vrijdag 2 november 2012
De neisimmer yn Jongema-State
DE NEISIMMER YN JONGEMA-STATE
Gjin neisimmer ea
As fan dizze oktober,
De blêden dêrboppe
Waaie net ôf, noch
Fan nachtfroast befongen
Litte se los in kear...
Se ferstjerre hiel stadich
En ferkleurje dêrneffens,
Se ferwylgje, ferdroegje
As ta ronf'lich krêppapier
En falle te'n lêsten,
Nee, falle net feitlik,
Mar dwirrelje en wilewaalje
Stilwei nei ûnderen
As in skulp yn it wetter...
Dy tûzenen fan blêden,
As fan âlde minsken
Tûzenen fan gedachten
Ek kamen nei boppen
Waarden útspûn en weefd
Oant se ek wer fersonken...
Sa lizze no fersille
Dy tûzenen fan blêden
Op hiel stille paden,
Op hiel stille plakken,
Tusken hiel stille beammen...
Sa moasten allegearre
De minsken it meie,
Ek dy frou hjir tichtby:
Blêdstil ferstjerre,
Fuortgean, fertiigje...
Nov. 1969
Douwe Kiestra
Geen opmerkingen:
Een reactie posten