Wo ist die Fee mit dem langen Goldhaar,
erste Schönheit, die mir hold war?
Der Eichenbaum, worin sie gehaust,
Steht traurig entlaubt, vom Winde zerzaust.
Heinrich Heine
Wa,
op eigen hiem omswalkjend, op in dei tefolle, sa’n dei
hast al út ’e ljochten holpen, sil yn himsels sizze:
dêr leit Ferwert en dit wie Easterbeintum?
Utsliten bocht om in geitekampke
mei âld ridskip. In swiler
swile earder better. In
transportbân is ryp
foar de sloop.
Kroade ek
de pest
yn –
In midstwa brutsen planke op in strontbult sûnder hoop
en oeral autobannen.
Wa,
yn syn Chevy toerend, learzens ferwiksele foar sneakers,
Johnny Cash of byneed Piter Wilkens út ’e speakers,
sjocht de sinne, djoer stik fee, achter de rûchte sakjen,
wa gappet, jout in straal gas en ferjit
dit buorskip, Easterbeintum?
Slynder fan kij en hynders,
bijkes en boeren allyk:
is 't de Spaanske gryp
of de tiid miskien?
Mar de nije pest,
de grutte flecht,
dat is 't net.
"Acht ynwenners en in lyk yn ’e kast."
"Gjin goed, gjin min berjocht."
"Takket net ôf, wurdt net wer better."
"Mar der is wetter en der is elektrysk."
Easterbeintum wit net fan krimp. Lêste shot, lêste take:
"Sjoch, katsjes mei pompeblêdfachtjes krûpe út in trekker."
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten