Steven de Winter (‘Provinciale steun voor Fryske Kultuer is geldverspilling’, de Moanne, juny 2012 mar noch altyd prominint op de ynternetsite) ‘zit niet op een nieuwe cultuurnota te wachten die vooral het Friese oergevoel wil uitdragen’. Dat skriuwt er út namme fan himsels, mei ik oannimme. Mar it kin ek wêze dat er dat docht út namme fan ‘wij, inwoners van deze provincie’. Hoe’t dat ek wêze mei, ik slút my fan herte by him oan. It ‘Friese oergevoel’, brrr.
In pear tellen letter hat er it sels oer in ‘chauvinistich-regionalistische ideologie’, en dat sa’n ‘ideologie’ fansels net tsjinje kin as kritearium foar de wurdearring fan kultuer. Alwer hat De Winter grut gelyk. Asjebleaft gjin ideology.
Allinnich: wêrom trapet er sa graach iepen doarren yn? Allinnich: wêr kin ik dat ‘Friese oergevoel’ fiele? Allinnich: wêr kin ik wat mear te witten komme oer dy ‘chauvinistisch-regionalistische ideologie’ yn it keunstbelied?
Dêr jout De Winter allegear gjin antwurd op. Hy suggerearret – mar it bewiis is fansels poater – dat de Provinsje miskien wol allinnich kulturele uteringen subsidiearje wolle soe dy’t de Fryske taal befoarderje. Wêr’t dy eangst weikomt, nimmen dy’t it wit, útsein De Winter. Miskien moat er de Provinsje efkes skilje. Gewoan freegje hokfoar kulturele uteringen allegear wol net mei in protsje provinsjaal jild mei mooglik makke wurde. Dêrnei sliept er grif gerêster.
Kwaliker is de suggestje dat de Provinsje hielendal gjin jild útjaan moatte soe oan kulturele uteringen dy’t yn it Frysk dien wurde en dy’t miskien wol in taalbefoarderjend effekt hawwe. Yn de bla-bla fan De Winter giet soks sa: ‘Een culturele ervaring, een boek, een theatervoorstelling, een concert, moet vanwege de inhoud voor ons bereikbaar zijn en vooral niet omdat de Friese taal erdoor bevorderd zou kunnen worden.’
Dêr feroaret menhear efkes fan in guodlik skiep dat oer syn lammen yn noed sit, yn in wolf dy’t de oare fauna wat ûntnaderje wol. Noch efkes ôfsjoen fan it konseptuele probleem fan foarm en ynhâld dêr’t er foar it gemak mar oan foarby giet – yn talige keunst fynt men taal werom yn beide kategoryen –; hoe krijt De Winter it yn ‘e plasse en slút beskate soarten keunst út fan subsydzje, allinnich net de keunst dy’t himsels noasket?
En noch even ôfsjoen fan de spesjale ferantwurdlikheid fan sawol Ryk as Provinsje foar it Frysk en dus ek foar keunst yn it Frysk: ik kin net ien-twa-trije oanwize wa’t yn dizze provinsje (beliedsmakkers, keunstkenners, sjoernalisten, resinsinten?) ‘cultuur waarderen vanuit een chauvinistisch-regionalistische ideologie’.
It omkearde foarbyld dêr’t De Winter mei oansetten komt helpt my ek net in sprút fierder. Net allinnich Eeltsje Hettinga net, mar net ien serieuze Fryske dichter wol graach wurdearre wurde ‘omdat hij Fries is, of in het Fries schrijft’.
Wêr hellet De Winter it lef wei om te suggerearjen dat it oars is? En wêr de feiten, wêr de arguminten?
Koartsein, it is in tizeboel yn de holle fan Steven de Winter. Wierskynlik hat er hjir en dêr ris in stikje Mous preaun en in rigel Hettinga opfongen, en no tinkt er dat er ek wat yn itselde ponkje dwaan moat. Spitich dat in blêd as De Moanne sa’n kletsmajoar yn ‘e skynwerpers set.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten