donderdag 1 september 2022

De pearse inketfisk



Dat ik no wol yn Wenen wêze woe,

mei dy, al wie it inkeld mar om

de donkerpearse inketfisk te sjen,

dy’t, legato, as in pompende long,

troch it opwaarme wetter dûnset

fan it glêzen Haus des Meeres

op it filmke datst my stjoerdest.


En, myn flewielen Hofburg-prins,

dan mei dy de Donau lâns rinne,

de slachier-rivier yn myn búk,

om in freonepetear te begjinnen

mei dy en dines, en datst samar

op dyn Pietro Guarneri fan Mantua

him ridels Frysk hearre litte silst.


Mar ik bin hjir. Ik helje in doek

oer foto’s dy’t my oerbliuwe

yn myn âld boek fol riedlingen.

Hingje slingers oer ’t stikeltried

yn ’t Noarderleech en sjong mei

Schubert yn ’e bedelte fan ’e dyk.

Ik lit myn soan nei fierten driuwe


fan twadde reprises, tredde helten.

Njonkelytsen falt oer my de jûn.

En wis, sa slim is ’t wier net – mar

datst net witte silste wat ik sis,

om’t stom myn stimme bliuwt en

’t each wurdblyn. Altyd skuldich,

myn lyts wyt wûnderknyn.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten