Foar Tim
As in spoekbenaude Angelus Novus fan Paul Klee
- “but a storm is blowing from Paradise” –
wurd ik mei eagen rjochte op it ferline
weifage de takomst yn. Mar do Tim, harkje:
wol myn foarútgong net werom,
in twatalich lân is te lyts foar it Museumplein.
in twatalich lân is te lyts foar it Museumplein.
Dyn koffer stiet ree. Hjoed begjint dyn reis
nei allegro’s mei deselde kleur as de see
troch in lân mei ferlet fan dyn oanslach,
dûbelgreep en streek. Freget in rûne pink net
in manmachtiger publyk, in better orkest?
Hear. It stimt syn ynstreminten al foar it konsert.
Taal ferslacht tiid foar salang’t in gedicht duorret.
Byld heft tiid op, sa’t in foto de klok stilset.
Elk hat syn eigen ingel yn ’e klinte fan earmoed,
allinnich dy fan de muzyk
makket tiid trager en takomst langer.
Moatst hearre wa’t it seit. Silsto myn wurd?
Wat bist al grut. Bin ik noch dyn heit?
Sykje in andante út de tiid fan jonge ingels,
in twarigel út de rein- en sinnelieten
dy’tsto sjongst. Fyn oait dit lytse bewyske
Fryske taal út it folle, net út it lege solistehert
Fryske taal út it folle, net út it lege solistehert
en lit Amsterdam har as in E-snaar spanne op dyn fioel:
dyn Clarissa
(no strings attached)
rint de treppen del mei har God-cello.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten