(parseberjocht)
Utjouwerij Frysk en Frij organisearret op 28 septimber o.s. in symposium oer de dichter Jan Wybenga mei de oanbieding fan syn Samle fersen + in kleurkatalogus fan syn byldzjed wurk + CD.
Plak en tiid:
Grutte Tsjerke Warten, 16.30-18.30 oere
Oanbieding:
Samle fersen fan Jan Wybenga oan S. Wybenga-Post
Sprekkers:
1.Teake Oppewal fan Tresoar: ien en oar oer de poëzij fan Jan Wybenga
2.Abe de Vries: oer syn ynlieding by de Samle fersen fan Jan Wybenga
3.Albertina Soepboer: poëzy Wybenga en Jung
4.Piter Yedema: poëzy Wybenga en it Frânse eksistinsjalisme
5.Jabik Veenbaas: poëzy Wybenga en it modernisme
6.Huub Mous: Wybenga syn byldzjend wurk
Foarum û.l.f. Thijs Feenstra:
Wybenga syn wurk en it modernisme
Utstalling: Wybenga yn byld en wurd
Yn Museum De Súdwâl, in oersicht fan Wybenga syn byldzjende keunst (gouaches en akwarellen) en syn libben en literêr wurk.
Iepening útstalling: Hermien de Haan-Laagland, wethâlder fan kultuer Boarnsterhim.
Oan Museum De Súdwâl wurdt as bliuwend oantinken in plakette oanbean mei in selsportret fan Jan Wybenga, in koarte biografyske skets en syn gedicht 'Wonderful Warten'.
Muzyk: Greetje Bijma bringt poëzy fan Jan Wybenga
(
www.greetjebijma.nl). Oargel: Folkertsma anneks Antsje mei it tsjil.
Deklamaasje en algehele lieding: Jelle Bangma
Iten en drinken út de folop
Menu:
Amoebesop (fleis noch fisk en te sûne kleur, mar smakket iensellich)
Foksejachtsop (yn it absurde bestevige mei wyld flesk)
*
Barakkekampkes
kajeetsjes (wat yn blêden)
Easterstreekjes
Griene en koaningsblauwe prinseskes
Fergetten Ferskes (as in plant)
Net Fergetten Ferskes (net as in plant)
lytse fryske deadebroekjes (‘n koeky fan eigen deeg)
*
Wybengawyn (bloed en droech/wiete snie, sit wat fan ‘e kat yn)
Wartenzer bier
Moaiwaarsop
Langedagensop
Jan 1 kleare
Kowedrinken (lekker, mar Cecilia is der yn fersopen)
ELKENIEN IS WOLKOM
TAGONG EN KONSUMPSJES FERGEES
FOL IS FOL
Geen opmerkingen:
Een reactie posten