Anne-Goaitske Breteler (24) út Ternaard en Sytze de Haan (30) út Holwert sille podcasts meitsje en wolle neffens de Leeuwarder Courant fan hjoed net tefolle Afûkfrysk prate - wat dat dan ek mar wêze mei. Se wolle, mei oare wurden, it Frysk brûke sa't se it om har hinne hearre - wat fansels net al te bêst Frysk is en al gau útskaait nei in nuver mingtaaltsje. 
Net te fier fuort wolle fan de strjitte is bêst, mar te fier weibliuwe fan de taal wer minder. En in bytsje sjeu yn it praat is fansels net ferkeard foar in podcast. Goed, it is Frysk: men moat skipperje. Dêrom hjir in samling útdrukkingen/sprekmanieren út de foar-Afûktiid, nommen út ferhalen en lêzingen fan de man dy't folle mear as de Afûk it Frysk foarme hat: Waling Dykstra. 
Earst in hjoed de dei gongbere wize fan sizzen, dêrnei in alternatyf. Podcastmakkers, floggers, rappers, wrâldkeunstners, ienfâldige dichters en skriuwers, Fryskpraters yn it algemien: elk kin der syn foardeel mar mei dwaan. Nocht en wille!
Alles feroarje 
alles út it plak sette 
Bekend stean as in tsjoenster 
Foar in tsjoenster gean 
Bern dat net better wurdt 
bern dat net op ’e haal komt 
Bist gek wurden? 
is ’t dy yn ’e sinnen slein? 
Bûtensletten 
bûtenskoattele 
Dan kin men ’t net mear brûke 
dan hat men ’t der mei dien 
Dat kin wol wurde/oangean 
dat moat mar ris oan ’e gong 
Dat tink ik wol 
dat hâld ik der al foar 
Dat woe ik net/achte ik net goed 
dat mocht ik net ha 
De boel wie net opromme 
de boel wie net op stel 
De minderheid 
de lytste helte 
De moaiste klean oan 
yn de uterste pronk 
Der giene trije oeren foarby, doe... 
der gyng in goed trije oeren ta in ein, doe… 
Dêr hâlden se foar stil 
dêr stuiten se foar 
Dêr haw ik genôch fan/myn nocht fan 
dat wurd ik sa sêd as grôt 
Dêr komt neat fan yn! 
dêr sil de duvel yn slaan! 
Dêr seach er fan op 
dat die him sa nij as fleanen 
Dit is net bêst/is nuver 
dit stiet der bryk by 
Doe joech er it wiif in tút 
doe naam er it wiif efkes by de kop 
Dy hie de reputaasje 
dêr gyng de rop fan 
Earne oer neitinke 
jin earne op beslypje 
Eat mei opskipe wurde 
eat oan ’e mage krije 
Eat net goed kinne 
eat gjin rjucht bestek oer hawwe 
Eat buorkundich meitsje 
mei eat by de rigel lâns gean 
Elk mei wat gefoel 
elk dêr’t wat fieling yn sit 
Fan alles wie der folle 
Der wie fan alles by de bult 
Fan jin ôfhâlde 
fan de hûd te kearen 
Fan jongs ôf meijaan 
yn de earste brij te iten jaan 
Fan jôngs ôf 
fan jongs op 
Fiere in grutte steat 
meitsje in brede swaai 
Fierste folle 
in ûnbehindige protte 
Hawwe in grutte bek 
skuorre de bek oan de earen ta op 
Hiel moai klaaid/optutte 
aldernuverichst yn ’e prûst 
Hy die it gau 
Hy die it mei gauwens 
Hy doarst him net sjen te litten 
hy doarst de holle net opstekke 
Hy like op in (..), as er net ien wie 
hy wie sawat in stik fan in (..), as er net in helen wie 
Hy liket op jo 
hy hat jo yn skouwing 
Hy rûn kâns om gek te wurden 
hy wie yn ’t gefaar fan gekwurden 
Hy wie net oanwêzich 
hy wie net by de wurken 
Ik ferwachtsje der net folle goeds fan 
ik ha it der net grien op 
Ik soe dat graach oars wolle 
ik soe der ris niget oan ha oft dat ek oars kin 
Ik wol hawwe, dat 
Ik wol deropút, dat 
Immen foar trije gûne oplichte 
immen foar trije gûne yn ’e nekke skoppe 
Immen gjin rjucht te dwaan 
immen te ferûngelykjen 
In bern krije 
yn ’t waarm bêd komme 
In tuskenoplossing 
in behelp 
In winter sûnder snie en iis 
in iepene winter 
In wize fan sizzen 
in sprekmanier
In ynklauwerige man 
 in man dy’t de fingers sa stiene dat se altyd nei him ta klauden 
Is der noch wat oan te dwaan? 
is der noch helpen oan? 
It earste wat er die 
it wie syn earste wurk  
It gie as in rinnend fjurke troch de stêd 
it gie as diggelfjoer troch de stêd 
in stikje/eintsje fan de dyk ôf 
in trêdmannich fan de dyk ôf 
It is efkes nei acht oere 
it is grut acht oere 
It lytste risiko rinne om… 
it minst aventoer hawwe om... 
It wie in dei mei moai waar 
it wie in moaie dei waar 
It wie dêr stampfol 
it wie dêr stoppende fol 
Kin goed prate 
is net op ’e smoel fallen doe’t it tiid wie om praten te learen 
Kin net sa hurd rinne 
is net ûnbidige fluch op skonken 
Krityk jaan 
der in oanmerking oer meitsje 
Lit it breder hingje 
slacht grutter swee 
Lyts bern begjint lûd te grinen 
hellet de poepmartenssang op út it heechste gat 
Mei in tekst derop 
mei lêzen derop 
Moarnier betiid 
moarnier sa gau’t de dei oan ’e loft is 
Moarn oer in wike, dan... 
 As moarn komt noch in wike, dan… 
Net in knappe man (uterlik) 
net in heel oannimlik man foar de wrâld 
No liket it oft ik bang bin 
no gean ik foar skiter ôf 
Oan de holle sangerje 
Om de earen gûnzje 
Oars bin ik bang dat… 
oars haw ik soarch dat... 
Ofkarrend kommentaar jaan  op eat
spitige reden oer eat jaan 
Ofwiisd wurde troch in faam/feint 
in blauwe skine rinne 
Op stap wêze 
op ’e sukkel wêze 
Rinne kâns op
lizze derfoar bleat 
Seach nuver op ’e noas 
seach nuver by de noas lâns 
Seach syn faam wol sitten 
hie wol wat bestek yn syn faam 
Se hat it sa’t it liket fergetten 
it skynt har fergetten te wêzen 
Se moatte oeral hinne en by wêze 
Se moatte nei alle katstrûperijen te poathâlden 
Se tinke goed om har affêren 
Se hâlde de foet by de kûle 
Se wie net oer te heljen/joech neat ta 
se wie oer gjin strie te krijen 
Se woe net wachtsje 
se die gjin lichten 
Smoarch guod ynnimme 
smoarch guod yn de hûd gearslaan 
Sûnder wat te sizzen 
sûnder mar praatsjes te meitsjen 
Ticht by de dea west hawwe 
nei op ’e kant fan ’e dea west hawwe 
Tiid om fuort te gean 
tiid fan fuort
Tink dy no ris yn 
tink no ris ta 
Troch de tiid hinne 
by de tiid lâns 
Tsjin ús heit syn sin 
tsjin de begearte fan ús heit 
Wa hat jo stjoerd? 
wa hat jo opstjoerd? 
Wat der ek barre sil 
al keart alles ûnderstboppe 
Watfoar mâle bewegingen hy ek makke
hoe’t er ek skeanbille en earmtakke
Wêr sil er it oer hawwe? 
wêr soe er it oer ha sille? 
Wie fan ’t sintrum/oerstjoer 
wie alheel fan syn saken
Wurde oerslein 
reitsje foarby 
Wurk gunne oan de leechste ynskriuwer 
wurk by de minste oannimming bestelle 
Yn it ûngelok stoarte 
yn it leech fiere
.
[Sa earst mar - letter miskien ris mear.] 

 
 
Geen opmerkingen:
Een reactie posten