woensdag 27 juli 2011
KOLLUM (9): Anders Behring Breivik en de provinsje Fryslân
Justerjûn begûn ik oan in stikje oer de deaden fan Noarwein, Breivik en de provinsje Fryslân, ha it wer fuortmitere, tocht nochris nei oer wat Elske Schotanus op myn weblog skreau, dat Fryske skriuwers noait diskusearje oer de polityk-maatskiplike realiteit, frege my ôf hokfoar fragen it drama by de Noaren ús no krekt stelt en kaam der net út.
O ja, de konservative kommentatoren rôlje oer inoar hinne no’t de kûgel fan rjochts kaam. Nijsgjirriger is de fraach wat oft dizze ierdbeving mei Europa dwaan sil. In Europa dat sa njonkelytsen oan it renasjonalisearjen is, út teloarstelling oer de stadige ienwurding, út eangst foar de islam, út ûnfrede oer de ûnmacht fan Brussel. Ek yn Nederlân fynt dat plak. Okkeries hat de Twadde Keamer besletten dat elk tredde plaatsje dat draaid wurdt op Radio 2 in Hollânsktalich plaatsje wêze moat…
Wat bestsjut in regionale kultuer noch, as dêryn gjin omtinken mear wêze soe foar it gruttere ramt fan polityk-kulturele ûntjouwingen? Krekt yn dizze tiid fan nasjonale frontfoarming tsjin de islam ûnder oanfoering fan populisten as Wilders komme de besunigingen op kultuer dy’t De Haach ôfkundige hat, hurd oan. Want krekt yn dizze tiid kinne de frijheden fan etnyske, kulturele en religieuze minderheden ûnder druk komme te stean. De skyndiskusjes oer Hollânsktalige plaatsjes en bygelyks in boerka-ferbod binne dêr de foartekenen fan.
Yn sa’n sitewaasje is de oanwêzigens fan in sterke provinsjale bestjoerslaach yn Fryslân fan belang. De útdaging dêr’t dizze tiid ús foar set, komt wûnderbaarlik oerien mei de ambysjes fan de provinsje as hoeder fan regionale kultuer. It is foar provinsjes tradysjoneel dreech om it eigen nut sichtber en fielber te meitsjen; ommers, subsydzjejild is mar papier dat ferwaait op ’e wyn. Sa besjoen is it net nuver dat de provinsje Fryslân ferlet hat fan missys, aventoeren, feroveringstochten. Fryslân 2018 komt wat dat oanbelanget op it goede momint.
Regionale kultueren binne gefoelich foar nasjonalisearjende prosessen en troch har hiele wêzen al ynrjochte om dêr ferset tsjin te bieden. De basis fan dat ferset is it eigen gefoel fan ‘oars wêzen’ yn de perifery, dat uteraard al fan it begjin ôf in reaksje west hat op de druk fan it nasjonalisme út it ‘sintrum’ wei. It feriene Europa is in natuerlike partner fan de regio’s, om’t ek Europa fan de nasjonale steaten in beskate ynskiklikens easket. Krekt dêrom bestiet der yn de Europeeske regio’s miskien wol mear sympaty foar it grutte Europeeske projekt as yn de nasjonale sintra. Krekt dêrom kinne de kulturele plannemakkers yn Ljouwert yn harren plannen foar 2018 farre op regionale eigenheid as ûnderdiel fan Europeeske identiteit.
En dêr kin it regionale definsive tinken, dat him ferwarre moat tsjin it sintralisme fan de haadstêden, oergean yn in offensivere stratezjy, of minder militant sein, yn in takomstperspektyf. Wearden as lytsskaligens yn sosjale ferbannen, ferantwurdlikheidsgefoel foar it kollektyf en tolerânsje foar itjinge dat ôfwykt moatte ek yn regio’s altyd wer befochten wurde, mar binne dêr yn dizze tiid miskien wol feiliger as yn de grutte stêden, dêr’t it konformisme foar master opslacht en him hieltyd agressiver rjochtet tsjin alles wat oars is. Dy wearden moatte hieltyd wer yn Europa ynjektearre wurde – dat is net allinnich in saak fan kulturele plannemakkers, mar ek fan keunstners en yntellektuelen, dy’t har hearre litte.
De Breiviks fan dizze wrâld tinke út eangst wei. Eangst foar it oare, frjemde, nuvere, dat op it punt stean soe om ús op te iten. Dyselde eangst hat altyd ek yn Fryslân oanwêzich west, mar hat him - útsein yn '40-'45 -noait mei geweld utere. Bedrigings foar frijheden hoege net útpoetst te wurden, mar dat se mei súkses ôfward wurde kinne troch in demokratyske maatskippij mei each foar elk, dat bewiist de Fryske ûnderfining. Lit ús in stap fierder gean as dy eangst. Lit ús selsbewust de konservative massa’s, dêr’t de Breiviks as idioate abberaasjes út nei foarren komme, foarhâlde hoe’t it ek kin. Hoe’t it al moat.
*
Sjoch ek Chrétien Breukers op de Contrabas.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten