Yn ’e oksel fan ’e weachbrekker einet in stream,
oait plûns, sturtswaai, ôfslach fan in fisk.
In swinken, fin- of kloerferroeren yn ’t begjin,
spielt oan op twa kante meter skulpen
foar de fuotten fan myn soannen.
De jongste hat ‘The Force’, seit er.
De âldste spilet Schubert op ’e seedyk.
Beide sjugge better nei de kwabbe,
de namme is seepoddestoel of blomkoalkwabbe.
,,It liket”, seit de ien, ,,op in lekke fuotbal.”
,,Nee”, wol de oar, ,,’t is romteskom,
flokken oanwaaid fan wit wêrwei,
út in oare diminsje of in parallel hielal.”
Yn it fertroude inoar ferstean fan bruorren
krûpe beide oer de blokken neier oan it ding.
Trije ûnwittende begjin- en einpunten:
soan ien, twa en in hast deade kwabbe,
op Ropta fergearre om nei elkoar te sjen.
It wêzen reitsje se net oan. Strânflieën
hâlde duveldei op twa kante meter sân.
Passe se net foar wûnder byinoar,
dizze ûndersikers, op earbiedige ôfstân,
sa ferskillend, en dochs foar elkoar makke?
Respektearjend inoars privacy,
‘social distancing’ fanselssprekkend?
Ik sis, dizze kwabbe kin ús net mear stekke.
Ik jou de kamera in tel fan myn tiid
en wylst de ynkommende Friesland ‘hoi dêr!’ toetert,
de minsken gean lit yn ’e feilige haven fierderop,
springe de bern fan ’e brekkerpunt yn see.
Unberikber foar aaklike tentakels,
ûnferskierber fongen yn ’t ûnthâld
de op ’e wyn oanspielde farrensgast,
swimme se frij. Dalik nei de moeting
lústeret de dûbele núnder fan in nije stream.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten