Om ús fêste trêd yn ’t earste rinnen
fuort te setten, wa wit wêr,
om itselde noait net weisjen kinnen
by in misstap hjir of dêr;
om it skeamel omslach dat wy winne
te behâlden op ús reis,
om yn ’t gean in botsen te bespinnen
út deselde flarde fleis;
om ús kroast nei jierren grut te krijen
mei in wurd twa wize rie,
om har net te flaaien, noch te mijen,
mar te lieden nei de died;
om te praten mei deselde mûle,
stom te stean foar ’t selde stik,
om te skriemen by de swarte kûle
asto earder swijst as ik;
om te mienen, by it lot útlizzen,
dizze kear hat gjin foarby,
om ús mem, postúm, it oan te sizzen
dat ik earder fleach as dy;
om úteinlik yn it boek te lêzen
wat it krekt betsjutte mei
om tegearre broer en sus te wêzen,
heel de koarte libbensdei.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten