Elk paad bjuster op in ymminse flakte, 
sa gean ik dyn gongen nei 
en ik tink my Visalia yn, net fier fan 
de Sierra Nevada Mountains en op ierde 
it grutste grien. Hegere beammen 
as de tsjerketoer thús. Hjir wit 
de Heare wa’t er hifkje moat.
(Dutch is fan komôf 1,4 persint.)
As ik my yntink hoe’t Visalia wie,
dan hear ik dy dyn gedichten 
sizzen - “ik ha praten mei de hear” – 
op it Cowboy Poetry & Music Festival 
yn fuckin’ Clarence Ritchie’s Barn. 
Hoe’t healsliten Country Joe’s 
âlje kinne at se dronken binne
(hasto net genôch fan him hâlden?)
Yn dizze saloon knypst der tusken út 
nei Sequoia View Bed & Breakfast.
Hoe saai wie eins it lêste kristlik 
jongereinfeest? Ik fiel datsto tichtby 
my bist, net om dy jikkers of in ivich 
frijmakke Fryske seedyk, mar om wat
nimmen begripe of befetsje kin: 
in fraachteken, dat net te winnen.
Hasto praten en praten en praten, 
hast te bycht west by de duvel 
en joech it gjin soademiter? Pieter
mei gjin hynder te hâlden
woe om lyk en do koest allinnich 
skriuwe, bygelyks: “Ik bin goed 
oankaam, it is hjir feilich en
stikken waarmer as by jimme.”
Dit is myn pick-up truck, Tytsy.
Priuwe wy út Cedar Grove Winery 
fan in Pino Grigio, ferjitte wy 
de satanstoarne yn ’e side en krije wy
part en diel fan elk syn paradys? 
Wyngert fan de Bjirmen, Visalia hat
10.000 ierdbevingen yn ’t jier. 
Earst in stampede, doe in klap.
Ik lês de krante: “Der bliuwt gjin plak 
foar klachten en fragen, gjin twifel 
dy’t ús betrouwen skeint.” Miskien 
droegen Joh. 6:39-40 en 2Kor. 12:9 
dij in drôvige sliep yn. Mar sjoch, 
dyn wrak rikket noch in boadskip 
ûnderweis nei hûs en oare paden.
Yn Easterbierrums reint it warskôgings.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten