donderdag 9 januari 2025

Brief oan X., of: Lang libje Mark Zuckerberg


Oer dyn yn myn eagen frij naïve opfetting fan ‘feiten’.

Do silst it wol mei my iens wêze kinne dat net alle feiten

in like feitlik karakter hawwe. Tink oan it ferskil tusken

dizze twa bewearingen: ‘Saniis gie myn telefoan’ en

‘Wy libje yn in demokrasy.’

 

Ek al wennesto yn Y., do silst wol fan my oannimme wolle

dat myn telefoan oergie saniis. Mar hoe sit it mei de twadde

útspraak? Jout dy in werjefte fan in feit? Of is er in ferhaal, in

ynterpretaasje?

 

De feiten dêr’t wy sinfol fan miening oer ferskille kinne,

binne yn ’e regel fan de twadde soarte,

en dan is it lang net altyd dúdlik

wat it feitlik karakter fan útspraken presys is.

 

Al hielendal net

as it ferwizingen oanbelanget nei saken dy’t yn it ferline spilen,

of wêrfan’t sein wurdt dat se yn it ferline spilen. It ferline

is der nammentlik net mear. Wy kinne net in útspraak

oer it ferline ferlykje mei it ferline sels en dan sizze

oft se aardich oerienkomme of net.


Wy kinne útspraken oer it ferline inkeld mar beoardielje

op konsistinsje, konsekwintheid, folsleinens,

ferhâlding ta kontekst, ymplikaasjes

en sa mear.

 

Sok filosofearjen is ferfelend

foar lju dy’t it leafst bûter by de fisk wolle.

 

En gelokkich mar

kinne wy alles wól roppe

(binnen de grinzen fan de wet).

 

Dat ha wy te tankjen oan de Frijheid fan Mieningsutering.

Dy’t yn ’e grûnwet, de lêste kear dat ik ’m lies,

net beheind wurdt troch dizenige groepkes ‘fact-checkers’

dy’t betelle wurde troch grutte bedriuwen en oerheden

en dy’t altyd beskate ‘feiten’ wol

en oare ‘feiten’ net tsjekke.

 

Groepkes dy’t funksjonearje as narratyf-ûnderstipers.

 

Ik wit wol, der komme hieltyd mear lju dy’t spûkbenaud binne

foar mear demokrasy, mar ik lit my myn rjocht om te sizzen

wat ik fyn, en it ek publyklik te sizzen,

net ôfpakke troch minsken dy’t bang binne foar har evenminske

en dy’t delsjogge op har evenminske

en dy’t har eangst ferpakke

yn ferwizingen nei boemannen (Trump)

dy’t it folk manipulearje en dy’t al it heilsume wurk

fan ’e foargongers (Obama, Biden) teneate dwaan sille.

 

Meast binne it ommers sokke bangeskiters sels dy’t,

by better sjen, likegoed besykje it folk te manipulearjen,

en meast blykt ek, by better sjen,

dat it mei dat heilsume wurk fan de earderen wol in slach tafalt.

 

Myn wapen is it wjerwurd, ûnderwiis, ûndersyk, tsjingas.

Wat se yn de 19e iuw ‘folksopfieding’ neamden.



(Dichte foar publyk dat mient dat de frijheid fan mieningsutering inkeld foar harsels bestiet. Aansens ek te lêzen yn myn tolfde dichtbondel Njoggen dagen yn it gers, dy't fan 't jier by Utjouwerij DeRyp ferskine sil.)