woensdag 14 september 2022

In nacht yn 'e neisimmer


                   Sara Regina Wouters Cloppenburgh

                   (1/4/1829 – 12/8/1849)




Sis my, Regine, hoe is ’t dy fergien?

Wat ha de stjerren boppe de seedyk dy sein?

Hasto op moannen, fiere planeten stien?

De Molkwei bereizge yn in bolderwein?


Wy twaën rûnen lâns de Roppert en de Ried

te doarmjen yn in dûbeld himelsk bestel:

op ’t wetter blonken Gods ljochtjes sa blier

as yn, dêrboppe, Syn ferrifeljend hielal.


In bûkeblêd oan in prikje wie dyn seil.

Dyn freon de wyn kaam oan, dyselde jûn,

en blies dy nei de iepene mûle fan it heil.

Hoasfuotlings, oer djipten sûnder grûn,


bist gien, moedich, mei in blink ta brûs

om de tehavene stjûne fan dyn skip,

mei ljochtsnelheid lansearre troch de slûs

op stjerrereis. Regine – hoe wie dyn trip?


En ik? Ik ha mysels, lang lyn, ferlern,

yn idelheid ferdien, útliend en ferkocht

oan myn ûnwisse, barste, skoarre stim

dy’t hjir op ierde om dyn antlit socht.


Dyn trekken seach ik yn elk iepen gesicht

en elk iepen gesicht wie my in dream,

in dream, dreamd oer dy yn in gedicht;

in blêd, in fallen blêd fan in bûkebeam.


Wat baazje ik – gjin minsk trêdet neist my.

De neisimmerblêden út ’e boupleatstún,

se wiggelje my, nei al dy tiid, noch foarby,

wêrhinne ik rin, wêrsanne ik strún.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten