donderdag 15 september 2022

Utdragerij




Altyd kâld yn ’e opslachloads. Hoe’t it dêr rûkt:

triemige rook út fersleine libbens har swarte gat.

Ferhuzers (‘movers’) bringe doasfollen boeken.

Sketskes yn wetterferve dêr’t flyt op dien is,

grif mei bewûndering fan ’e famylje as lean:

yttafels mei pannespoaren, in knap pear toffels

fan in beppe, om yn âlde styl it hûs troch te gean.

In lêslampekap, spikerbûger, longhornspegel,

leechhelle pheauteaulisten, stofsûger. Klap op

bange bric-à-brac en mak makke boartersguod.

Wa’t goed harket, heart it tsieren fan lytse bern

om de dino dy’t alle oaren hûd en hier opfret.

Gjin mankemint? Dêr kinne wy net foar stean,

seit in achter de moade klaaide smelle paspop

fan it wrâldwiid wurkjende recycleconcern

en tikt op in typmasien de letters en de sifers yn.

Yn in achterôfhoeke fyn ik de ferjitten wurden –

de prizen ynklusyf ezelsearen en fingerprinten –

dy’t nimmen willemoeds noch yn ’e mûle nimt;

dy’t nimmen as manna langer út ’e pinne rinne,

dy’t nimmen yn winkelstrjitten wer winne kin.

O, jimme Brolsma’s, Braaksma’s, Brattinga’s,

jimme Boersma’s, Bruinsma’s, Bottema’s –

hoe kringe de weidiene dingen om jim hinne.

En dat is noch mar de twadde letter fan ’t (t)abee.

Yn dizze ûnûntkombere, sombere draaistream

is de big bang gjin libben tebinnenbringen mear

en wa sil ’t him euvel nimme dy’t hjir sneuvelt.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten