hat in granaatgat yn ’e muorre, dêr’t in helpershân
mei in earm deroan trochhinne kin.
In boer yn ’e bloei fan syn libben fersleept
mei syn kromferroaske hongerwintertrekker
in oan barrels sketten pânserpersoneeltsje.
Hâldt er ho foar wodka en augurken,
rekket er op ’e rin mei syn slavyske tonge,
siket moedeleas om 't oanbegjin:
,,Sinjalen, warskôgingen, drigingen”,
seit er.
,,Oan't fjoer it weet oanfette en yn ’e
aljaande ierde ús smeekbeaën ferbletten.”
Sjonge mochten se net mear. Seit er.
Dat publike mozayk yn Pripyat meldt nei 36 jier -
kreak, kreak - noch in ûnnoflike 0,0149 gray.
Gauris moetsje ik ek in presidint of premier.
En in wrâldlieder twa-trije, om’t ik op moai
snijde
donkerblauwe maatpakken fertrou.
,,Kom mei sjitark en kûgels, kom mei Mach 3
trochbrekkende clusterbomfûgels”, easkje se.
,,Velociraptors foar ’t effisjintste deadzjen.”
Ik moetsje myn baboesjka, dy ferjit it measte
yn har blauwyt opferve blokhut – ien fan
Maria’s goede wurken, of wie it Stalin?
Alina yn har wite tanktop. En Igor, kamûflearre
kosmonaut, harkjend nei in fierweie stim
út in transistorradio-op-batterijen:
‘Boris Johnson [kreak, kreak] has refused to drop
visa requirements for [net te ferstean]
fleeing the country as [ûnbegryplik] forces
continued to bombard
towns and cities.’
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten