zondag 11 november 2012

Sint-Martensfjoer 1930

De stoarm en de nacht strûsden tegearre
Op wylde wjokken fan ’t tehaav’ne swurk
En fûle fleagen, as yn grym fergearre,
Oer lege lânen en lyts minskewurk.

Dêr’t allegearre, dy’t har Lok ferwachten
Lôgje te litten yn in sêfte brân,
No skouderskoarjend stiene tsjin de machten,
Of ûnderdienich, inoarren by de hân,

En ’t oansjen moasten hoe’t dy woeste krêften
De flammen fan har skeamel prikkefjoer
Deltwongen en berôven fan har trêften,
Sadat se kroepen, leech it hjerstlân oer,

Soms jitte grôljende yn gleone wille,
Fêstklibbe oan it âlde kranteguod
Dat baarnend oer it fjild stau en fersille;
Kâldfjoer fan wurden, ien stûne en dan fuort…

Mar effen gong de lôge oer de loften,
Doe sonk it fjoer yn jiske en fûnken del.
D’ omstanders sakken ôf yn lytse kloften,
Har lampions dy flikk’ren wif en kjel.

In lêste stipe dy’t hja wiis bewarren,
Glimswiete oantreast ta it walchlik dwaan,
Sjongend te biddeljen by ’n oarmans doarren:
In groetenis oan wanhope en waan!

Sint-Martensfjoer, de dream fan Lok, fergongen
Yn frjemde stoarmen en in tsjuster lot,
It waard de jûns fan tritich in ferwrongen
Bea om it âld en dûnker heil by God.


Douwe Kiestra

1 opmerking:

  1. aurora borealis

    Hoe't it begûn – in hast net te bespeuren ferkleuring,
    in wolkje as in manljushân, mar no net
    opstiigjend út 'e see, fan ergens yn de lege,
    iiskâlde poalnacht boppe ús tusken de stjerren
    in flek. Wy seagen der fan op, sa oars as
    boppe de krúswegen thús in neongloede,
    en nuver, wy seagen de stjerren der noch trochhinne.

    Hurd groeide dan dy flek út ta in brede,
    de romte oerspannende gielgriene bân,
    him útrekkend, omkrôljend, wjukkelwynderjend
    in baaier dy't gjin ljoch joech, it ljocht wíe,
    in wale fan strielen dy't it tsjuster tsjuster liet.
    It griep ús oan, dat sil 'k dy fertelle, wy,
    yn ús waarmste klean en, it wie net te hurdzjen
    en bliuw stean, lizzend op it achterdek
    – it skip fear kalm tusken kust en eilân troch –,
    wy tochten ‘sjen is de siele, is nei de stjerren sjen
    en dêrhinne stadich optild wurde' miskien.

    Neam it ûntsach foar wat wy seagen foar it earst,
    in bytsje waarden wy doe bern, foar ús gefoel
    wie ús ierde wer plat flak en dêrop de see,
    de rotskust en it eilân hoedzjend oerwulve
    troch wer de himeltinte, in koepel dy't it skynsel
    trochliet van dêrjinsen, en wat wy wisten fan
    laden dieltsjes ôfstjitten troch de sinne,
    fan de poalmagneetkracht, gleon dampkringgas,
    waard spoarleas yn ús sjen útwiske. Nee, foto’s
    woe'k net meitsje, want gjin wale, tink ik,
    hoe lang ek iepen fangt in berte fan ljocht sa
    yn it oanbegjin op, do silst it mei it wurd
    sels dwaan moatte en dan dyn foarstelling dêrby,
    ek al dielt net ien dy mei dy, mar leauwe: dat
    jout in soarte fan ivigens in glimp. – Tiid ferfljocht,
    hjir wurdt it maityd no, titelroazen bloeie, knoppen
    fan de kastanje tine; soms bewarret ien oere
    in lingte libbenslang, lykas dêre nachts oan dek
    dat stjerrendekâlde ûnder ûntelbere stjerren
    mei doe dat ljocht, en wy dy't seagen hoe't it begûn.


    C.O. Jellema
    Oerset yn it Frysk troch Goaitsen van der Vliet

    BeantwoordenVerwijderen