maandag 30 mei 2011

Flaams-Fryske jûn yn Sânfurd

Fan it nije blog fan Eeltsje Hettinga:

De tredde kulturele midsimmerjûn fan de Gerben Rypma-stifting hat dit jier in ynternasjonale kleur. Op sneon 18 juny litte yn Sânfurd by de Aldegeaster Brekken fjouwer Flaamske en Fryske skriuwers en dichters harren lûd en stim hearre: David Van Reybrouck, Maarten Inghels, Simon Oosting en Arjan Hut. In reade tried yn it programma is de maatskiplike belutsenens fan de hjoeddeiske skriuwer-keunstner.

David Van Reybrouck – hy krige ferline jier de AKO-literatuerpriis foar syn boek Congo. Een geschiedenis – wurdt ynterviewd troch Steven de Winter en Ernst Bruinsma. Tusken de bedriuwen troch en nei ôfrin is der muzyk fan de Russyske akkordeonist Oleg Fateev. In tal fan syn komposysjes docht er tegearre mei de Brasiliaanske sjongeres en perkusjoniste Simone Sou. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Eeltsje Hettinga.

Iepening: 19.45 oere
Entree: 15 Euro
Kaarten (à €. 15,00) bestelle fia gerbenrypma@home.nl

Geen opmerkingen:

Een reactie posten