Sa’t it skynt hat Omrop Fryslân radio juster in ferkiezing hâlden fan ‘it leukste boek fan 2012’.
Sa’t it skynt, want ik ha der neat fan murken.
Der is ek neat fan werom te finen op de ynternetsiden fan Omrop Fryslân radio.
It is dat Ferdinand de Jong optein melding makket, op syn blog, fan it feit dat syn roman ‘De lêste trúk’ de ferkiezing wûn hat.
En it is dat Geart Tigchelaar op Facebook melding makket fan in reade sjaal dy’t er fan de Omrop krije sil om’t er in oar boek oandroegen hat, nammentlik de ferhalebondel fan Sipke de Schiffart.
Oars hie ik no nóch net witten fan sa’n ferkiezing.
Leit dat oan my? Soe kinne.
Mar de 10 man/frou sterke ensafh-redaksje, dy’t hjoed tafallich in gearkomste hat, wist it ek net. Der is op de side fan it blêd yn alle gefallen neat oer te finen.
Spoekferkiezings dus.
Soe de Omrop oan it oefenjen wêze?
Oefenjen foar de sitewaasje dat er aansen – om de kultuerdeputearre fan in probleem ôf te helpen –
in nije, échte boekepriis útrikke sil?
Dan is der yn de evaluaasje fan dizze oefening wol wat te bepraten, tinkt my. Foar in medium dat minsken ynformearje moat.
Lês ik hjoed op ItNijs.nl:
"De provinsje stelt fan ‘t maityd 350 tûzen euro beskikber foar media dy’t berjochtsje wolle oer Fryslân. Sjoernalisten, kranten, omroppen en oaren dy’t in djipdollende reportaazje meitsje wolle oer Fryske saken of dy’t in fernijend projekt hawwe, kinne by Deputearre Steaten in oanfraach dwaan foar stipe. In ûnôfhinklike kommisje advisearret DS oer de takenning. It nije fûns is derfoar ornearre om de kwaliteit fan de media yn Fryslân en it ferskaat oan nijsprodukten te fergrutsjen. It fûns is in idee fan komsaris fan de keninginne John Jorritsma."
It mist my net, dat jild giet foar it meastepart nei de Omrop. Jo moatte ynvestearje dêr't it noadich is, ommers.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten