Wat ha ik de ôfrûne dagen dien? Drok, drok, drok. En ik bin net iens in politikus of in sakeman. Hjoed yn 'e krante in spannend ferslach fan it eineksamen Frysk oan it Bogerman yn Snits. Tsien fammen, ien jonge plus in al wat âlder persoan (ik) makken de opjeften. Myn sifer wurdt neistjoerd en hjir dan, miskien, bekendmakke.
Takom sneon yn it FD in besprek fan in bondel lêzingen oer JJS. Ik ha der boppe set: 'Vergeefs op zoek naar Slauerhoff', mar ik wit fansels net oft dy suggestje yn de prizen falt. Makket ek neat út, in dei letter is it allegear âld papier of der sit in protsje fette iel út de Blikfeart yn.
En foto’s, fan dichters, yn in pleats, yn Eksmoarre, Dichter op de Deel, op myn fotosite. Bestellingen – net fergees foar net-belanghawwenden – graach fia email dwaan. Wol spitich, myn eigen kop mei hier is der net by. Ik ha foarlêzen mar ha nimmen frege om my te knippen. Tocht dat de batterij fan it tastel hast leech wie en ik woe wat elektroanen oerhâlde foar Hagar Peeters, dy’t miskien net better dichtsje mar al broeieriger yn de lens sjen kin as ik. Faaks in nij projekt: Dichters Knippe?
No reint it wer. Neat moaier as de rêst fan min waar yn ’e maityd, sleau waaiende reinders oer toarstige lannen. De kofje rint. Myn eigen jonge dy’t in andante fan Schubert spilet op ‘e speakers.
Sa't hy syn fioel sjonge lit, sa soenen myn gedichten ek wol klinke wolle. Iepen, nayf, hertstochtlik en ûnskuldich sjongend. Net dat bittere, biterige, erchtinkende lûd mear fan it lêste healjier. Mar ik bin bang dat it jonkje my de baas is en bliuwe sil. Muzyk hat ommers mear macht as taal. Muzyk is ûngrypber en ûnbegryplik. Taal fynt men werom op siden mei twa gatten deryn knipt, taal wurdt finzen nommen troch yn- en útlis, taal wurdt smoard yn de tryste musea fan multomap en boekekast.
Mar neitinke oer in nije kollum. Fansels meie jim suggestjes dwaan foar it ûnderwerp. De winnende ynstjoerder wurdt op ien of oare wize yn de tekst ferwurke, dat sis ik jim ta.
Fierder hoech ik hjoed noch mar ien ding te dwaan. Ik krige in mailtsje fan omke Ruurd. It is goed, ik mei boer Boelstra belje. Om foto's te meitsjen fan in libben dat stadichoan ôftakket en in buorkjen dat súntsjeswei ferdwynt.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten