêzen 
Se moatte oeral hinne en by wêze 
Se moatte nei alle katstrûperijen te poathâlden 
Se tinke goed om har affêren 
Se hâlde de foet by de kûle 
Se wie net oer te heljen/joech neat ta 
se wie oer gjin strie te krijen 
Se woe net wachtsje 
se die gjin lichten 
Smoarch guod ynnimme 
smoarch guod yn de hûd gearslaan 
Sûnder wat te sizzen 
sûnder mar praatsjes te meitsjen 
Ticht by de dea west hawwe 
nei op ’e kant fan ’e dea west hawwe 
Tiid om fuort te gean 
tiid fan fuort
Tink dy no ris yn 
tink no ris ta 
Troch de tiid hinne 
by de tiid lâns 
Tsjin ús heit syn sin 
tsjin de begearte fan ús heit 
Wa hat jo stjoerd? 
wa hat jo opstjoerd? 
Wat der ek barre sil 
al keart alles ûnderstboppe 
Watfoar mâle bewegingen hy ek makke
hoe’t er ek skeanbille en earmtakke
Wêr sil er it oer hawwe? 
wêr soe er it oer ha sille? 
Wie fan ’t sintrum/oerstjoer 
wie alheel fan syn saken
Wurde oerslein 
reitsje foarby 
Wurk gunne oan de leechste ynskriuwer 
wurk by de minste oannimming bestelle 
Yn it ûngelok stoarte 
yn it leech fiere
.
[Sa earst mar - letter miskien ris mear.]