maandag 6 juni 2011

De preek fan Jopie H. tsjin de beamkeplanter

Wat ûnbeneambers lûdet yn de yndustryhaven, dêre,
is it in misthoarn of in gapjende boargemaster?
Dan keatst it tsjin it glêzen front fan de kassen,
de rotterige kiezzen fan de shiny new mainframes,
om samar de modderpuollige, sâlte simmermoarn yn
te fleanen, oer de nalen fan de fyftjin stimhawwende pleatsen
dy’t Hjerbeam telt hinne, en noch fierder, en noch fierder,
oant stimmen net mear jilde.

Jopie H. hifket syn fûken. Sjocht in freon oankommen:
it is de beamkeplanter, de rizige strateech,
soldaat earsteklas en freelance profeet,
sis mar de Sikke Goslinga fan de folksopstân
yn it baanfak Frjentsjer-Harns.

En Jopie, de preekhear dy't wit
wat it lân te praten hat, seit:

“Leave jonge, wy kinne de foarútgong net keare,
noch sille wy Fryslâns delgong nei de ljirre tingje.
Elk mei bidde yn tsjerke, of in jerk of in hazze sjitte
as dy him samar út ’e bjirken wei yn ’e bek fljocht.
Hy dy’t gjin namme hat, set op ús tafel folle del,
al moatte wy sels fleisbriede en sâlt en piper struie.
Ik ha yn myn libben de nuverste oanslaggen sjoen
en it measte kwea krige syn sin dochs wol. Mar,
ek al wjokket my it mûneparkje de earen fan ’e kop,
as ik sa’n draver op ’e korrel ha, dan falt it skot.
Beng! Samar slacht in linige hazze tsjin de hikke.
Want ik kin ien ding wol. Ik kin goed op hazzen mikke.”



6 juny 2011

Geen opmerkingen:

Een reactie posten