donderdag 1 september 2022

Eastersk lânskip mei powerlifter



Ik kin net sizze wa’t de twadde each-

appel is dy’t ik mei bliere eagen seach;


it jonkje mei in cowboyhoed op ’e kop

wol yn ’t no libje, en libje út ’e folop.


As mûnts dy’t mei ’t universum boartet,

wol er net yn eigen tosken bite moatte,


om himsels te kennen as in Lytse Pier,

op readfinnen fiskjend yn ’e Giele Rivier,


of as swiertiller oan trijehûndert pûn,

him fan hûs út tafallich te tillen jûn.


As begjinnend ekspert yn ’e alien gaze

is er stjerrereiziger yn syn happesjees,


grapkejeiend oer bybaan en Dasein

achter in feechmasine by Albert Heijn,


of, op skoalle, in abbekaat fan ’t ôflearen.

Myn twadde soan slagget alle kearen.


Soe ’k net witte wa’t er wol en net is?

Myn siele, myn lampe, myn tsjusternis?


Hy seit it al syn dagen Boeddha nei:

,,Gjin wei rint nei it lok; it lok ís de wei.”




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten