Sy riidt yn nacht syn lêst kertier
mei faan en findel fan minister;
rombomt se soms as beiaardier
yn in ûnfoech en vogue register.
Ek strykt se salve oan har wurd
mei flaaikjen en mei segeningen;
wit spoartrajekten ôf te twingen
mei lippetsjinst by hite hurd.
Yn alle waar, oer ’t wide fjild,
oer keale dún en deade heide,
jeit har ’t begear nei ’t grutte jild
yn koarter tiid nei griene greide.
It bist – it hâldt net ho by nacht –
syn riidster bringt de ticketprizen
de poarte troch fan frije Friezen.
(Har glimk oerwint de hûnewacht.)
Noch foar’t de hoanne oan it hôf
begjinne kin ‘oerein!’ te kraaien;
dus, foar’t sinneblinken oer it lôf
op ekers tún en boulân saaie –
har skym, yn niis noch tsjusternis,
ûnthjit de swakste foarst présence
as adviseur par excellence.
En docht dan wêr’t se stjer yn is.
Justine – sa’t se, sei se, hiet –
sjongt foar de foarst by it lemieren
in modzich, brodzich treintsjeliet,
oant him it sop begjint te sieden.
,,Regaad hjirmei!”, ynienen brút.
Ydwine sil er potsen brouwe?
Mar hy ferjit syn dimmen frouwe –
gesante strûpt har nachtjak út.
De minsken sizze oer har foarst:
,,Wat kening ha wy ús oanhelle?
Wat is dat foar in slap hânswoarst,
ha wy foar sok in sûch betelle?”
Tsientûzen rize út it slyk,
yn alle flekken mar te finen,
ree om fûl te striden foar Ydwine,
fan Slikenboarch oant de seedyk.
In wekker liedsman riedt de grap;
Justine wol har lânslju roppe.
Om jinsen stedske wentekrapt’
moat ’t hele Fryslân yn ’e groppe!
Sadree’t se kenings riefrou wie,
de liaison wie kâld beslikke,
soe ’t heitelân syn taal ynskikke,
oant noait in Frysk wurd wer bestie.
Ydwine-leaf sit gaueftich fêst
yn ien fan kenings stege stinzen;
ferskoatt’le en gjin foarst ta lêst
dy’t achtet net it folk syn grinzen.
In toer ta blokhûs oait bestimd,
in tochtich hok, in sneu ein libben,
wylst ljidske moaiskyn en har sibben
de molke yn ’e mûle rint!
In nacht mei stoarmjend straffe wyn.
Fersetslju brekke om Ydwine
yn ’t swierbewekke tichthûs yn.
,,Wat rêdt ús fan dy Lelyline?”
Yn triennen andert wize frou:
,,Perfoarst gjin deputearrepraatsjes,
foarfêst gjin Hollânske dukaatsjes –
mar goedweihinne Fryske trou.”
Mei gripe, heafoark en mei bots,
mei skeppe, skoffel, slaai en bile
en stientsjelizzers giet it los:
tsientûzen boargers yn ’e file!
om ’t lilke bist fan in tiran,
dy’t harkje wol noch omstean leare,
foar iens en altyd op te kearen
by Bantegea bûten fredeban.
In slach by kenings twadde slot,
te pronkjen set oan ’t wetter Paezens
lâns ’t paad nei ’t lytse Moddergat,
bringt gau it boargerskeel ta klearens.
Ja, elk bestel dat lju útkiest
dy’t, gryslik slij nei jildopstriken,
bepleitsje Hollâns nijbouwiken:
dy stjerre falt, dy kears ferkniest.
De revolúsje is in feit!
De kroan komt oan ’e koarte leie,
Ydwine wurdt foarstinne wijd,
Justine mei yn knopen waaie.
Wat leart ús dit grouwélich dicht?
Gjin hearskers sille wy ferneare
dy’t tsjin ús âlde sin regeare
foar Fryske taal. En foar rom sicht.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten