vrijdag 28 augustus 2020

Bergen oan See

Parkearmeters bydel fljucht de floed op dy ôf 
en do rekkest kwyt fan hjoed op moarn of 
al earder spieldesto yn ’e brâning oan: 
goed te berikken, farske fisk, snapshot 
fan wytpleistere holidayfilla’s folhongen 
mei lila’s fan Monet en it boskje giele tulpen 
plakt oan de snút fan in snoekebek. 
Oranje binne de parasols en de earmbantsjes 
om nei de sinne ta te swimmen, dy’t al 
opflamjend sakket yn in gat dat nimmen ken. 
Bergen oan See. Dêr’t sân dat stien wie 
stoot oer ’t strân. Wa hast op ’e doele brocht 
mei dyn fuotprint, hast in ticket kocht foar tagong 
ta it skip dat dy folle seilen silend heucht? 
Do hast se foarkjes jûn foar de kibbeling. 
Hearring meie se al har hiele libben net. 
Wis neat te witten en net wiis, wiesto altyd 
de beuker foar wa’t de dunen bergen binne, 
ûnnimber sa heech. Dat dêr bisto ferdronken 
yn de eagen fan de âldste en de jongste beide.
Syn flaggen op it hotel plante de piraat
en gefaarliker as dy dei spûke noait wer de see.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten