Oer
dyn yn myn eagen frij naïve opfetting fan ‘feiten’.
Do
silst it wol mei my iens wêze kinne dat net alle feiten
in
like feitlik karakter hawwe. Tink oan it ferskil tusken
dizze
twa bewearingen: ‘Saniis gie myn telefoan’ en
‘Wy
libje yn in demokrasy.’
Ek
al wennesto yn Y., do silst wol fan my oannimme wolle
dat
myn telefoan oergie saniis. Mar hoe sit it mei de twadde
útspraak?
Jout dy in werjefte fan in feit? Of is er in ferhaal, in
ynterpretaasje?
De
feiten dêr’t wy sinfol fan miening oer ferskille kinne,
binne
yn ’e regel fan de twadde soarte,
en
dan is it lang net altyd dúdlik
wat
it feitlik karakter fan útspraken presys is.
Al
hielendal net
as
it ferwizingen oanbelanget nei saken dy’t yn it ferline spilen,
of
wêrfan’t sein wurdt dat se yn it ferline spilen. It ferline
is
der nammentlik net mear. Wy kinne net in útspraak
oer
it ferline ferlykje mei it ferline sels en dan sizze
oft
se aardich oerienkomme of net.
Wy
kinne útspraken oer it ferline inkeld mar beoardielje
op
konsistinsje, konsekwintheid, folsleinens,
ferhâlding
ta kontekst, ymplikaasjes
en
sa mear.
Sok
filosofearjen is ferfelend
foar
lju dy’t it leafst bûter by de fisk wolle.
En
gelokkich mar
kinne
wy alles wól roppe
(binnen de grinzen fan de wet).
Dat
ha wy te tankjen oan de Frijheid fan Mieningsutering.
Dy’t
yn ’e grûnwet, de lêste kear dat ik ’m lies,
net
beheind wurdt troch dizenige groepkes ‘fact-checkers’
dy’t
betelle wurde troch grutte bedriuwen en oerheden
en
dy’t altyd beskate ‘feiten’ wol
en
oare ‘feiten’ net tsjekke.
Groepkes
dy’t funksjonearje as narratyf-ûnderstipers.
Ik
wit wol, der komme hieltyd mear lju dy’t spûkbenaud binne
foar
mear demokrasy, mar ik lit my myn rjocht om te sizzen
wat
ik fyn, en it ek publyklik te sizzen,
net
ôfpakke troch minsken dy’t bang binne foar har evenminske
en
dy’t delsjogge op har evenminske
en
dy’t har eangst ferpakke
yn
ferwizingen nei boemannen (Trump)
dy’t
it folk manipulearje en dy’t al it heilsume wurk
fan
’e foargongers (Obama, Biden) teneate dwaan sille.
Meast
binne it ommers sokke bangeskiters sels dy’t,
by
better sjen, likegoed besykje it folk te manipulearjen,
en
meast blykt ek, by better sjen,
dat
it mei dat heilsume wurk fan de earderen wol in slach tafalt.
Myn
wapen is it wjerwurd, ûnderwiis, ûndersyk, tsjingas.
Wat
se yn de 19e iuw ‘folksopfieding’ neamden.
(Dichte foar publyk dat mient dat de frijheid fan mieningsutering inkeld foar harsels bestiet. Aansens ek te lêzen yn myn tolfde dichtbondel Njoggen dagen yn it gers, dy't fan 't jier by Utjouwerij DeRyp ferskine sil.)