zaterdag 17 september 2022
In Tsarskoye Selo [Anna Akhmatova]
I
Hynders yn galop de leane del,
har lange moanjes kjimde weagen.
Doarp fan riedsels, hoe’tst my kwelst,
it leafste plak waardst yn myn eagen.
Frjemd: de siele woe ferfolling,
mar smoarde suver ûnderweis;
en no bin ’k ek sa’n boartersding
as myn freon de papegaai.
Sjoch, ast wolst, ris goed my oan;
gjin spoar fan pine draacht myn hert.
Mar ’t lêste ljocht hat it bedoarn;
en wyn fan see; it wurd ‘fertrek’.
II
Myn dûbelgonger fan glêd moarmer
leit langút by dy âlde es,
lit syn each oer ’t wetter doarmje,
harket nei it risseljend bledt’.
Wylst de buien sparkjend waskje
de roofkes op syn wûne wei…
O, do kâlde, wite, efkes wachtsje,
aansen wurd ik moarmer mei.
III – Poesjkin
As jonge sombere er oer dizze leanen,
pandere ellindich op ’e marswâl.
In ieu al koesterje wy syn gean en
geroft fan stappen boppe-al.
De rûge tekken nuddels dy’t
grûn en stobben ôfdekt hjoed…
Dêr lei syn be-ezelsearde Parny,
en hjir, syn trijekante hoed.
[Anna Akhmatova, 1911]
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten