Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, oer Gedichtedei, tongersdei, en de mislearring fan de demokratisearring fan de keunst, alteast, wat de poëzij oanbelanget. “Der sille dagen komme / dat de mem tsjin it bern seit / helje my in healpûn kofje / in pak sâlt / en in bondeltsje gedichten / in tin bondeltsje / want de moanne is hast om,” dichte Tiny Mulder alwer hiel lang lyn. Mar noch altyd ferkeapet it winkeltsje op 'e hoeke gjin dichtbondeltsjes:
"Is dat slim? Is it slim dat fan in Frysktalige dichtbondel trochstreeks tusken de 100 en de 200 eksimplaren ferkocht wurde? Efkes omrekkene: oer de hiele provinsje besjoen giet it wat keapers fan myn bondels oanbelanget om trije strjitten yn Winaam, it doarp mei 450 ynwenners dêr’t ik wei kom. Fansels soene jo hiele nijbouwiken oan de poëzij ha wolle. Nee, miskien is it ek wol goed sa. Poëzij fielt him it noflikst yn de lijte fan de massasmaak. Yn de frijsteat fan de sikers en de doarmers, de bûtensteanders en de healwizelingen."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten